Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
136 results
Narrator Gender: m Place of Narration: Drachten
Der wienen skuorren yn Grinslân op 'e klaei yn 'e bouhoeke, dêr spoeke it yn.
Oan 'e Noarder Dwarsfeart by de Hegebrêge hat in Grinslânse boer wenne. Dat wie in sekere Mandema. As jonge haw ik feint by him west. Ik slepte boppe op in keammerke. Ik hearde soms dúdlik guon by de trap opgean nei de souder. Stap-stap-stap! sa klonk it. Ik woarde binaud en sei it tsjin 'e boer. De boer sei, dat wienen de âlde feinten fan froeger, dy...
nl.verhalenbank.19852
Auke Hornstra Rustoord, Drachten (B99) (komt fan Goutum (B57a)) fortelt: Yn Goutum wie in hûs, dêr spoeke it. Dêr dounse in pispot by in frou op 't bêdsbuordtsje.
De Advokatekampen hat men dêr ek. Der ha se trije advokaten út 'e Sweach wei hinne transporteard. Dy spûkje dêr nou altyd noch om, is de hiting.
Wy hawwe mei de fiskersaek wol yn 'e Earnewarren lein by 't Jehannes Douwes lân. Dan seinen se: "Doare jimme dêr wol lizze?" Hwant dêr reizgen altyd trije froulju lâns, dy spoeken dêr, seinen se.
Op 'e Folgersterloane rint in fôlle mei in brijpot, sizze se.
Tusken Garyp en Aldegea lizze trije kampen lân achter elkoar. Op ien fan dy kampen spûket it, sizze se.
nl.verhalenbank.24857
Mem kaem fan de Wylgen. Hja hienen dêr hwat buorkerije by har folk. Soms gong it dêr jouns by har op 't spultsje allerdonderst oan wei. Dan gong beppe nei achteren ta, fortelde mem. Dan waerden de doarren iepen smiten. Mar as beppe seach, wie der net ien. Hja tochten dan dat de kij fan 'e stâl wienen, mar dat wie net it gefal. It spûke dêr.
Wy wienen us op 'e Grinzer klaei oan 't wjudden. Wy slepten nachts yn in boereskuorre. Froeger wie der in lûk by de boereplaetsen boven yn 'e souder. Doe foel der us ien troch 't lûk hinne. Dy wie opslach dea. Sûnt woarden dêr nachts de skuorredoarren altyd iepen dien sûnder dat der ien to sjen wie. Dat gebeurde om sa'n tolve ûre hinne. Dat mat dyselde...
Mem har âlden wennen to Bakkefean yn 'e Lange Jammer. Yn 'e tiid dat mem in famke wie gebeurde it faek let op 'e joun of yn 'e nacht, dat der turven fan 'e souder smiten woarden nei ûnderen ta. Gongen se der hinne om to sjen, dan wie der neat to rêdden. Pake sei dan: "Dêr komme de turven wer nei ûnderen ta." It gebeurde ek wol, dat der hielendal net iens...
Yn 'e Houtigehage stie in hûs, dêr spûke it yn. Dêr yn dat hûs ha in soan en in dochter har beide fan kant makke. Sûnt dy tiid spûkje dy beiden dêr. 't Is noch famylje fan my.
Op 'e Oene-Hindriksreed spoeke it. Guon hienen dêr wol ris hwat sjoen. Alde Hinse hie syn boadskipkes dêr ris forspile. Dêr hie hwat west, doe wie Hinse fan binaudens útnaeid. "Doe bin 'k de oare kant omflein", sei er. "Gean der moarnier mar hinne om to sjen." Doe hie syn doekje mei boadskippen dêr noch lein. Guon hienen dêr ris hwat lâns fleanen sjoenen.
Giet men de Omloop del nei Surhústerfean ta dan komt men it spultsje fan Japik Kikkert foarby. Dêr stie nachts altyd de Skûrdoar iepen. Dy koe net ticht, hwant it spoeke dêr. Dêr hie in frommes har ophong.
To Hurdegaryp stiet in slot, dêr hat Hindrik Smit froeger yn wenne. De poarte fan dat slot stie moarns altyd iepen, ek al dienen se him de jouns tofoaren ek nòch sa goed ticht.
nl.verhalenbank.25061
Op 'e Hearrewei tusken Nyegea en Sumar spoeke froeger in frommes, dêr wienen in hiele bult lju bang foar. Hja wie alhiel yn 't swart klaeid.
Heit fortelde dat er yn 'e Potmarge to Ljouwert op in plak in berntsje út it wetter wei by 't roer opklaude en as se dat plak foarby wienen, dan wipte it der wer ôf. Dat berntsje hie gjin klean oan.
Pake (oan 'e frou har kant) bihandele beppe net bêst. Trije dagen foar syn dea seach er beppe op 't fuottenein. Doe wie beppe al jierren wei. Letter kom heit by 't bêd en doe sei er hyltyd mar: "Leave memke, leave memke."
nl.verhalenbank.22923
It gebeurde op 'e Dwarsfeart gauris dat de tsjernen út harsels nachts bigongen to ratteljen. Hwat dat wie ha 'k noait bigrepen hawn, ik ha 't sels wol heard.
nl.verhalenbank.19853
Op 'e Boelensloane, by de hulzebeam, tichte by 't Blauhûs, roan altyd in houn mei in brijpot om 'e hals, seinen se. Dy spûke dêr.
Yn Aldegea, oan 'e Westkant fan 'e buorren, rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Yn 'e Opperbuorren, by de boereplaets fan Wiger Ates Kooistra (dêr't nou in de Boer wennet) ha se dy fôlle sjoen, wurdt der biweard.
136