Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
324 datasets found
Narrator Gender: m Place of Narration: Opende
In Lukaswolde, gemeente Grotegast, woonde een frou, die zei al een dag of wat van teforen: die en die wordt dan en dan begraven. 't Kwam altijd uit. Ze was mei de helm geboaren.
Jan Hepkes koe tige harje neffens syn sizzen. Op in kear hied er oan 't harjen west en doe hied er forgetten it harspit út 'e groun to heljen en doe meande er de hiele kop fan 't harspit ôf. Sa skerp hied er de seine harre.
Mem fortelde, hjir yn 'e Pein hat in huzinge stien mei in gracht der by. Dêr is alris in frommeske formoarde woarn. Sûnt seach men dêr nachts in frou yn 't wyt troch de gracht hinne rinnen. Dat wie dat formoarde frommeske.
Der wie in fint dy swearde en swetste altyd bot. Op in kear kaem er út 'e kroech. Doe hied er bot flokt en sein: "Ik bin foar de duvel net bang." Dy fint dat wie in koopman, hy handele yn gongelstokken. 't Wie de jouns let doe't er út 'e kroech kaem. 't Gebeurde hjir yn 'e Pein. Hy wie op wei nei hûs ta. Doe't er op 'e Skieding wie kaem der in swart beest...
nl.verhalenbank.37577
Der waerd ús froeger altyd foarhâlden noait by nacht midden op 'e wei to rinnen, hwant dan koe 't gebeure dat men tsjin in lykstaesje oproun.
Myn mem hie in suster, dy is jong stoarn. Dêr hie mem tige mei to krijen. Mem wie doe al troud. Heit en mem leinen op in joune op bêd, doe sei mem tsjin heit: "Ik woe wol, dat ik myn suster nochris seach." Heit sei: "Dat soe ik net graech wolle." Even letter kaem mem har suster by 't bêd. Doe hat se tsjin mem praet. Mem hoefde net oer har yn to sitten,...
nl.verhalenbank.37574
Us pake en beppe wennen hjir yn dit hûs. Op in joune let leinen se op bêd, doe kaem myn omke thús. Hy gong nei 't bêd fan pake en beppe ta en sei: "Der is brân, hjir tichteby. It hûs fan Wiggele van der Veen stiet yn 'e brân." Pake en beppe kamen gau fan bêd ôf, om to sjen. Mar de beide âlde minsken seagen neat. "Sjogge jimme it dan net?" sei omke, "it is...
Dêr kaem ris in greatjonge fan sa'n 16 jier by Kijlstra, de betonman yn Drachten. 't Wie bikend dat dy jonge o sa sterk wie. Hja laedden safolle potlân op 'e kroade, dat doe't hy dêrmei fuort soe, hâldde er de beide hantfetten allinne beet.
As de houn spûkgûlt dan leit der ien op stjerren. Wy ha 't hjir hawn dat hjir njonken de dochter forkearing hie mei in feint. Mar doe rekke dy forkearing yn 'e hobbel. De feint wie fan plan har dea to sjitten. Hy rekke har, de kûgel gong troch de hals hinne, mar sy wie net dea. Fuort dêrnei skeat er himsels dea. It fanke is wer better woarn. De jouns fan...
Froeger seach men hjir op 'e Skieding hipljochtsjes. Dat wienen foarboaden fan 'e huzen dy't der letter kamen.
Wy sieten froeger altyd achter in ljochtsje oan jouns. Joun op joun wie dat ljochtsje dêr. 't Wie op Topweer. Omke sei: "Tink der om, dêr komt skielk in wei." En hy hat gelyk krigen. Dêr is letter in hurde wei kaem.
Albert Gjaltema fan Gr. Pein hie in wikseldaelder, seinen se. Dy hie altyd wol sinten.
Frijmetselers binne manlju, dy't altyd wol jild om hannen ha. Hja binne oan 'e duvel forkocht.
Rikele Myt fan 'e Skieding wie in tsjoenster. Dy koe har yn in swarte kat foroarje. Op in kear wie der in man op jacht. Dy skeat op 'e swarte kat. It each wie der út. Dy kat, dat wie Rikele Myt.
Yn 'e Twizeler Mieden wenne in âld wiif, dy hie in swarte spegel. Dêr reizge it jongfolk wol hinne om dêr yn to sjen.
Trape men op in pod, wie 't sizzen, dan kaem der swier waer.
Knjillis Alma wenne yn 'e Harkema. Hy wie better bikend ûnder 'e namme fan Knjillis Hut. Hy roun altyd to skoaijen en kaem oeral. Hy kaem ris ergens by minsken, dêr leinen in stik of hwat deade hinnen op it hiem. Dy wienen forgiftige. "Dy wol ik wol ha", sei Knjillis Hut, en hy naem se mei. Doe joech er dêr ien fan oan Tsjerk Sas, dy wenne ek yn 'e...
nl.verhalenbank.31923
Jan Hepkes fortelde, op in kear wie er nei Ljouwert ta fytst. It lêste ein sliepende. De brêge wie ôf. Dêr stienen in stik of hwat minsken foar to wachtsjen. Doe fytste Jan tsjin ien fan dy minsken oan. Dy ried er ûnderstoboven. "Hoe ha jo dit sa hawn?" frege dy man. "Ik hie my krekt efkes deljown", sei Jan Hepkes.
Jan Hepkes fan Surhústerfean koe 't moai fortelle. Hy hat neffens syn sizzen in kear de kop fan 't harspit ôfmeand.
Dyselde Sjirk wie mei syn soan op in joun op stap. Doe seach de soan hwat, dat like op in minske. 't Wie yn de Pein. Syn heit frege him: "Rint it of sweeft it?" "It sweeft", sei de soan. "Set dan sok", sei Sjirk. En doe gong it op in draf dêr wei.
nl.verhalenbank.31917
0