Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Narrator Gender: female Place of Narration: Zandbulten
Imke de Jong ontsnapte út elke gefangenis. Sy koenen him achter gjin inkelde doar hâlde. Op trije plakken tagelyk ha se him sjoen doe't er ta de stêd útgong.
nl.verhalenbank.27443
Fan in tsjoenster mat men noait hwat oannimme, hwant it kin foroarje yn in pod. Trapet men op in pod, dan komt der tonger, wurdt der wol sein.
nl.verhalenbank.27452
Stammerige Harm, seinen se, hie in wikseldaelder. In wikseldaelder, as men dy útjowt, dy komt altyd wer yn 'e knip tolânne. Myn swager sei, Stammerige Harm koe mear as sljochtwei. Hy koe tsjoene. Jouns hong er de lege pong bûten oan 'e kruk fan 'e doar. De oare moarns wied er fol jild. Soks dienen de frijmitselders ek. Mar dat koenen se mar trije kear...
nl.verhalenbank.27438
Freark Visser op 'e Broek wie frachtrider. Syn frou wie in tsjoenster. Wy hienen trije hynders. Freark Visser nom de hjouwer foar dy hynders mei út Dokkum. Myn broer Harm helle de hjouwer jouns let noch wol us by Freark wei. It wie al in kear of hwat gebeurd, dan seach er yn 't tsjuster in frommeske nei 't hinnehok tagean. Dat wie gjin goed spul. Meester...
nl.verhalenbank.25646
Klaes Wytses v.d. Meulen wie kastlein to Broek. Hy hie us in kear in man by him yn 'e jachtweide sitten, dy syn namme wol my nou net yn 't sin komme. Der stie in flesse drank boven op 'e tapkast, dêr krige dy man hwat út. Doe sette Klaes dy flesse dêr wer del. Doe't er sa in pear hawn hie, sei er tsjin Klaes: "Ik sil dy flesse drank dêr wei komme litte,...
nl.verhalenbank.27456
In nicht fan ús wenne yn Kollumersweach. 't Is sahwat in tsien à alwe jier lyn, doe wie hja fiifentritich jier, doe foun se by har famke in krâns yn 't kessen. En dêr siet yn 't kessen ek noch in kraechje fan it famke har jurk. Har famke wie altyd syklik en it stie by myn nicht fêst, dat har dochterke wie bitsjoend. Hja hie fuort ien op it each, dy't it...
nl.verhalenbank.23895
Alde Auk wie in tsjoenster. Hja wenne yn 'e Leijen en stookte yn 'e winter altyd skjûden yn 'e fjûrpot. (skjûden = afval van vlas; brandstof voor behoeftige lieden) Mei't pake en dy in protte braekten, hienen dy skjûden to keap. Wy wennen yn Broek. 't Wie yn 'e winter en beppe wie nei Bonte Houn ta, dêr leinen har âlders mei 't skipke. Mem en Minkmoai...
nl.verhalenbank.25647
Myn man hie in neef, dat wie Ielke Hottes Kooistra, dy hie yn syn jonge jierren forkearing mei in sekere Tiet. Dy wenne yn 'e kolonjes yn Broek. Doe seinen se ris in kear tsjin Ielke: "Wytst wol dat it in tsjoenster is?" "Né", sei er. "Nou," seinen se, "it is wol degelik sa." "Dan meitsje ik it snein-to-joun út," sei er, "as ik wer by har kom." En dat...
nl.verhalenbank.27453
Myn broer Gosse wie fjirdel jier âld ( = 3_ jaar), doe koed er noch noait rinne. Alde Pôpe biltsje dy wie altyd by ús. Hy wie keppelbaes en mollefanger ensa, mar hy paste ek faek op ús Gosse. Sy seinen altyd, hy wie in tsjoenster, mar dêr hienen wy ús noait folle oan steurd. Mar doe woarde Pôpe siik. Dat gebeurde wylst er by Hindrik Tammes yn 't bargehok...
nl.verhalenbank.25649
9