Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 results
Narrator Gender: female Place of Narration: Veenwoudsterwal
Jehannes koe de minsken ek stean litte.
nl.verhalenbank.38097
De tange hat er wolris dounsje litten op 'e hurdplaet.
nl.verhalenbank.38096
As tsjoensters hwat út 'e wei set hienen, kamen se by elkoar en hâldden in douns.
nl.verhalenbank.19649
Alde Fije Antsje wie in tsjoenster. Mar Fije woe dêr gjin praet fan hearre. Dy sei: "Ik kin tsjoene, mar Antsje net."
nl.verhalenbank.19650
Hy hat ek ris in petroaljekarre stil stean litten. Doe woenen de hounen net mear lûke. Sokke dingen die er altyd.
nl.verhalenbank.38098
Myn man syn mem fortelde, hja siet ris yn 'e trein, doe siet Jehannes Meerstra dêr ek yn. Doe gong ynienen 't ljocht út yn 'e trein. En dat gong pas wer op doe't se útstapten to Feanwâlden. Dat hie Jehannes him lapt mei syn duvelskunsten.
nl.verhalenbank.38094
Der wienen in keppel tsjoensters yn dizze kontreijen, dy koenen har yn katten foroarje. De oanfierder wie de kat Moazes. Jouns gongen dy katten yn in bargetrôch oer de Burgumermar hinne nei de oastkant en dêr dienen se dan yn 'e nacht har tsjoensterkunsten. De moarns bitiid kommen se werom oer de Mar. As se dan op 'e kant wienen op 'e droechte, dan sieten...
nl.verhalenbank.19647
Klaes Boskma hie in stik lân, dêr helle er 't hea út mei in hynder. Njonken dat lân wie bou. Dêr hie Jehannes Meerstra tún. Dat lân fan Klaes wie tige ûnsljocht en sa moest er op in stuit by in hichte op. It hynder koe 't net dwaen, dy koe der net by opkomme mei de folle wein. Dat like fremd, hwant oars koe 't hynder 't altyd wol dwaen. Mar nou koe Klaes...
nl.verhalenbank.38103
Beppe hat njonken in âld-minske wenne, dat wie in tsjoenster. Op in kear kom beppe har broer by dat âld minske yn 'e hûs. Doe hie dêr in boek op 'e tafel lein. Dat wie in toverboek, mar dat wist hy net. Doe bigoun er dêr yn to lêzen. Mar doe gong it raer. Doe wienen der allegear katten ta de hurddobbe út kaem. Even letter kaem 't âld-minske der yn....
nl.verhalenbank.19637
Frâns Petroalje helle ris in fet mei petroalje fan 'e boat. Dat rolle er oer de wei, mei hekken der oan. Doe passearde er Jehannes Meerstra, dy sei tsjin him: "Pas op, dat dy hekken der net ôfgean, hwant dan kinne jo de petroalje net thús krije." "Né," sei Frâns, "mar dat is noch noait in kear gebeurd." Hy hie 't net sein of dêr leinen de hekken der ôf....
nl.verhalenbank.38179
Jehannes Meerstra wie ris op in kear by ús, doe stie der in ynstektsjettel by ús yn 'e kachel. Dêr siet hyt wetter yn. Ien fan 'e bern stie der ticht by. "Pas mar op," sei Jehannes, "dêr kin samar in flap hyt wetter út komme." "Né," sei mem, "dat is noch noait gebeurd." Mar hja hie 't net sein, of 't wie al sa. Der foel in flap hyt wetter oer de flier, út...
nl.verhalenbank.38180
Myn man wie ris op in joun yn 'e herbech om in kopke thé. De soan fan 'e kastlein, Klaes, soe petroalje yn 'e lampe dwaen. Jehannes Meerstra siet der ek. "Pas op," sei Jehannes tsjin Klaes, "dat de brânder net yn 'e brân fljocht." "Né," sei Klaes, "dat is noch noait gebeurd." Hy hie 't net sein, of dêr fleach de brânder yn 'e brân. Dat wie Jehannes syn...
nl.verhalenbank.38181
Myn man syn broer en frou: Klaes en Froukje wennen achter Jehannes. Doe sei Jehannes op in kear tsjin har: "Ha jim 't fannacht ek tongerjen heard?" "Né," sei Froukje, "ik ha neat heard." "Nou," sei Jehannes, "it hat oars fannacht frijhwat tongere." Doe't se de moarns achter kamen, doe seagen se dat de hiele baggelerbult om wie. Dat hie Jehannes dien.
nl.verhalenbank.38095
Jehannes Meerstra wenne op 'e Wâl. Dy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Hy koe ek samar yn 'e wyn op sile. En op 'e naed fan 'e skuorre liet er in hiele team hinnen rinne, achter elkoar oan mei de hoanne foarop. Op in kear wie 't wurkfolk op 't sûkerijfabryk. Guon wienen oan 't stampen, oaren oan 't stoken, doe sei der ien sa: "Hwat hie ik...
nl.verhalenbank.19638
Martens Bauk hie in nicht, dat wie Griet. Dy lake altyd sa. Der koe net hwat wêze, of hja bigoun der om to laitsjen. Jehannes sei: "Dat sil 'k har ris ôfleare." Doe soed er har de rokken ôfsakje litte. Hja moest se mei gewelt beethâlde, en har broek ek, hja koe 't hast net forhinderje. Hja die gau de bêdsdoarkes iepen. Hja is doe nuver op bêd rekke. Mar...
nl.verhalenbank.38182
15