Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 results
Narrator Gender: female Place of Narration: Twijzelerheide
Froeger hienen de measte minsken om ús hinne duveldrek ûnder 'e drompel foar de tsjoensters.
nl.verhalenbank.23423
Om tsjoensters to kearen brûkten se duveldrek.
nl.verhalenbank.23773
As in âld minske froeger in doek om 'e holle hie dan gong se foar in tsjoenster troch.
nl.verhalenbank.23417
In tsjoenster koe troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.23428
Klaes Tammes fan 'e Godloaze Singel liet eintsjes ta de hurddobbe útkomme.
nl.verhalenbank.22159
Klaes Tammes liet soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme. Hy wenne oan 'e Godloassingel. Hy die it us in kear, doe wienen der praters. De soldaetsjes kuijeren de hiele keamer yn 't roun. De praters waerden sa bang, dy naeiden út.
nl.verhalenbank.21980
Stammerige Harm woarde ek wol neamd Ekse Harm (= Hekse Harm?). Hy koe tsjoene en foroare him soms yn in kat. Minne Ael, dy't by de Swôdde wenne, wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.23776
To Grins kochten Ymke en Auke en Wytse in pakje tabak foar in dûbeltsje. Ymke bitelle de man. Hy lei de sinten op 'e toanbank del. Mar doe't de man se krije soe, leinen der gjin sinten. Ymke sei: "Nou opgepast. Nou sil 'k se jo yn 'e hân dwaen." Hy lei se de man yn 'e hân, mar doe't er him omkearde wie de hân leech. Sokke kueren hied er altyd. De man hat...
nl.verhalenbank.22028
Wy ha twa jier njonken stammerige Harm wenne. De minsken seinen dat er tsjoene koe. De man hie altiten wol jild. Hy wie oan 'e duvel forkocht, seinen se en hy hie in wikseldaelder. Mar hy wie ek ôfgryslike deun en sunich. As er ûnderweis út 'e broek moest, died er syn bihoeften yn 'e bûsdoek. Hy pakte 't yn en naem it mei en lei it by him thús op it...
nl.verhalenbank.20117
Yn 'e maert, seinen se altyd, dan hâldden de katten in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen op in stik lân of op in sânwei. Dan doarsten de minsken dêr net lâns, hwant it wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.23421
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane yn Boelensloane. It wie in âldomke fan my. Syn wiif Tryn (Snipel) wie in suster fan myn beppe Antsje (Snipel), dêr't ik nei neamd bin. Minse Griper hie in toverboek. As er dêr yn lêsde dan kommen der soldaetsjes ta de hurddobbe út en dy bigongen to marsjearen. As er achterút lêsde, gongen dy soldaetsjes wer moai ta de...
nl.verhalenbank.20092
Ymke de Jong siet op in kear yn 't loazjemint fan Grinzer Nijesilen. Hy hie hwat úthelle. Der kamen trije plysjes oan, dy hellen him op. Ymke sei tsjin syn wiif, dy't ek yn 't loazjemint siet, hja moest it iten mar foar har beiden rémeitsje; hy soe dan en dan wer thús wêze. De plysjes brochten Ymke nei Grypskerk ta. Dêr woarde er yn 'e toer opsluten. De...
nl.verhalenbank.22026
Auke de Vries en Wytse, beide út 'e Westerein, sieten op 'e boat dy't fan Appingedam nei Grins farde. Ymke de Jong siet ek by har op 'e boat. Mar Ymke hie gjin sinten, dat it stie slim, as it aenst op biteljen oankaem. Auke en Wytse spilen hwat op 'e harmoanika. Ymke frege of er ek even spylje mocht. Ymke krige de harmoanika, mar hy raspte der sa bot mei,...
nl.verhalenbank.22027
13