Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: naloop Narrator Gender: female
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite. Hwant dan wurdt men sels bitsjoend.
nl.verhalenbank.19451
Froeger hienen de measte minsken om ús hinne duveldrek ûnder 'e drompel foar de tsjoensters.
nl.verhalenbank.23423
Om tsjoensters to kearen brûkten se duveldrek.
nl.verhalenbank.23773
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
As men in apel fan in tsjoenster kriget foroaret dy yn in pod. Men mat altyd in stikje apel weismite. Dan wurdt dy pod noait folwoechsen.
nl.verhalenbank.25613
As men trije krúskes op 'e wei set, kin de tsjoenster jin net pakke. Men mat noait trije kear achterelkoar 'ja' sizze op hwat in tsjoenster jin freget, hwant dan hat se jin yn 'e macht. Hat men in koarste roggebrea yn 'e bûse, dan kin gjin tsjoenster fet op jin krije.
nl.verhalenbank.24062
As bern woarde ús forteld, as wy hwat opieten, dat in tsjoenster ús joech, dan krigen wy in pod yn 't liif. Om dy kwyt to reitsjen, moest men safolle griene sjippe en in stik of hwat spjelden en safolle wetter dêr op mei elkoar siede. Dan moest men dat focht dêr ôf dreagje. En dan moest men fan dat focht nou en dan hwat opdrinke. Men woarde dan bot...
nl.verhalenbank.21096
De boeren fan Feanwâldsterwâl hienen allegearre in stik duveldrek yn in pûdtsje yn 't bargedrinken, oars woenen de bargen net groeije. De bern hienen duveldrek op 't boarst, ek yn in pûdtsje oan in bantsje. Dat wie fanwege de tsjoensters. Guon hienen duveldrek ûnder 'e drompel, dan koenen de tsjoensters net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.24158
As men in apel fan in tsjoenster krijt, mat men dy apel noait hielendal opite. Hwant oars krijt men in levende pod yn 't liif. Wy mochten ek noait trije kear achter elkoar "ja" sizze. Hwant dan hie de tsjoenster jin yn 'e macht. Der wie froeger in jonkje, dêr boarten wy wol mei. As der in âld minske foarby gong, dan sei er altyd: "Ien âlde duvel, twa,...
nl.verhalenbank.20735
Us beppe wie froeger tsjinstfaem. Op in kear roan se mei noch in oar famke even nei hûs ta. 't Wie op in joun. Dat famke praette nochal lûd. Doe sei beppe tsjin har: "Wy matte net sa lûd prate, hwant ús Hindrik wyt alles as ik thús kom, hwat wy tsjin elkoar sizze." Doe hie se sein: "As wy wer prate, mast ris achter ús sjen, hwant dat is ús Hindrik, dy't...
nl.verhalenbank.23528
10