Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
79 results
Dutch Keywords: heks Narrator Gender: female
Stammerige Harm fan Sweagerbosk wie èk in tsjoenster.
nl.verhalenbank.36826
Grootvader van mijn man was vischkoper. Als er nu bij zijn visch een bot aan boord kwam die geheel wit was, dus geen of haast geen zwart op zijn huid bezat, dan werd dat "botje" gauw weer overboord gegooid, "want dat was vast en zeker een kol."
nl.verhalenbank.13318
Alde Klaes Skeltes Tryn koe fleane.
nl.verhalenbank.12238
Froeger hienen de measte minsken om ús hinne duveldrek ûnder 'e drompel foar de tsjoensters.
nl.verhalenbank.23423
Om tsjoensters to kearen brûkten se duveldrek.
nl.verhalenbank.23773
As in âld minske froeger in doek om 'e holle hie dan gong se foar in tsjoenster troch.
nl.verhalenbank.23417
In tsjoenster koe troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.23428
Jan Hepkes koe mear as in oar. Hy koe om 'e bocht sjitte.
nl.verhalenbank.23460
Greate Jel wenne oan 'e Houtigehaechster wyk. It wie in tsjoenster. Hja hobbele yn 'e nacht mei in oanret skelkje foar op 'e planken om. Guon ha har dêr wol sjoen.
nl.verhalenbank.25619
Dieselde Siuwke die had een neef, se seiden as die fluitte, dan kwam der in wolk fan duven aan. Moeke sei, 't was in oud tsjoenster.
nl.verhalenbank.32615
't Gebeurde wol faek dat sa'n kat in opdonder krige. Dan hie de tsjoenster de oare deis in doek om 'e holle of sa.
nl.verhalenbank.25609
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Janne en har dochter Luts wennen yn Houtigehage oan 'e Skoallewyk. Ritske Postma seach dat Janne en Luts op in nacht oan 't boartsjen wienen op 'e planke dy't oer de wyk lei. Sy rekken de planke net, mar sweefden. 't Wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.25928
As Stammerige Harm der nachts op út wie, dan lei syn pânse by de frou op bêd. Dy hienen se stikken prippe matten, dan hied er dea west, de dogeniet!
nl.verhalenbank.23741
As in tsjoenster der yn 'e nacht op út giet, dan lit se har pânse op bêd achter. Dêr leit har man dan njonken.
nl.verhalenbank.24154
Gjerte Jel en Janne Luts wienen mem en dochter. Hja koenen allebeide tsjoene. Sy gongen jouns op 'e biezem sitten en sa fleagen se troch de loft. Guon ha har alris oer de wyk fleanen sjoen.
nl.verhalenbank.25880
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Sy ha yn Feanwâldsterwal in kat al us omraek tramtearre. Doe lei de tsjoenster de oare deis siik op bêd.
nl.verhalenbank.24152
As se de krânsen opbrânden, dan forgong de tsjoenster fan 'e pine. As se yn 'e krânsen stutsen mei nuddels, dan krige se ek pine.
nl.verhalenbank.24153
Alde Willemke, dy't foar ús oer wenne, wienen alle bern bang foar. 't Wie in tsjoenster. Wy makken faek mei de punt fan 'e klomp in krús oer de wei, dêr koe se net oer hinne komme, seinen se.
nl.verhalenbank.34618
Stammerige Harm woarde ek wol neamd Ekse Harm (= Hekse Harm?). Hy koe tsjoene en foroare him soms yn in kat. Minne Ael, dy't by de Swôdde wenne, wie ek in tsjoenster.
nl.verhalenbank.23776
82