Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: hand Narrator Gender: female
En d'r was ne man, die ha zo veul praots en een andere man zee: "We ,zulle is een slot op oewen mond zette!" En toen hij dee z'n hand naar de mond van die man. En toen kon die niks meer zegge.
nl.verhalenbank.72742
Alde Janke Mozes fan 'e Harkema gong foar in tsjoenster troch. Hja hie in blau doekje om 'e nekke hinne en hie de hannen yn 'e ploaijen fan 'e rok. As wy kofje fan har krigen op it lân, smieten wy it stikum fuort.
nl.verhalenbank.17598
In oar staeltsje fan syn kinnen: Op in kâlde hjerstdei leine der in trijetal strjitmakkers yn Makkum to fluorjen. Lantinga makke in praetsje mei harren oer it kâlde waer en sa en tocht, se soene wol sin oan hwat waerms ha. Meiiens treau er elk fan harren in gouden tsientsje yn 'e hân en gyng fjirder. Dat wie trewis! De mannen sa út it wurk wei nei de...
nl.verhalenbank.50532
De minsken wienen och sa binaud foar âlde Ot. Hwant hja hat ûnderskate skiep en geiten en kninen ensa deatsjoend, by ús beppe en harren meast geiten. Dan struts se der mei de hân oerhinne. Beppe hat wenne by Bareld Hoogsteen. As Ot der oan kom sei Bareld, dy't boer wie: "Wy matte gau sjen, dat wy 't tsjernjen dien krije, hwant âlde Ot komt der oan. Dan...
nl.verhalenbank.21393
Wy hienen mar ien koe. Dêr wienen wy wiis mei. Der kom op in kear in keardel by ús. Dat wie Jehannes Bekkema. Dat wie in tsjoenster. Dy gong nei de koe ta. Hy struts mei de hân earst oer de iene side en doe oer de oare side hinne. Ik sei tsjin Sierd: "Dit is mis. Jehannes hie net by de koe wêze matten, hwant 't is in tsjoenster." En 't kom al sa út. De...
nl.verhalenbank.21107
Us jonges (myn bruorren) hienen us in pear fûgeltsjes yn in stove op 'e kachel, dan bleauwen de dierkes yn 'e waermte. Doe kom âlde Hindrik-om deryn. Hy sei: "As de fûgeltsjes great binne, dan mat ik der ien fan ha." Mar doe't er fuort gong wie, wienen de fûgeltsjes even letter dea. Hy hie de kweade hân. (bynamme: Hindrik Pyk)
nl.verhalenbank.23529
Ot hie in paedtsje foar de doar lâns. Op in kear gong se nei de winkel fan Barelds Antsje ta. Hja moest beppe en dy's hûs foarby en ûnderweis yn 'e rin striek se mei de hân oer beppe en dy's geit hinne, dy't dêr oan 't spit siet. De geit die in pear slaggen yn 'e rounte en dea wied er.
nl.verhalenbank.21458
9