Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
50 results
Dutch Keywords: betoverd Narrator Gender: female
Fan in tsjoenster mat men noait hwat opite. Hwant dan wurdt men sels bitsjoend.
nl.verhalenbank.19451
Dat vrouwgie van de kleermaker, as die de klompemaker voorbij zag gaan, dan zee ze altijd: "Hij heb mij betoverd". Want die klom- pemaker, dat was een tovenaar, werd d'r gezegd.
nl.verhalenbank.70430
Marij dy hat har eigen bern Bet bitsjoend. Marij stuts harsels nou en dan yn 'e side. As se dat die, dan raesde Bet it út fan 'e pine.
nl.verhalenbank.21335
Us mem en dy ha fan bern oan altyd lapkes mei duveldrek op 't boarst hawn en doe't wy noch fan dy bern wienen droegen wy dat ek. Dat wie der allinne om dat de tsjoensters ús net yn 'e macht krije koenen.
nl.verhalenbank.21390
Wibe Kloetstra syn beppe Ymk wie in tsjoenster. Sy wenne op Burgumerheide. Wy hienen in skiep, dat hie se bitsjoend. It beest wie alhielendal wyld en fleach by de muorren op. Doe ha wy Alle (fan Burgumerheide) komme litten en dy hat hwat guod op it sket dien, dêr't it skiep troch moest en doe wie 't samar genezen.
nl.verhalenbank.18099
Oan dit singeltsje wennen Jan Wessels en Hindrikje. Jan Wessels woarde siik, mar doe't er op syn stjerbêd lei, koe de man noait dea. Doe kom Jan Oenes der oan. Dy gong nei him ta en doe wied er samar dea. Jan Oenes hie him bitsjoend. Dy moest earst komme, earder koed er net stjerre.
nl.verhalenbank.20734
Frânse Hinke hie popkes, dêr stuts se dan yn mei nuddels. Dan krige it bern pine dat se bitsjoende.
nl.verhalenbank.25612
As jo hwat fan in tsjoenster krije, matte jo 't noait hielendal opite. Dan wurde jo net bitsjoend. Ite jo 't hielendal op, dan binne jo 't slachtoffer fan 'e tsjoenster.
nl.verhalenbank.25955
As men in apel fan in tsjoenster kriget foroaret dy yn in pod. Men mat altyd in stikje apel weismite. Dan wurdt dy pod noait folwoechsen.
nl.verhalenbank.25613
It hat by ús sa bot bitsjoend west allegear, dat de gordinen hongen yn repen foar de glêzen. En dy repen wienen allegear wer oanelkoar naeid. Dat wie allegear it wurk fan de tsjoenster.
nl.verhalenbank.21105
Der wie ek in man, dat wie in tsjoenster. Dêr kom by him op in kear besite. Doe helle dy man in koeke op. Hy sei: "Dy sil 'k sels wol even ompartsje." Doe hat er ien bitsjoend. 't Gebeurde yn 'e Houtigehage.
nl.verhalenbank.25614
Beppe hat us nei âlde Tet op 'e Bulten ta west om hwat nije kop-en pantsjes. Dy hie Tet to keap. De bern seinen: "Tink der om, mem mat der neat opite!" Mar beppe dronk der in bakje kofje op mei in grou klontsje der yn. Mar doe't se thús wie mei har kop-en pantsjes, treau se dy ús mem gau ta en sei: "Hjir pak dit gau oan." Tagelyk spuide se har hast it...
nl.verhalenbank.21457
Yn Kollumersweach wenne Harm v.d. Berg. Dy hie in sike jonge, dy't bitsjoend wie. Op in kear kom der in fremde swarte kat by harren op it hiem. Harm skeat op dy kat en rekke him. De oare deis wie Liuwe Ael, in âld tsjoenster, dy't oan 't Wyldpaed wenne, kreupel.
nl.verhalenbank.24061
Dyselde tsjoenster, dy't us by twa froulju alhiel ûnforwacht kom, hat ek us in man bitsjoend. Dy man dy woarde siik. De tsjoenster kom him yn 'e mjitte, doe't er op in wein siet. "Dû âlde duvel!" sei er, "dû hast my bitsjoend. Dû mast my bilove, dast my wer better makkest!" "Ik biloof it dy, jonge", sei se. En doe kloppe se him op 't skouder. Hy is wer...
nl.verhalenbank.20561
De koe fan Oedze Willem (Stienstra) hat er ek bitsjoend. It dier wie sa bang foar him, as hy dêr lâns kom en de koe seach him, dan raesde er it út. Oedze Willem syn bargen hat er deatsjoend. Sy woarden earst hielendal blau en doe stoaren se.
nl.verhalenbank.23530
't Wienen hjir froeger allegear tsjoensters. Om út to meitsjen hwa't ien bitsjoend hie, makken se hjir wol gebrûk fan in Krúskekaei en in bibel. Se leinen de kaei op in bipaelde tekst yn 'e bibel. As se de wiere namme fan 'e tsjoenster neamden, dan bigong de kaei to draeijen. Dat is hjir al us in kear gebeurd by minsken oan 'e Lytse Loane. "Tsjallings...
nl.verhalenbank.24149
Doe't Tet stoar wie se blau en slop. 't Wie in echte tsjoenster. Hja hie in dochter Joukje, dy hie har forstân net goed. Wy ha Joukje in kear bot op 'e hûd jown doe't wy fan 't wjudsterlân werom kommen. Omdat Tet ús bern bitsjoend hie. Mar doe kom Tet der oanfleanen. Sy wie razend en rôp: "'k Sil nei de plysje ta!"
nl.verhalenbank.23431
De minsken wienen och sa binaud foar âlde Ot. Hwant hja hat ûnderskate skiep en geiten en kninen ensa deatsjoend, by ús beppe en harren meast geiten. Dan struts se der mei de hân oerhinne. Beppe hat wenne by Bareld Hoogsteen. As Ot der oan kom sei Bareld, dy't boer wie: "Wy matte gau sjen, dat wy 't tsjernjen dien krije, hwant âlde Ot komt der oan. Dan...
nl.verhalenbank.21393
Minne Ael wie ek in tsjoenster. Dy foroare har yn in kat. Hja hat har eigen dochters bern bitsjoend. Dy wennen yn 'e Kule. As de minsken in fremde kat seagen, seinen se: "Minne Ael is der wer op út to tsjoenen." De tsjoensters forgaderen meielkoar as se har yn katten foroare hienen. Dan gong it drok op in psalmsjongen. Dat gebeurde meastal op in stik lân....
nl.verhalenbank.36822
De boeren fan Feanwâldsterwâl hienen allegearre in stik duveldrek yn in pûdtsje yn 't bargedrinken, oars woenen de bargen net groeije. De bern hienen duveldrek op 't boarst, ek yn in pûdtsje oan in bantsje. Dat wie fanwege de tsjoensters. Guon hienen duveldrek ûnder 'e drompel, dan koenen de tsjoensters net yn 'e hûs komme.
nl.verhalenbank.24158
50