Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Narrator Gender: female Place of Narration: Harkema
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan 'e sawn dochters, as der gjin jonge tusken wie, wie in nachtmerje. Gearte Harmke - in dochter fan Knjillis Hut en Hinke fan der Tuin - wie èk in nachtmerje. Har eigen susters ha 't wol forteld. As men in nachtmerje keare wol, mat men wyt moal foar 't bêd struije. Nachtmerjes flechtsje nachts wol flechtsjes yn 'e...
nl.verhalenbank.24343
In nachtmerje wie in frommeske. Sy kom troch 't kaeisgat by de lju yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.29366
As der minsken wienen, dy't sawn dochters hienen, dan wie ien dêrfan in nachtmerje. Sa'n nachtmerje kom nachts by de minsken. Sy kom earst op 't fuottenein, by de teannen en gong sa stadich omheech. Op 't lêst siet se op 't boarst en dan knypte se de minsken de hals ticht. Se kom yn 'e hûs troch 't kaeisgat. Dêrom lieten de lju de kaei nachts yn 'e doar...
nl.verhalenbank.22273
As men net ien troch 't slotsgat ha woe, itsij in tsjoenster as in nachtmerje, dan moest men der roggebrea yn dwaen.
nl.verhalenbank.12316
Pake fortelde, der hie yn 'e Harkema us in man west, dy hie de nachtmerje fangd en dat wie letter syn frou woarn. Woe men in nachtmerje keare, dan moest men it slotsgat tichtmeitsje en moal struije op 'e bêdden.
nl.verhalenbank.21389
In nachtmerje is in frommeske, ien fan sawn dochters, as se op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs, Der wie in boer, dy hie in hynder, dat woarde faek troch de nachtmerje biriden. Dêr hie 't dier gâns hinder fan. Doe struide de boer it hynder ris in kear moal op 'e rêch. Doe koe de nachtmerje der net wer ôf komme. De oare moarns siet se...
nl.verhalenbank.23532
Germs Harmke is in nachtmerje. Harmke is ien fan acht dochters. Ien fan acht susters is altyd in nachtmerje. Myn suster Saek hat ek acht famkes. Saek seit: Us Anne, dat is in nachtmerje. Dêr ha 'k lêst fan. Ik haw in kear de gedaente fan in nachtmerje sjoen. It wie in frouspersoan. Ik ha roppen, mar ik koe net. De hals woarde my tichtknypt. Men mat wyt...
nl.verhalenbank.16069
In nachtmerje komt ta 't slotsgat yn. Op in kear kom der in nachtmerje by in widner mei trije bern. Dy man hie moal op it gesicht struid en doe koe dy nachtmerje net wer fuort komme. De oare moarns wie se noch by him yn 'e hûs. "Jo ha my fangd", sei se tsjin 'e widner. Sy koe net wer fuort komme, hwant sy hie moal oan har en in nachtmerje mei neat...
nl.verhalenbank.12351
Myn âldste suster Harmke wie in nachtmerje. Ik ha oardel jier by har slept, mar ik krige gjin wink yn 'e egen. Sa'n lêst hie 'k fan har. Doe sei mem tsjin har: "Mast mar net wer by Klaske lizze." Ik hie tiden dan smoarde ik hast. Hja lei boven op my en knypte de hân om myn hals. Wy wienen mei ús tsienen fan susters, dêr wie Harmke de âldste fan. Hja is...
nl.verhalenbank.22030
9