Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Narrator Gender: female Place of Narration: Drachten
Guon hienen faek de nachtmerje by har. Se koenen dan krûden foar 't bêd hingje. Nou wit ik net mear hokker. De klompen moesten omkeard foar de doar stean. Dat doch ik nòch altyd. Jy koenen èk moal struije op 'e tekkens en op 't gesicht. De nachtmerje koe oeral troch en sy gong jin op it boarst sitten.
nl.verhalenbank.24676
Fan sawn op elkoar folgjende famkes is ien in nachtmerje, wurdt der wol sein. Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen, set men de klompen wol omkeard del by de doar. Men docht ek wol duveldrek ûnder 'e drompel. Ek wol om 'e hals. Sy kinne troch 't kaeisgat yn 'e hûs komme. In nachtmerje mei neat meinimme. Dêrom gong men ek wol hinne en strui hjir en dêr...
nl.verhalenbank.25468
Ik wie boerefaem. Op in kear lei 'k yn 'e nacht op bêd. Doe hearde ik dat der in hynder oansetten kaem. It kom al tichter by myn bêd. Doe klaude 't my mei de poat. Dat die hiel sear. Dat hat in nachtmerje west. Hja seinen wol, fan 'e sawn famkes fan ien húshâlding wie ien in nachtmerje. Fan 'e sawn jonges fan ien húshâlding wie ien in wjerwolf. Die men de...
nl.verhalenbank.36926
Oan 'e Dwarsfeart by Drachten wenne âlde Okke. Hy foer mei de môlkpream de Marrewyk lâns nei 't molkfabryk ta. Dêr wie in nachtmerje, dy't wenne yn in holle wylgenbeam, midden oan 'e Marrewyk. It wie in lang frouminsk yn lange klean. Hja sprong soms samar oer syn skouders hinne. Hja moasten altyd tige hoeden en stil wêze, om dy nachtmerje net to steuren.
nl.verhalenbank.11533
Der wienen us in pear mannen oan 't slatten. Doe hearden se sjongen. Dêr wienen twa froulju oanfarren kom yn in boatsje. Prachtich-moai hienen dy song. Doe't se by de wâl wienen, forburgen se har boatsje yn 'e reiden en sy gongen fierder, al mar sjongende. Mar de mannen hellen gau it boatsje dêr wei en brochten it op in oar plak. Doe't de twa froulju...
nl.verhalenbank.25469
6