Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: trouwen Narrator Gender: female
Pake fortelde, der hie yn 'e Harkema us in man west, dy hie de nachtmerje fangd en dat wie letter syn frou woarn. Woe men in nachtmerje keare, dan moest men it slotsgat tichtmeitsje en moal struije op 'e bêdden.
nl.verhalenbank.21389
Der wie us in feint, dêr kom yn 'e nacht in nachtmerje by. Doe krige er har to pakken. Sy wie fangd. It wie och sa'n moaije faem. Hy hâldde har by him en hy troude mei har. Sy krigen ien bern togearre. Hja wie troch in stikken gleske yn 't bûthús yn kom en dat hie de feint fuort meitsje litten. Dêrtroch koe se der net wer útkomme, hwant nachtmerjes matte...
nl.verhalenbank.20577
De jongste of âldste fan sawn op elkoar folgjende jonges is in nachtmerje. Myn suster hie forkearing mei sa'n nachtmerje. Dat wie Willem Boomsma. Mar sy troude mei in oaren ien. Doe kom Willem Boomsma nachts faek as nachtmerje by har. Doe hat se fleartokken op 'e rânne fan 't bêd lein (oan 'e foarkant) en in brogge foar 't bêd op 'e groun. Doe hie se gjin...
nl.verhalenbank.25171
Der wie in widner, dy hie faek hinder fan in nachtmerje. Dy kaem alle nachten troch 't slotsgat. Op in kear, doe't er wer it gewicht fan 'e nachtmerje op him fielde, sloech er de earms om har hinne en rôp: "Lampe op! Lampe op!" De bern dienen gau de lampe op en doe hied er de nachtmerje fangd. 't Wie in moai frommes. Hja is dêr bleaun en hy is mei har...
nl.verhalenbank.17730
Der wie in nachtmerje, dat wie in frommeske. Dy kom ta 't slotsgat yn 'e hûs by in man. Dat minske kom alhiel út Ingelân. De man hie moal oer de tekkens struid en doe koe hja net wer fuortkomme. Hwant in nachtmerje mei neat út 'e hûs meinimme en doe siet se ûnder 't moal. Doe hat dy man har dus fangd. Sy wie de oare deis yn 'e hûs. De man stoppe it...
nl.verhalenbank.25175
5