Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: paarden Narrator Gender: female
Nachtmerjes flechtsje nachts de moanjes fan 'e hynders. Dan raze de dieren it út.
nl.verhalenbank.20438
Alde Binne Durkje wie in nachtmerje. Hynders dogge se moaije flechtsjes yn 'e moanjes. Dan ha de dieren 't sa binaud, 't swit dript har fan 'e bealich ôf. Ik hear it heit noch sizzen: "Der hat fannacht wer ien by de hynders west."
nl.verhalenbank.25290
Ien fan 'e sawn dochters dy't achter elkoar binne, is in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't sleutelgat yn 'e hûs. Men mat de skuon of toffels forkeard foar 't bêd sette, mei de hakken nei 't bêd ta, dat is in middel om der gjin lêst fan to krijen. Sy meije neat meinimme. Men kin ek moal struije. Sy flechtsje de moanjes fan 'e hynders. Nachtmerjes...
nl.verhalenbank.24896
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan 'e sawn dochters, as der gjin jonge tusken wie, wie in nachtmerje. Gearte Harmke - in dochter fan Knjillis Hut en Hinke fan der Tuin - wie èk in nachtmerje. Har eigen susters ha 't wol forteld. As men in nachtmerje keare wol, mat men wyt moal foar 't bêd struije. Nachtmerjes flechtsje nachts wol flechtsjes yn 'e...
nl.verhalenbank.24343
Nachtmerjes komme faek op hynders. Sy meitsje flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.25176
Nachtmerjes komme by de hynders. Dan ha dy dieren it krap. It swit stiet har op 'e rêch en sy hawwe moaije flechtsjes yn 'e moanjes.
nl.verhalenbank.31799
In nachtmerje wie ien fan sawn dochters. Se koenen de nachtmerjes meastal wol oankommen hearre. Se kommen ek wol by de hynders. De moanjes woarden dan flechten yn draeid.
nl.verhalenbank.35947
Ien fan sawn famkes út ien húshâlding wie in nachtmerje. In nachtmerje kom by de lju yn 'e nacht yn 'e hûs en gong dan by ien op 't boarst sitten. Dan krige dyselde 't binaud. Guon gongen hinne en struiden moal; as de nachtmerje dat oan har hie, koe se net fuortkomme. Se kommen ek by de hynders. Dy dieren bigounen dan to switten fan binaudens. De oare...
nl.verhalenbank.34616
De dochter fan Sikke Boukes yn 'e Westerein wie in nachtmerje. Hja wie troud mei in skoalmaster. Yn 'e nacht gong se altyd nei hynders en minsken ta om dy to pleagjen. Achter yn 'e Westerein hat in boer har fangd, doe't er moal op 'e rêch fan 't hynder struid hie. Doe koe se net wer fuortkomme, hwant sy krige moal oan har. De oare moarns foun de boer har....
nl.verhalenbank.20163
9