Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 results
Narrator Gender: female Place of Narration: Zandbulten
Der wie in boer, dy wenne yn in hiel âld plaets. Dy moest och sa noadich forboud wurde. Mar dêr wienen gjin sinten foar. De man prakkesearre der alle dagen oer en hie der gjin wille om. De plaets wie oan 't omfallen ta en dan wie 't net bêst. Dan hie er foar syn húshâlding en foar syn fé net mear in dak boven de holle. Jouns kuijere er faek op it hiem...
nl.verhalenbank.25295
Stammerige Harm, seinen se, lei nou en dan yn 'e wâl, en dan praette er mei de duvel. Dat gebeurde nou ris op dit plak, dan wer op dat plak.
nl.verhalenbank.27440
Frijmitselers binne oan 'e duvel forkocht. Sy ha noait forlet fan jild. Dy't ienkear by de frijmitselers is, kin der noait wer by wei. Der sit in geheim oan dy lju, dat wurdt men noait gewaer. Sy matte in skoft yn in deakiste lizze, as se frijmitseler wurde en mei dy deakiste tôgje se ek om.
nl.verhalenbank.27439
Der siet ris ien yn 'e kroech. Dy sei it raer op en liet him ûntfalle: "As der dan in duvel is, dan kin er my dêr op 'e brêge pakke." Doe't er oan 'e brêge takaem stie dêr in lyts mantsje. Dat woarde greater en greater mei't er tichterby kom. Doe't er op 'e brêge wie, hie dyselde him beetkrigen en in ein fuortsmiten. It wie net ien oars as de duvel. Hy...
nl.verhalenbank.27449
Duveldrek hienen se altyd ûnder 'e drompels.
nl.verhalenbank.27455
As ien in toverboek hat, dan hat er him oan 'e duvel forkocht.
nl.verhalenbank.27458
Jilt fan Minne Binnes wie in raren-ien. It wie eins in ûnminske. Hy leaude nergens oan en dreau de spot mei alles. Hy sliepte thús op 'e souder. Dan moest er by de leider op. Hy kom in kear út 'e kroech wei. "As der dan in duvel is," hied er sein, "dan kin er my joun by de leider krije." Doe't er thús kom en by de leider op gong, woarde hy der trije...
nl.verhalenbank.25287
Der sieten trije jongemannen yn 'e kroech to Minnertsgea. Dat wie yn heite feintejierren sahwat om 1900 hinne. Sy wienen aerdich hwat oansketten en gongen midden yn 'e nacht nei 't tsjerkhôf ta. Dêr gongen se op in platte sark sitten. Sy swearden as der in God wie, dan moest er him sjen litte. Wie der in duvel dan moest dy komme. Doe wie it God dy't kom....
nl.verhalenbank.23893
Piter Postma wenne op 'e Broek. Hy mocht graech strune. Hy stie to harkjen by de doarren en seach ta de glêzen yn by oare minsken. Op in joun, doe't er wer oan 't strunen wie, wie er opnommen woarn en in ein fuortsmiten. Dat hie de kweade dien.
nl.verhalenbank.25126
Der wie in boer, dy hie in hiel âld plaets. Dy wie wol sa min. Mar dy boer hie gjin jild om in nijen sette to litten. "Hoe krij ik in nije plaets", sei er faek yn him sels. Dan roan er op 'e wei om jouns en dan prakkesearre er mar. Op in kear wie dat wer it gefal. Doe kom dêr in man oan. "Hwerom bistû hjir alle jounen op 'e wei?" sei dy. "Dat sil 'k jo...
nl.verhalenbank.27437
Froeger wie 't de gewoante yn Fryslân dat in feint samar ûnforwachts nei in faem ta gong op in snein-to-joun. Dat waerd fan tofoaren net ôfpraet. As it net nei 't sin wie, stjûrde se him wer fuort. Der wenne in faem by de boer. Dy hie hwat in wyld hier yn 'e nekke. 't Wie snein, en de boer sei tsjin har: "Dû hast nochal hwat feinten hawn sa foar en nei,...
nl.verhalenbank.27465
De tsjoensters bitsjoenden ek fé. Us bargen hienen froeger altyd duveldrek ûnder 'e trôch foar 't bitsjoenen. Myn suster Harmke hat in famke forlern fan fjirtsjin jier. Letter krige se wer in famke. Ik wie in kear by Harmke en dy. 't Famke boarte bûten op in platte kroade. Harmke gong ek nei bûten. Doe hearde ik har sizzen tsjin 't bern: "Hat se de...
nl.verhalenbank.25120
't Wie in waerme simmer. De bern fan Hinne yn 'e Broek woarden siik. Alde Minne Hindrikje wie in tsjoenster. Har eigen soan Wopke wist dat wol. Hy gong nei Hinne ta en sei: "Jimme bern binne bitsjoend." Hinne sei: "Dan sil 'k nei Wopke Minke ta." (Wopke wie duvelbander en wenne yn Kûkherne, sûnt syn dea gongen se nei syn frou Minke ta.) Hinne sei tsjin...
nl.verhalenbank.25113
Doe't skoanheit hjir by ús yn 'e hûs kaem, foun ik ûnder syn ledikant in stik guod, dat like wol stopferve en it stonk ôfgryslik. Ik ha 't fuortsmiten en fortelde hwat ik foun hie. "Nou is 't net bêst," sei skoanheit, "nou binne alle kweade machten op my los litten." Dat guod dat wie duveldrek. Letter foun ik al us wer in stikje duveldrek. Dat makke...
nl.verhalenbank.23896
Stammerige Harm, seinen se, hie in wikseldaelder. In wikseldaelder, as men dy útjowt, dy komt altyd wer yn 'e knip tolânne. Myn swager sei, Stammerige Harm koe mear as sljochtwei. Hy koe tsjoene. Jouns hong er de lege pong bûten oan 'e kruk fan 'e doar. De oare moarns wied er fol jild. Soks dienen de frijmitselders ek. Mar dat koenen se mar trije kear...
nl.verhalenbank.27438
Klaes Wytses v.d. Meulen wie kastlein to Broek. Hy hie us in kear in man by him yn 'e jachtweide sitten, dy syn namme wol my nou net yn 't sin komme. Der stie in flesse drank boven op 'e tapkast, dêr krige dy man hwat út. Doe sette Klaes dy flesse dêr wer del. Doe't er sa in pear hawn hie, sei er tsjin Klaes: "Ik sil dy flesse drank dêr wei komme litte,...
nl.verhalenbank.27456
Ien fan sawn op elkoar folgjende dochters is in nachtmerje. Myn âld man en Ielke Kooistra hienen in skip. Sy klaeimodderfarden. Sy leinen achter Dokkum by in terp. Tichte by har lei in skip mei in âld wyfke. Doe hie Ielke tsjin myn man sein: "Hja sizze dan fan in nachtmerje. Mar dat âld-wiif koe wol us in nachtmerje wêze." Myn man sei: "Hwat praetstou fan...
nl.verhalenbank.25288
17