Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
22 results
Narrator Gender: female Place of Narration: Twijzelerheide
Frijmitselders ha de siele oan 'e duvel forkocht. Sy matte altyd timmerje. Om 'e sawn jier mat der ien fan dea. Dy't der ienkear by is, kin der net wer by wei.
nl.verhalenbank.22129
Der binne hazzen, dy kinne se noait bisjitte. Sokke hazzen binne maten fan 'e duvel. Se binne kûgelfrij.
nl.verhalenbank.22136
Wy ha twa jier njonken stammerige Harm wenne. De minsken seinen dat er tsjoene koe. De man hie altiten wol jild. Hy wie oan 'e duvel forkocht, seinen se en hy hie in wikseldaelder. Mar hy wie ek ôfgryslike deun en sunich. As er ûnderweis út 'e broek moest, died er syn bihoeften yn 'e bûsdoek. Hy pakte 't yn en naem it mei en lei it by him thús op it...
nl.verhalenbank.20117
Piter Wouters wenne yn 'e Broek. 't Wie dêr allegearre jild by him. Hy wie frijmitselder. As er forlet fan jild hie, seinen se, hong er it ponkje oan 'e doar.
nl.verhalenbank.22006
Ritske Bottema wie ek frijmitselder. Dy hie in winkel yn 'e Westerein. In frijmitselder hat in kontrakt tekene mei de duvel. Om 'e trije jier timmerje se. Se kinne noait wer by de frijmitselderij wei. Dan matte se der sels oan. Alde Piter Wouters mat in freeslik útein hawn ha. Yn ien ûre hat er mear útstien as in oar minske yn in hiel libben.
nl.verhalenbank.22007
Der wie in feint dy wie och sa ûnforskillich. Dy koe 't neat skele hwat er sei. Sûpe as in kreupel. Op in kear hied er yn beide herbergen fan Twizel west. Dêr hied er 't raer opsein. Hy wie foar de duvel net bang, sei er en dat wie sweare by dit en by dat. Doe wied er dêr wei kom en doe hienen se him de oare moarns in pear stikken lân fan 'e wein ôf foun,...
nl.verhalenbank.33436
Yn 'e Falom wenne in man, dy moest nachts altyd út bêd wei om hwat to sjen. 't Wie in hiele bêste man. Hy moest soms ûrenfier rinne om by de lykstaesje to kommen. Mem sei al ris tsjin him: "As jo nou us lizzen bliuwe, hwat dan?" "Ei minske," sei er, "dan wie 't net bêst. Dan waerd ik der út smiten." It binne pleagen fan 'e duvel, as men der nachts út mat.
nl.verhalenbank.21994
Hjir hat in sekere Popke wenne yn 'e Hiltsjemoaiwâlden. Sliepperige Popke neamden se him. Dy wie by 't wiif wei rekke. Op in jountiid fortelde er, as er nei hûs ta gyng, roan hy oer de wei. Mar dan roan der njonken him op 'e ikker in fjûrread lyts keardeltsje. Hwat hurder hy roan, hwat hurder dat lyts keardeltsje bigong to rinnen. Dat lytse mantsje wie de...
nl.verhalenbank.22156
Der wie ien dy kaem út Twizel wei. Dêr hied er yn 'e kroech sitten. Hy hie 't hiel raer dien. Hy hie him bot tjirge en hy hie flokt as in ketter. Hy kaem dy jouns net wer thús. De oare moarns founen se him ophinge, in ein de lânnen yn. 't Wie oan 't Wyldpaed. De duvel hie him dêr ophong.
nl.verhalenbank.22155
Wy hienen yn 'e Houtigehage altyd duveldrek ûnder 'e drompel fanwege de beide tsjoensters Jeltsje en Lutske.
nl.verhalenbank.20112
Froeger hienen de measte minsken om ús hinne duveldrek ûnder 'e drompel foar de tsjoensters.
nl.verhalenbank.23423
Om tsjoensters to kearen brûkten se duveldrek.
nl.verhalenbank.23773
Wy ha as bern wol nei de Grinzer klaei ta west om to flaechsteppen. Dêr wie ek in man by fan Burgumerheide, dat wie in sekere Jouke. Dy fortelde al us: Doe't ik jong wie, wie 'k in raer man. Ik gong faek nei Feanwâldsterwâl nei de kroech. Dêr gong 't op in sûpen en kaertspyljen. En dan sweare en flokke dat it raer wie. Mar op in kear, doe't ik wer út 'e...
nl.verhalenbank.23424
It gebeurde faek dat de lju nei Wopke fan Kûkherne ta gongen om in drankje as der ien bitsjoend wie. Dan warskôge Wopke: pas op it drankje ûnderweis, hwant guon loere der op. Faek barstte it drankje.
nl.verhalenbank.33432
As der in bern bitsjoend wie, gongen se nei âlde Ulke fan 't Wyldpaed. Dy joech in drankje mei yn in flesse. As de flesse ûnderweis stikken gong, dan wie dat it biwiis, dat it bern bitsjoend wie.
nl.verhalenbank.23771
Us heit en dy woenen net heal op 'e foto. Dat wienen duvelskunsten, sei er, en 't wie him net út 'e holle wei to praten.
nl.verhalenbank.22132
Ast' bûten komste en der komt dy in swart ding op side, dan is dat forkeard. As 't yn 't wyt is, is 't goed.
nl.verhalenbank.22153
Kei (myn man) en ik kamen froeger in bulte by âlde Gjetsje. Wy wennen yn har húske en wienen tige iens mei elkoar. Kei foaral. Kei krige altyd kofje en in stik koeke foar har. Dêr wie se tige mâl mei. Ik krige noait hwat. Doe waerd Kei siik. Hy bigong to sukkeljen. Doe sei myn mem tsjin my: "Dû mast Kei duveldrek yn 't festjebûske dwaen." Dat haw ik dien...
nl.verhalenbank.22010
Der wie in feint, dy wie dronken. Sa kom er by syn âlden thús. Mar dy woenen him der net yn ha mei syn dronkene kont, en sy jagen him fuort. Doe kocht er noch in pear en it gong op in flokken en swetsen, dat it raer wie. Doe gong er út 'e kroech wei en roan by de Kollumer tsjerke lâns. Dêr woarde er pakt, mar hy seach net ien. Flak foar de hameije fan 'e...
nl.verhalenbank.20115
Yn 'e buert fan Burgum wie in lânne, dêr spokke it altyd yn. Jochum bargekoopman kaem dy kant út wei. Dy fortelde it ús. Hy sei, syn heit wie dy lânne us yn gong. Dy woe der mear fan witte. Hy seach it spoek en spriek it oan. Hy sei: "Bist fan God, spreek. Zijt ge van de satan, wijk." It spoek wie útnaeid en 't hie dêr noait wer west.
nl.verhalenbank.22154
22