Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
84 results
Dutch Keywords: duivelsdrek Narrator Gender: female
Doe't myn broer op 'e Iest (yn Jistrum) kom to wenjen, doe hong dêr oeral duveldrek boven de doarren. En ek yn 'e finsterbanken wie duveldrek. Sy mienden dat de duvel dan net yn 'e hûs of yn 't bûthús komme koe. Wy brûkten it foar de keallen en wy hienen 't ek wol yn 'e bargetroch. Wy kochten it yn Drachten, by David Flud (= D. de Vrieze). As wy seinen:...
nl.verhalenbank.22836
Us beppe wie Japiks Griet. It wie in greate tsjoenster. Wy wienen deabinaud foar har. Wy hienen allinne om har in touke om 'e hals en dêr hong in pûdtsje mei duveldrek oan. Dan krige de duvel gjin fet op ús, sei mem. Ek faek duveldrek ûnder 'e drompel. Der wienen ek wol bern dy droegen in koarste fan roggebrea by har. Dat holp ek, mar sa bot net. As in...
nl.verhalenbank.34564
Soms sieten de bargen ûnder de kweade minsken. Dan wienen se bitsjoend. Men moest goed oppasse hwa't men by de bargen liet. Net elkenien wie dêrby fortroud. Wienen de bargen bitsjoend, dan tarden se út. Dan joech it fretten har neat mear. Men moest in pûde mei duveldrek foar de trôch hingje, dat holp. Meastal wie de tsjoenster fan 'e bargen in man. Soms...
nl.verhalenbank.30088
Yn Broeksterwâlde is 't wol gebeurd dat bern bitsjoend waerden. Dan dienen se duveldrek ûnder 'e drompel. De âlde buorfrou mocht der net wer komme. Wie der ien bitsjoend, dan gongen se nei de duvelbanner. Dan founen se krânsen yn 'e kessens, dy wienen prachtich troch elkoar flechte. Dy krânsen waerden forbrând.
nl.verhalenbank.30862
It gebeurde hjir yn 'e Boelensloane wolris dat der ien in krâns yn 't kessen hie. Dyselde wie dan bitsjoend. Dat hie in tsjoenster dien. Dy persoan woarde siik en sy gongen nei in duvelbander ta om guod tsjin dy tsjoenster. Dat wie meastal duveldrek. Dat leinen se dan ûnder 'e drompel. Sy droegen it ek wol op 't boarst (duveldrek wurdt nòch wol brûkt; 't...
nl.verhalenbank.32781
Hjir wenne in âld minske, dat hie ûnder elke drompel yn 't hûs duveldrek.
nl.verhalenbank.19651
Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin de tsjoenster dêr net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.27811
Myn mem hie froeger altyd duveldrek yn 'e klean binaeid.
nl.verhalenbank.27578
Woe men in tsjoenster keare, dan die men in stik duveldrek ûnder 'e drompel
nl.verhalenbank.16139
Duveldrek hienen se altyd ûnder 'e drompels.
nl.verhalenbank.27455
Wy hienen yn 'e Houtigehage altyd duveldrek ûnder 'e drompel fanwege de beide tsjoensters Jeltsje en Lutske.
nl.verhalenbank.20112
Froeger hienen de measte minsken om ús hinne duveldrek ûnder 'e drompel foar de tsjoensters.
nl.verhalenbank.23423
As men duveldrek yn 'e bûse hat, giet de lulkste houn by jin wei.
nl.verhalenbank.23150
Om tsjoensters to kearen brûkten se duveldrek.
nl.verhalenbank.23773
Om in tsjoenster to kearen dienen se duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.22255
Wol men tsjoensters keare, dan mat men duveldrek ûnder 'e drompels dwaen.
nl.verhalenbank.24344
Die men duveldrek ûnder 'e drompel, dan koe de tsjoenster der net oer komme.
nl.verhalenbank.28384
De minsken leinen hjir duveldrek ûnder 'e drompel, om gjin lêst to hawwen fan tsjoensters.
nl.verhalenbank.27869
As se hjir froeger in nij hûs bouden, kom der in stik duveldrek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.24068
As men duveldrek by jin hat komt de lulkste houn jin net binei. Mei liuwefet ek net.
nl.verhalenbank.24069
84