Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
21 results
Narrator Gender: female Place of Narration: Nijega
Der wie in man, dy hie syn siele forkocht oan 'e kweade. Mar hy hie de duvel to fiter hawn, dat doe't de duvel kom moest er sûnder siele wer fuort. Mar de duvel sei: "Ik wol dochs hwàt fan dy ha." En doe nom er de man syn skaed en dat rolle er op. Sûnt wie dy man altyd sûnder skaed. Dat wie miskien noait útkom, mar op in kear stie er mei in rychje folk op...
nl.verhalenbank.12538
Op in krúswei dêr koe men in wikseldaelder fan 'e duvel krije.
nl.verhalenbank.12194
As men by 't tsjuster op 'e linkerkant fan 'e wei rint, kriget men in slach fan 'e duvel. Dus noait links rinne by nacht, waerd der altyd sein, like min as midden op 'e wei.
nl.verhalenbank.11496
As it net tsjernje woe, hellen de minsken Piter Poes fan Sumarreheide op. Piter Poes gong dan nei de tsjerne ta en lei der it iene of oare yn. Ik tink dat dat duveldrek of sa wie. Dan makke hy de meneuvels fan it tsjernjen. Dêr dreau hy de kwea-geasten der mei út. Hy pisse hjir en dêr del en roan om it hûs hinne.
nl.verhalenbank.11556
To Geryp lei ergens in houtsje oer de sleat. Op dat houtsje wie altyd in grouwe, swarte houn by nacht. Net ien, dy't der dan oer koe, hwant dan pakte dy houn him. Mar ien hat it us in kear weage, dat wie in greate flokker ensa. Doe is er dêr raer tatakele woarn. Dy houn dat wie de duvel.
nl.verhalenbank.15807
Der wienen in man en in frou, dy wennen yn in skipke. Mar dat skipke wie sa min en sa wrak, dat sy koenen der net mear mei farre. Sinten foar in oar skip wiene der net, en der mast dochs hwat fortsjinne wurde. Dat sy sieten slim forlegen. Op in kear wie 't minske allinne thús. Sy wie och sa treurich gesteld. Dêr kom in mynhear oan. Dy sei: Jo sjogge sa...
nl.verhalenbank.12193
Noait gekoanstekke foar de spegel en rare gesichten lûke, hwant dan komt Hantsje Pik der achterwei.
nl.verhalenbank.12302
Yn 'e Folgeren hat de duvel al ris ien de holle omdraeid.
nl.verhalenbank.11497
As de kweade jin efternei siet, dan moast men yn 'e rogge krûpe. Hwant de rogge is heilich.
nl.verhalenbank.11527
Der wie ris in man oan 't harjen. Doe woarde it ynienen roettsjuster en it hearde him sa ta dat it ek bot bigong to waeien. Mar it wienen oars net as protters, dêr't it sa tsjuster fan woardde en dêr't sa'n wyn troch ûntstie. De loft wie stiiffol protters. Doe smiet dy man mei de hammer nei ien fan dy protters. Mar doe koed er dy hammer net wer fine,...
nl.verhalenbank.12289
As Imke de Jong op'e merk kom, dan hied er hoepen by him. Dêr gûchele er hwat met om en dan wie 't in ketting. In skoftsje letter wienen 't wer ringen.
nl.verhalenbank.21653
To Hurdegeryp mat in hekke west ha, dy't noait ticht bliuwe koe. Hy woarde troch de duvel iepensmiten.
nl.verhalenbank.15810
Gepke, in nicht fan my, rekke as famke bitsjoend. Doe reizgen se nei Piter Poes ta fan Sumarreheide. Sy moest doe krûden ha út in tsjettel, dêr't gjin stoom út kom.
nl.verhalenbank.12209
Der waerd by de boeren faek duveldrek yn 't sûpfet fan 'e keallen dien om se foar bitsjoenen to hoedzjen.
nl.verhalenbank.11512
In nachtmerje kin ta 't kaeisgat fan 'e doar der yn komme. Men moat brea yn 't kaeisgat dwaen of duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr kin men de nachtmerje mei keare.
nl.verhalenbank.11511
Under 'e drompels leinen se altyd duveldrek. Dan koenen de tsjoensters net yn 'e hûs komme. Sy dienen ek wol duveldrek yn 'e sûpfetten fan 't fé. Dan woarde it fé net bitsjoend.
nl.verhalenbank.11573
Hindrik Houwink biwearde dat er foar de duvel net bang wie. Froeger hat er in protte fé hawn, mar troch de longsykte rekke er út syn fé wei en waerd keutelboer. Op in kear wied er op 'e Hearrewei. Doe waerd er samar optild en oer in greate beamwâl hinnesmiten. Beide skonken rekken stikken. De man hat noait wer rinne kind. Hy krûpte tonei altyd.
nl.verhalenbank.11532
De frijmitselders krije jild fan 'e kweade op 'e Krúswei. Se ha noait forlet fan jild. Greate Sije (Hoekstra) hat ek noait forlet fan jild. Dat is in frijmitselder. Hy wennet op 'e Tike op 'e skieding. Hy hat in foech smoarch winkeltsje. Hy docht hwat er wol. Der wurdt sein, dat er in wikseldaelder hat.
nl.verhalenbank.11489
Der wienen ris twa mannen, dy moesten foar harsels nei de duvelbander ta. Elk fan harren moest in drank ha. De duvelbander makke foar de iene man in drank klear. Doe sei er tsjin him: "Dû mast even wachtsje op dyn maet, hwant dy syn krûden matte trekke, dat duorret hwat langer." Mar de man sei: "Ik wachtsje net, ik gean fuort" en hy die syn drankje yn 'e...
nl.verhalenbank.12292
Hjir folget in nachtmerjeteltsje, dat frou Kobus my de foarige kear al forteld hie, mar nou is it efkes útgebreider en oan 'e ein in bytsje oars. It wie yn 'e ûngetiid by in boer to Goaijengeahuzen. Jetse Schot wenne dêr as feint. Hy wie net troud. Us heit kaem by dy boer to ûngetiidzjen. Heit en Jetse sliepten yn itselde fortrek. Jetse wie faek eangstich...
nl.verhalenbank.11509
24