Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
17 results
Narrator Gender: female Place of Narration: Leeuwarden
Moetingen yn 'e mist 'Op in kear wie der ien ferdwaald yn 'e Spoeketsiene; dat kin barre mei mist. En doe kaam er de wite mannen ek tsjin—dy geasten dan. Doe seinen se: Wat moatsto hjirre? Hy sei: Ik moat nei hûs ta!—No, dan bist op in hiel ferkeard paad! Ja, hy sei, mar ik kin 't paad net fine! No, it spoek sei: Dan moatst mar sjen, ast in sleatskant...
nl.verhalenbank.13686
Nachts net op it spoek syn gerjochtichheid komme 'Dat wie dan it ferhaal, dat de skippers dêr nachts net lizze doarsten, want it spoeke dêr op 'e wâl. Dan heefde de Langesleatter man wat út, omdat se dêr net komme mochten. Dat wie syn gerjochtichheid. Dan waard de loopplanke oanlutsen, en dan koe der ek net in mins komme. Mar meastentiids waarden se yn 'e...
nl.verhalenbank.13691
De Man en syn basis 'Och, dy Langesleatter man. Allinne de Langesleat, dêr op nei Earnewâld. En dy sydsleatten dy't allegear op Warten útkamen. Beppe sei, dan wie er op 'e iene ein fan 'e Langesleat en dan op 'e oare ein. Se koenen eins noait sizze, dat spoek slacht op dy kant om—no wie er op 'e iene kant en dan op 'e oare kant. Hy koe ek sa mar oer 't...
nl.verhalenbank.13653
Hansje Pik De eenige geestverschijning die in mijn jeugd (1885) in Leeuwarden algemeen gevreesd werd (door dienstboden en kinderen) was Hansje Pik, die achter de spiegel woonde. Al heel jong werden wij gewaarschuwd, niet in de spiegel te kijken, want dan kwam Hansje Pik je halen. Jaren ben ik daardoor bang geweest voor spiegels, waarachter ik een zwarte...
nl.verhalenbank.13250
De frjemde mier yn 'e blaugêrzen 'Der wie in man, Kees hjitte er, dy stie te meanen yn 'e blaugêrzen en hy wist, dat er allinne wie. Mar hy seach om—en ferdikke, dêr stie noch ien te meanen. Dy meande ôfgryslike fûl op him ta. Hy tocht, wat wolsto einlik? Dat hy sette it harspit yn 'e gron. Dy oare wie der oan ta, en dat wie izer op izer, en . . . de...
nl.verhalenbank.13681
Wat mieren en haaiers oerkaam 'Dy blaugêrzen dêr spoeke it altyd. It wie in wrâldsje apart, it wienen hiele grutte fjilden. As dy mieren dêr stienen te meanen en se hienen der in mêd ôf en se soenen nei har tinte ta, dan stie dy faak op in hiel oar plak as dêr't se him opset hienen. It koe wol wêze, dat er twa stikken lân fierder stie. Se leauden, dat it...
nl.verhalenbank.13676
It spoek lûkt of skoot mei 'De Langesleatter man hâlde net allinne in skip tsjin, mar hy koe ek ynienen fûl meilûke, wannear't der ien yn'e line rûn. Dan stienen se allegear ferstomd, want wylst se it skip sels foartiid lûke moasten, fleach it dan samar einen foarút—sûnder dat se loeken. Sjoch, dat die it spoek dan, mar se koenen it noait sjen' (A.B.-S.).
nl.verhalenbank.13699
In pleats wurdt omdraaid of ferset 'Wat de Langesleatter man net be-avenseare koe, dat kaam net sa krekt. Sa rûn er faak om in boerepleats hinne en dan stie dy op in stuit oarsom, of hy stie oan 'e oare kant fan't wetter. Dat is ris bard mei de hurde wyn, op in rûzige nacht. In pleats dy't oars mei 't gat nei Warten stie stie de oare moarns krekt oarsom....
nl.verhalenbank.13683
Skip of pream fêsthâlden yn 'e Langemear 'By de Langemear hie men ek wol spoekerij ûnder wetter. Dan kloeten se en dan koenen se net fan 't stee komme. Dan leauden se, dat it spul fan ûnderen fêsthâlden waard en dat hjitten de wettergeasten of sokssawat te dwaan. It wie de baas, dat se mar foar de wâl lizzen gongen en har útsliepten. Soms waard der tige...
nl.verhalenbank.13723
Klopgeasten ûnder wetter 'As der in skip of pream yn 'e Langesleat fêsthâlden waard, dan koenen se gjin kant mear út en dan moasten se dêr wol foar de wâl gean. En dan waard der, wylst se dêr leinen, wol fan ûnderen tsjin 'e boaiem fan it skip of de pream kloppe. Dat sei beppe dan wol. Dat dienen de geasten ûnder wetter. It wie in warskouwing hjir of dêr...
nl.verhalenbank.13710
By de Spoekerssleat Der moat in boeredochter op Koldyk wenne ha, dy hie ferkearing mei in feint, dêr mocht se net mei—óf dat dy jonge fan syn âlden net mei har mocht. Op in jûne— se sil wol hjir of der hinne west ha—doe hie se mei dy jonge praat. En dêrnei gong se allinne nei hûs ta. It wie by tsjuster, mar doe miende sy, dat se him iderkear foar har...
nl.verhalenbank.12172
De Langesleatter man en wite wiven as nevelgestalten 'It spoek fan de man kaam oars noait sichtber as wannear't it skier wie. Oars mocht er him net fertoane, want sjoch, in spoek kaam doch noait rjocht op 'e lappen. No ja, ek wol by moanneljocht, mar dan wat skier oer de sleatten en sa. Dêr ha je dy wite wiven ek fan. Dy wienen der ek mear, dêr 'oan 'e...
nl.verhalenbank.13688
De Langesleatter man moat in frijer keare 'Der is ek in ferhaal oer in skippersdochter, dy hie ferkearing mei in boerefeint en dat woe de skipper net lije. Dy jonge mocht net oan board komme. En doe op in kear moat de skipper dêr yn 'e Langesleat oan 'e wâl fallen wêze en de jûns moast er nci de buorren foar it ien of 't oar,en doe rôp er de Langesleatter...
nl.verhalenbank.13709
It spoek en de silerij 'De Man naam soms de wyn wei, of de gyk siet fêst' (D.S.) 'Beppe hat ek wol ferteld, dat it spoek de wyn út it seil wei naam. Hy liet de wyn stillizze. De skipper foer earst tige en dan ynienen lei er stil, dan wie de wyn út it seil. Dat die dat spoek. En soms koenen se de gyk net hinne en wer krije, dy bleau stiif, en dat die it...
nl.verhalenbank.13707
Yn 'e oere fan de dea Der wie in ferhaal, dat wit ik net alhiel mear—allinnich, dat it oer in jongkeardel gong dy't spul krige mei syn mem. Oft er miende, dat syn mem him wat misdien hie, of dat dy him by it fuortgean ferwinske hie yn 'e hjitte hei, dat wit ik net. Dan seit men soms wat dat jin letter muoit. Yn alle gefal, dy jonge gong mei de lilke holle...
nl.verhalenbank.12153
De smid spoeket om oare misdieden 'Dy smid koe sa min mei de frou. Oft dat no fan syn frou kaam of fan himsels, dat wit ik net, mar yn alle gefal, se akkordearren net. Se seinen altyd, dat sy wie ek in heak. Se wienen altyd slaande deilis. Beppe frege har dan ek wol ris ôf: Soe dat ek om dy skat west hawwe? Dat de iene de oare it jild fergunde? Men soe...
nl.verhalenbank.13662
Myn hynder stiet al op 'e stâl In boer hie op in gearkomste wat te djip yn 'e romer sjoen. Doe't er nei hûs soe, seinen se tsjin him: 'Silst dat wol dwaan? Do moatst dat stik lân ek foarby dêr't it spoeket'. Hy sei: 'Spoekje? Dat hat noch noait sa west. Ik ha dat stik al sa lang yn gebrûk hân en noait in spoek fernommen'. Dat hy sette ôf. En doe wie er op...
nl.verhalenbank.12145
17