Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Jehannes koe ek de tange dounsje litte.
nl.verhalenbank.38264
Jehannes hie in wite kat. Dy liet er samar oer de feart springe.
nl.verhalenbank.38269
Jehannes gong wolris mei heit to strunen. As de doar dan ticht siet, sei heit: "Dit is neat wurdich jong, dit kin net, de doar sit ommers fêst." Mar altyd krige Jehannes de doar los.
nl.verhalenbank.38258
Jehannes tsyske hie in skouke. Dêr gong er altyd mei to silen. Al waeide it noch sa bot, hy sylde yn 'e wyn op mei 't seil op. Hy stjûrde sels net. Hy siet gewoan achter yn 'e boat sûnder hwat beet to hawwen. It stjûren gong fansels.
nl.verhalenbank.38251
Wy hienen baelders (turf) yn 't achterhûs, dy makken wy sels. 't Wie in moaije bult.
Op in nacht gebeurde it, dat myn man om ien ûre thús kaem. Doe sei ik tsjin him: "Dû hast moarnmoarne wol wurk, Klaes, hwant de baelderbult is útsketten." Ik hie 't dúdlik heard, it wie ien en al gerattel fan turven.
De oare moarns gong Klaes fuort út bêd wei dêr hinne....
nl.verhalenbank.38271
Jehannes tsjinne by in boer as feint. Hy kaem jouns altyd like let thús. Dêr hie de boer syn nocht fan. Dêrom die er de doar jouns as it let woarde, op slot.
Mar it eigenaerdige wie dat Jehannes de oare moarns altyd op bêd lei. Hy hoefde noait iens in kaei to brûken, hy koe der altyd yn komme.
Doe gong de boer hinne en sette stuollen en tafels en fan...
nl.verhalenbank.38263
Myn man hat by Abe Kooistra yn 't wurk west. Doe kaem Jehannes dêr ris op in kear mei tsiis. Doe sei er tsjin 'e frou: "Jo ha dêr hwat yn 'e panne, dat wol der net yn bliuwe, 't siedt der allegear út wei."
En sa wie 't ek. Der sieten terms yn 'e panne. Mar dêr bleau neat fan oer.
nl.verhalenbank.38262
Oan 'e ein fan 'e Wâl stie in sûkerij-fabryk. Dêr wurke allegear folk op. Jehannes hie dêr ek wurk. Doe sei der sa ris ien: "'k Hie wol sin oan in pikelhearring."
Jehannes sei: "Miskien komt der aenst wol in keapman mei pikelhearrings."
En ja, even letter waerd der op 'e wei roppen: Pekelharing!
Doe de lju nei de wei ta. Mar dêr wie net in...
nl.verhalenbank.38253
Heit wie mei in fracht reid op 'e pream nei de klaei ta. Jehannes wie der ek by. Doe kommen se in boerehiem foarby. Der wienen hinnen op en ek in hoanne. Dy wienen in ein útinoar.
Doe sei Jehannes: "Hwat soe dat moai wêze, as Bôke nou aenst yn 'e midden stiet en de hinnen der omhinne."
It duorre mar even, doe sei heit: "Dêr ha wy 't al. De hinnen om 'e...
nl.verhalenbank.38254
Myn swager hie in jong hynder. Dêr wie er greatsk op en ek tige mâl mei, hwant it hynder wie och sa gehoarsum. Hy sei: "It hynder hat noch noait hwat wegere. Dy lit neat stean."
Doe't er dat sei, wie Jehannes krekt oan 't baeldertellen. Doe't de wein fol wie mei baelders soe myn sweager der mei fuort.
"Fuort", sei er tsjin 't hynder. Mar 't hynder bleau...
nl.verhalenbank.38259
Achter Jehannes wennen in pear âlde minsken, in man en in frou. Op in joun doe wie 't jongfolk op 'e wei hwat oan 't oangean. Se spilen op 'e harmoanika en guon songen der ek by. Doe kom der in frou út 'e hûs wei, dy sei tsjin 't jongfolk: "Jimme matte net sa oangean, hwant de âlde minsken dy't dêr wenje, matte sliepe. De man mat der moarn yntiids wer...
nl.verhalenbank.38270