Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
108 datasets found
Dutch Keywords: sterk Narrator Gender: female
E: Pekkel? Dochter: oalde pekkel, bewaarn dee oalde leu en at de jongs an t voetbaln kwamn, nen lap met oaldn pekkel umhen en dat he'j no nich meer, dat was goed veur kneuzingn. Wit: Van t spek, dat wördn bewaard. Doar ko'j alle spiern met gangs kriegn. En ok veur t vee wa. E: Woarum gebroek ie dat nich vuur oen voot? Dochter: dat he'k nich meer. Wit:...
nl.verhalenbank.128622
Op in kear hie heit in wein fol stront laden. De wein stie yn 't djip skerngat en it hynder koe de stront der net weikrije. Doe spande heit it hynder út en krige it tiksel beet en luts de wein der sèls út. Hy wie sterker as in hynder. Myn heit hiet Fokke Veenstra.
nl.verhalenbank.19446
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Hearke wenne. Doe tilde Hearke mei ien hân de ploege op en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.24894
Ruerd Veenstra is letter troud en hy kom yn 'e stêd to wenjen. Op in snein kochten hy en syn maet in glês bier yn in kroech. Dêr siet doe krekt in roerich ploechje jonkfolk. Dy wienen och sa lestich. Hja hellen de messen ta de bûsen út en wienen drok en healwiis. 't Bigoun Ruerd to forfelen. Ruerd sei tsjin syn maet: "Ik hie der wol sin oan om dat folkje...
nl.verhalenbank.36248
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne. Doe tilde er de ploege op en hy stuts him mei syn iene hân rjochtút en hy wiisde der mei en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23137
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke krige de ploech mei de hân beet en sei: "Hjir stean ik en dêr wenje ik."
nl.verhalenbank.23526
As ien tige sterk is, wurdt der wol sein: dû koest wol in soan fan Sterke Hearke wêze.
nl.verhalenbank.24077
Ek us in kear doe kom heit mei in foer hea út 'e mieden wei. Doe briek der ûnderweis in as. Doe hat heit ûnder 't riden dy as hyltyd fêsthâlden en de wein oan ien kant tild, krekt salang oan't er by de smid wie.
nl.verhalenbank.19445
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe wienen der guon, dy fregen him hwer't Sterke Hearke wenne. Doe sei er: "Dêr wennet er en hjir stiet er." En doe tilde er syn ploege op en wiisde dêrmei nei syn hûs.
nl.verhalenbank.22835
As ien tige sterk wie, dan seinen se: "Dû bist in sterke Hearke, hear!"
nl.verhalenbank.32788
Vrouw Houtman vertelde het verhaal van `Hier is de tijd, daar is de man' aldus. Dominee had er zoo vaak van gehoord, dat hij toen het sterk ijs was zich eens wilde overtuigen. Hij liep er heen, hoorde het, maar op eens kwam er een geul in het ijs, waardoor hij wegzakte en verdronk.
nl.verhalenbank.9106
Heit wie izersterk. Hy wie de sterkste keardel fan 'e hiele Westerein. Hy wie fuorman. Op in kear wienen der seis man by 't wachthûs. Dy wienen oan 't spoarlichten. Sy hienen mei har seizen in ryl (= rail) krigen, dy leinen se dwars oer de wei. Doe kom heit der oan mei de wein. "Ho!" sei er. En hy krige de ryl en smiet him del yn 'e lichte. Sa'n ryl woech...
nl.verhalenbank.19444
Hekserij Sterreke verhaole konde vruuger wel vertelle. Da he'k ok allemaol van heure zegge van vruuger. Mar op d'n Distelberrug moe 't geburd zèn, daor zaat 'r ene mee kleuve in bed. Da waore, da was hout dan gekapt in blokke, van die lang en die vonde ze dan in bed. Niemus kos vertelle hoe die daor gekome waore. Da was hekserij zinne ze dan.
nl.verhalenbank.41603
RW: En ook een keer in de gevangenis. Een meisje en die ging over geesten praten. En die was in slaap gevallen op mijn bed, toen ging ik in haar bed slapen. Ja ik vond het zo lullig om haar wakker te maken weet je. Dus ik ging op haar bed en ik werd wakker en het leek net of iemand me vastpakte. En ik kon geen lucht meer krijgen. Maar ze zeggen dat dat...
nl.verhalenbank.19440
Japke Kloostra en Lammert Geerlings wennen de lêste jierren yn Drylts, oan de Geeuw. Se hie slim lijd oan in woune oan har foet. Japke kaem yn kennis mei in man út Assen. Dy man koe, trochdat er syn hânnen boppe sieke lichemsdielen hâldde, de minsken better meitsje. Frou Geerlings fortelde, dat dy man fiif en fjirtich kear by har west is en dat se doe...
nl.verhalenbank.50530
Doe't Sterke Hearke twa jier âld wie, doe koed er al in boerewein fuortlûke.
nl.verhalenbank.25597
Hjir yn Ikkerwâld hat in sterke keardel wenne. Syn namme wol my sa net yn 't sin komme. Sy makken by 't spoar fan Ljouwert nei Grins greate spoargatten. Dêr wurke dy Ikkerwâldster ek oan mei. De polderjonges woenen him der tusken ha en stutsen him hyltyd de gek oan. Sy pestten him. Doe't er yn sa'n spoargat siet en de pipegael fol modder hie, krige er ien...
nl.verhalenbank.24139
Sterke Hearke wie mei hynder en ploech op it lân. Doe kom der ien by him dy frege nei de wei. "Dan matte jo dy kant út", sei Hearke, en wylst tilde hy de ploech op en wiisde dêr mei de rjochting oan.
nl.verhalenbank.36918
Der kommen us guon by in man dy wie op 't lân oan 't ploeijen. Dy fregen him nei Sterke Hearke. Dy man tilde de ploege op mei ien hân en sei: Dêr wennet er. Mei de oare hân wiisde er op 't boarst en sei: En hjir stiet er.
nl.verhalenbank.23093
Eibert Veenstra wenne yn 'e Westerein. Se neamden him Golo. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy tilde samar in kroade fol dong op en stuts dy mei beide hannen rjocht foar him út. Jappe Eibert seinen se ek wol.
nl.verhalenbank.36307
35