Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: onmogelijk Narrator Gender: female
Tsjoensters komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.12528
Hy hat ek ris in petroaljekarre stil stean litten. Doe woenen de hounen net mear lûke. Sokke dingen die er altyd.
nl.verhalenbank.38098
Oan dit singeltsje wennen Jan Wessels en Hindrikje. Jan Wessels woarde siik, mar doe't er op syn stjerbêd lei, koe de man noait dea. Doe kom Jan Oenes der oan. Dy gong nei him ta en doe wied er samar dea. Jan Oenes hie him bitsjoend. Dy moest earst komme, earder koed er net stjerre.
nl.verhalenbank.20734
Alde Willemke, dy't foar ús oer wenne, wienen alle bern bang foar. 't Wie in tsjoenster. Wy makken faek mei de punt fan 'e klomp in krús oer de wei, dêr koe se net oer hinne komme, seinen se.
nl.verhalenbank.34618
Imke de Jong wie in gûchelder, dy kom altyd op Eastemarre merke. Hy koe de minsken stean litte. Op Hamster merke hat er de plysje alris stean litten.
nl.verhalenbank.29365
As men trije krúskes op 'e wei set, kin de tsjoenster jin net pakke. Men mat noait trije kear achterelkoar 'ja' sizze op hwat in tsjoenster jin freget, hwant dan hat se jin yn 'e macht. Hat men in koarste roggebrea yn 'e bûse, dan kin gjin tsjoenster fet op jin krije.
nl.verhalenbank.24062
Wibe Douma wenne yn Twizelerheide. Syn frou wie siik. Op in joun hearden se hwat. Doe't Wibe seach, kommen der seis froulju oan. Dat wienen tsjoensters. 't Wie famylje fan stammerige Harm. Wibe hie ien skiep. Dat wie op 't hiem. De seis froulju bitaestten it skiep hielendal. Doe gongen se der by wei en nei 't hûs ta. Dêr lei de frou yn 't ledekant. De...
nl.verhalenbank.23740
Heit en Imke de Jong soenen us in kear nei in hynstespul ta. Dêr wienen in protte minsken. Der lei in hiele greate balke yn 't midden. Dêr koe in man trochhinne krûpe. Hy bigong oan 'e ein fan 'e balke. Dêr krûpte hy der yn. Op 'e oare ein soe hy der dan wer ta'n út komme. Doe't er sahwat yn 'e midden wêze moest, hied er lûd jown. "Hwer bin ik nou?" frege...
nl.verhalenbank.21602
Der hat in bern fan ús bitsjoend west. As it op bêd lei dan gûlde 't en wied er krekt sa stiif as in planke. Mar as ik him der út krige, dan wied er slop fan it laitsjen. Ik sei: "Dit doocht net. It bern is bitsjoend." Doe gongen wy nei de duvelbander ta. Dat wie Antsje Snipel fan Boelensloane. Dy sei: "Jimme matte duveldrek ûnder 'e drompel lizze. Dan...
nl.verhalenbank.21104
Alde Auk wie in tsjoenster. Hja wenne yn 'e Leijen en stookte yn 'e winter altyd skjûden yn 'e fjûrpot. (skjûden = afval van vlas; brandstof voor behoeftige lieden) Mei't pake en dy in protte braekten, hienen dy skjûden to keap. Wy wennen yn Broek. 't Wie yn 'e winter en beppe wie nei Bonte Houn ta, dêr leinen har âlders mei 't skipke. Mem en Minkmoai...
nl.verhalenbank.25647
Myn man hie in neef, dat wie Ielke Hottes Kooistra, dy hie yn syn jonge jierren forkearing mei in sekere Tiet. Dy wenne yn 'e kolonjes yn Broek. Doe seinen se ris in kear tsjin Ielke: "Wytst wol dat it in tsjoenster is?" "Né", sei er. "Nou," seinen se, "it is wol degelik sa." "Dan meitsje ik it snein-to-joun út," sei er, "as ik wer by har kom." En dat...
nl.verhalenbank.27453
11