Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Hjir yn 'e Boelensloane, oan 'e Bethlehimsreed, wenne in hiele âlde man. Dat wie âlde Sytse Donder. Dy wenne by syn soan yn. Op in moarn wie dy âld man nergens to finen, doe't de soan fan bêd kom. Sy sochten oeral - op 't lêst founen se him tusken de latten en it tek yn it dak, binnen yn 't hûs.
Hy wie dêr hinne flein. Hy koe tsjoene.
nl.verhalenbank.27599
Pake Boardzer wie fuorman. Op in kear struts âlde Rikele Myt mei de hân oer pake syn hynder hinne. Rikele Myt wie in tsjoenster. Doe't pake thúskaem, sei er: "Dit is net bêst. Myn hynder giet dea, hwant Rikele Myt hat der oan west." De oare moarns wie 't hynder dea.
Sy wienen allegear bang foar Rikele Myt. Op in kear hie se twa arbeiders yn 't wurk, âlde...
nl.verhalenbank.17655
Yn Drachtster Kompenije stie in lyts herberchje, dêr woarde op in joun yn dounse, mei de muzyk derby. It wie Imke de Jong dy't op 'e fijoele spile. Ik siet by him boppe op 'e bank. Doe sei Imke tsjin my: "Mast even de triangel krije." Dy krige ik en ik sloech der op. Sa spilen wy togearre.
Doe sei Imke: "Nou sil 'k de froulju ek even bang meitsje." Imke...
nl.verhalenbank.25263
Bouke Alles, Sierd Harmens en noch ien út 'e Grinzer Pein wienen us mei har trijen as feinten op 'e Grinzer Merke. Sierd Harmens dat wie de lettere duvelbander. Dêr op 'e merke stie in gûchelspul, dêr 't twa fan har yn woenen.
Sierd Harmens woe der net yn. Doe 't de beide oaren oanhâlden, dat hy der mei yn soe, liet er him oerhelje.
Yn dat gûchelspul...
nl.verhalenbank.17399
Alde Japik Nauta wenne yn 'e Harkema op 'e Bulten yn in boereplaetske. Dy syn frou wie bitsjoend. Dat wie 't wurk fan Alle Tet. Sy binne doe nei greate Wopke tagong, dy't yn Kûkherne wenne. Dy hat doe by har west.
Wopke lei har yn elke hân in flesse. Dy moest se in skoft beet hâlde. Hja moest se foaral net falle litte. As hja se falle litten hie, dan hie...
nl.verhalenbank.28157
Oan 'e Houtigehaechsterwyk ( = Skoallewyk) wennen Ritske van der Meer en Aeltsje. Dy hienen in jonkje. Dat bern woarde siik, it gûlde en spuide.
"Us Germ is bitsjoend", sei Ritske. Sy fortochten in minske ticht by har yn 'e buert. Sy retten Aeltsje oan om alle skreven by de doarren ticht to stopjen. Ek it kaeisgat en de skoarstien.
In pot mei nuddels en...
nl.verhalenbank.25660
Ik en Imke de Jong hienen ûnder tsjinst ûndogens west. Doe woarden wy nei 't hokje brocht. Wy moesten sawn dagen sitte. Wy kommen togearre yn 't selde hokje.
Doe't de sipier it slot fan 'e doar omdraeide, sei Imke: "Ik wol de doar wer iepen ha." En hy hie him samar iepen.
De bewaerder die de doar wer op slot, mar fuort dêrnei stie er wer iepen. Imke sei...
nl.verhalenbank.25265
Pake siet in pear dagen yn 'e gefangenis. Doe siet dêr ek ien yn, dy koe mear as in oar. Hy sei tsjin pake: "Soest wol in buorrel meije?"
"Wiswol", hie pake sein.
"Dan hoechst oars net to dwaen," hie er tsjin pake sein, "as even op 'e doar to klopjen. Dan wurdt dy direkt in buorrel tarikt. Mar tink der om, de earste buorrel dyst krijste, mast oer 't...
nl.verhalenbank.28421
Tseard Harms wie in tûken-ien. Dy koe mear as sljochtwei. Dêr hat Hinse Jehannes de Boer syn kunsten ek fan leard.
Us pake syn heit en Tseard Harms wienen ris to Grins. Doe gongen se nei in gûchelspul ta. Der wie ek noch in neef fan myn oerpake by. Myn oerpake en syn neef woenen der bislist yn, mar Tseard Harms hie der gjin sin oan. Mar de oare beiden...
nl.verhalenbank.16035
Ik wie noch frijgesel en sahwat in twintich jier âld. Reid Keuning wenne yn Koatstertille. Dy wie wol in fyftich jier âld, tink. Mar ik wie wol gau us mei him op en út. Hy wie frijgesel en fytsmakker.
Wy hienen us togearre op 'e fyts nei Hurdegaryp ta west om to skutjassen. Hy woan hwat, mar ik neat. Op 'e weromreis sei er: "Ik ha noch wol sin oan in...
nl.verhalenbank.21207
Minse Griper wenne hjir tichteby. Minse wie èk jager. Ik gong ris in kear mei him op stap. Wy soenen to jeijen. Minse hie 't gewear by him en sa gongen wy togearre de lânnen troch. Mar ik stapte hyltyd midden yn 'e groppen, ik koe der noait oer komme, al hoe't ik myn bêst ek die. Dat wie Minse syn wurk.
Doe kommen wy op in stik lân, doe sei er: "Hjir is...
nl.verhalenbank.25264
Ien fan dy beide froulju hat âlde Ritske Ale syn jonge yndertiid bitsjoend. Doe kaem Ale by ús mem om ried. Mem sei: "De pisse fan 't jonkje matte jimme heine en dat op 't fjûr sette mei spjelden der yn. En dan alles goed ticht meitsje en de doarren fêst. Dat dienen se dy jouns.
Mar doe kaem datselde frommes dy't it bern bitsjoend hie, by de doar. Mar sy...
nl.verhalenbank.17661
Der wennen hjir minsken, dy hienen in jonkje. Dat wie altyd nijsgjirrich. It gûlde oan ien stik wei troch en it groeide suver neat. Op in kear kom mem (Klare) by dy minsken to kaertlizzen. Dat wie fanwege dat jonkje. Doe sei mem: "Hjir is in forkeard frommes op 'e buert. Dat bern kin net groeije, omdat dat frommes him yn 'e macht hat.
It bern is troch...
nl.verhalenbank.19305
In swarte kat is faek in tsjoenster. 't Is ek wol us de duvel sels.
Myn wiif har pake, dat wie Hindrik Swart. Mar sy neamden him allegear Hindrik Skutter. 't Wie in hiele raren-ien. De kweade wie syn maet.
Hy siet op syn manier yn 'e bibel to lêzen, mar dan song er dêr wylst allegear rare ûnfatsoenlike strjitferskes by. Dy stienen dêr yn, sei er. En dan...
nl.verhalenbank.21219