Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
27 datasets found
Dutch Keywords: zweven wit
De witte dame, weet ge, vroeger gingen ze vogels vangen, ze maakten een hutje in 't bos of in de bomen, ze zaten te kijken en dan zagen ze een witte dame boven 't water zweven.
nl.verhalenbank.126601
Hindrik Kooistra fan Boelensloane soe nei de boer ta, dy wenne op it Fean. Doe't er sahwat oan 't Blauhûs ta wie, oan 'e oare kant Sierd Pool, gong der ien njonken him yn 't wyt, dy sweefde sahwat. Hindrik sei "Morgen", mar dyselde hie neat werom sein. Doe waerd Hindrik bang en makke hurd dat er by de boer kaem. Dat wie Wytse van der Lei, dy fortelde hy...
nl.verhalenbank.17326
In âld minske yn 'e Boelensloane hie us trije wite wiven sjoen, dy sweefden troch de loft. "Krekt as gong ik mei yn 't soch fan dy wite wiven", sei se. Dat fortelde se mem.
nl.verhalenbank.23496
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west. Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del. Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum. Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915
Piter Alma wie op in nacht mei Albert to murdejeijen. Ynienen bigong de houn to spoekgûlen. Hja gongen der op ôf. Hja tochten net oars as dikke wite Castor fan Nikolaes Postma hie har hountsje to pakken. Mar dat wie 't gefal net. Hja seagen in berntsje yn in wite doek, dat sweefde. It berntsje seach har oan. It gong oerside foar harren lâns, skean de...
nl.verhalenbank.21296
Wite wiven dy sweven hjir froeger boven de heide om.
nl.verhalenbank.23380
Us heit hat ek ris hwat bileefd, ek op 'e Lytse Wei, op itselde plak. Heit wie op 'e fyts. 't Wie nacht. Hy soe nei hûs ta. Wy wennen yn 'e Harkema op 'e Bulten. In great wyt frommes roan samar ynienen njonken syn fyts lâns. Heit stapte ôf. Hy woe sjen hwat dat wie. Doe gong dy wite gedaente fan heit ôf. It like dat se fuort gong. Doe gong heit wer op 'e...
nl.verhalenbank.33620
Douwe de Glee wie boerefeintsje by in pear âlde minsken. Dy wennen to Aldegea yn 'e Goudtsjepoel. Op in kear wie hy der op út west. Hy kom pas yn 'e nacht thús by de âlde minsken. Dy âlde minsken leinen noch net op bêd. Doe't Douwe dêr oan ta wie seach er twa wite froulju skeanoer stappen op Smelle-ie yn. Hy sei tsjin 'e âld-man (Jehannes): "Jo matte gau...
nl.verhalenbank.33355
Myn eigen pappe fortelde, froeger gingen se foak te stropen en te jagen. Hij was toen 17, 18 joar. Bij Haren sagen hij en syn kammeroad in een ander stuk land een wit ding zonder benen. Dat liep foor hem en syn friend op. Het liep niet, moar it sweefde. Se sagen it beide duudlik. Het was lichte moan en schemeroavend. Se durfden die kant niet meer langs....
nl.verhalenbank.37287
Melle van Dekken seach oan 'e Trije Roede by in hjouwerfjild in wyt spoek. Dat gong stadich omheech en sweefde oer de hjouwer hinne en sa rekke it út it gesicht wei.
nl.verhalenbank.25656
Wurdt der ergens ien formoarde, dan spûket dyselde letter op dat plak. Yn Oranjewâld is yndertiid in faem formoarde woarn. Letter sweve se jouns altyd oer de dyk, mei los hier en alhiel yn 't wyt.
nl.verhalenbank.21020
Likele Kuipers, dy't op 'e Skieding wenne hat, seach alle nachten in keardel oer de Janke-dobbe sweven mei in wyt festje oan.
nl.verhalenbank.26025
Der woarde altyd sein yn 'e Westerein: Om tolve ûre nachts moest men net oer de spoarbrêge, hwant dan spoeke it dêr. Dan wie dêr in wyt ding warber, dat forskeidene minsken dêr wol sjoen ha. It wie krekt as sweefde it. En it hearde dan krekt as woarde der mei stientsjes smiten. It jongfolk gong altyd it spoar del nei Feanwâldstermerke ta. Mar werom...
nl.verhalenbank.23766
Ien fan 'e soannen fan Durk Jarings hie yn 'e herberch west to Jistrum. Hy soe nei hûs ta. 't Wie let yn 'e joun. Doe seach er dêr tichte by de Spûkloane in wite gestalte, dy't dwars oer de wei hinne sweeft nei de oare kant ta. 't Like de gestalte fan in minske. Hy is werom gien nei Jistrum, hy doarst dêr net lâns.
nl.verhalenbank.31406
De grootvader was boer in Opeinde (Smallingerland), had akkers met boekweit. In een nacht trad nachtvorst op, waardoor de boekweit bevroren was. Toen de omwonenden dit hoorden, waren er, die zeiden het dadelijk te geloven, want de vorige avond hadden ze wiete jufers boven de akkers gezien. De wiete jufers brachten dus onheil en werden gevreesd.
nl.verhalenbank.13248
Dêr't nou de fabryk fan Spinder is yn 'e Harkema, dêr wenne froeger dikke Fokke. De Fûgelkamp hiet it dêr. Fan 'e hurde wei ôf nei Fokke syn hûs ta roan in dyk (in hege wâl). Op in nacht wienen heit en Albert-om dêr togearre oan 't murdejeijen. Beide hienen se in goeije houn. Albert-om syn buorman Nicolai hie in dikke wite hiemhoun. Doe gebeurde it, dat...
nl.verhalenbank.21210
De boer dêr't ik by wenne yn Aldegea wenne hielendal yn it Westen, op 'e Arkepôlle. Hy hiet fan Japik. Syn 'fan' wol my nou net yn 't sin komme. Op in moarn om trije ûre moest der in kou nei Ljouwert ta, nei de merk. 't Wie op in freed-to-moarn. De koopman dy't de kou ophelle hiet fan Auke. De kou moest by de boat ôflevere wurde. De kou stie noch op 'e...
nl.verhalenbank.33628
Vroeger werd er hier vaak gesproken over dwaallichtjes. Die zagen ze boven het land. Ze waren er bang van. Je kreeg dan de raad een witte zakdoek op de grond te leggen. Dan werden er vijf gaatjes ingebrand, net als in een stoof. Op die manier konden ze je geen kwaad doen.
nl.verhalenbank.57778
In 1866 had je de veepest. Als je boer was met twintig koeien en je had d'r vijf over en een ander had er geen een over, dan leende je hum d'r een. En 't kwam dan niet zo krap, wanneer je die geleende koei terug gaf. Ik heb het teken van die veepest eens gehoord van vroegere mensen. Op een zekere tijd keken de mensen achteruit het land. Nou hebbie van die...
nl.verhalenbank.50940
Pake dy kom us op in joun fan Drachten. Hy soe wer nei de Kompenije ta. Doe seach er op 'e Schwartzenberchloane in wyt ding foar him útsweven. It wie in hiele kamp lân fóár him. Doe gong it oer de wyk en fuort wie 't.
nl.verhalenbank.22181
35