Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 results
Dutch Keywords: zwart Place of Narration: Houtigehage
Oan 'e Loane stie froeger in hûs, dêr wie in frommes yn formoarde. Sûnt dy tiid spoeke it dêr. Sytse Smid hat dêr wenne. Der roan in greate hage foar 't hûs lâns. In protte minsken ha dêr in greate swarte houn sjoen. Ik kom der al us lâns mei de faem. Myn faem fleach ynienen om my hinne. Ik sei: "Hwat wolste?" "Och heden", sei se. Sy koe hast gjin wurd...
nl.verhalenbank.21683
Op 'e Boelensloane rint in pleachbeest skean oer it lân hinne, it sjocht der út as in dikke swarte houn mei hiele greate egen en earen. In keppel fammen fan Boelensloane roan us yn 'e rige it paedtsje del dat likernôch by it Blauhûs bigjint en sa de kant út giet nei 't Fean ta. Doe seagen se de wjerwolf. Hy roan flak by har lâns.
nl.verhalenbank.25178
Op it eintsje fan Boelensloane nei it Blauhûs, dêr spoeke it. Dêr roan altyd in dikke swarte houn. Us heit wie skuonmakker, dy hat him dêr wol sjoen. Dy houn roan hinne en wer.
nl.verhalenbank.28039
Der roan froeger in paed achter 't Fean del, dat kom út op 'e wei nei de Boelensloane, tichte by 't Blauhûs. Dêr roan nachts altyd in grouwe houn om, in swarten. Dat wie in pleachbeest, seinen se.
nl.verhalenbank.23837
Us Egbert-om fan Boelensloane wie in man dy woe neat wite fan spûkerij en dy dingen. It wie in bolderblast fan in fint en hy wie foar neat bang. "As der hwat is, dan woe 'k wolris hwat sjen", sei er altyd. Mar doe hat er dan ris hwat sjoen op in joun. It wie in swart ding dat him achternei siet. Hy koe net sjen hwat it krekt wie, mar 't hie fjurrige egen...
nl.verhalenbank.29408
Heit en myn broer wienen us boppe Apelsgea. Sy soenen mei in koe nei Smilde ta. 't Wie tige ier yn 'e moarn. Doe sei myn broer tsjin heit: "Sjoch dy smoarge houn ris mei dat geitsje." Oan 'e oare kant de feart wie in houn, dy't in geitsje tramtearre. Heit kom tichter by de feart om better to sjen. Hy woe nei de oare kant ta om dy houn in klap to jaen. Mar...
nl.verhalenbank.19584
Op in moarn tusken fjouwer en fiif ûre kommen ik en Sweitse de Wit by de Lange Wyk lâns. Wy soenen nei de buorren ta. Doe kom dêr in lyts swart keardeltsje oan mei in hege hoed op, dy gong stiif njonken my lâns. Sa't ik him neiseach, woarde er wei. 't Wie krekt as der beammen mei woartel en takken ta de groun út skuord woarden. Doe woarde it in swarte...
nl.verhalenbank.23795
Yn Drachtster Kompenije wenne in frou en dêr kom altyd in pleachbeest by as se jouns op stap wie. 't Wie in greate swarte houn sa't it like, mei flapearen, dy't him oer de kop hinne hongen. Dat pleachbeest roan deun tsjin har oan en sy koe 't net earder kwyt wurde of sy moest eerst thús wêze.
nl.verhalenbank.22044
8