Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: zwanger kind Place of Narration: Drachten
Myn wiif wie swier fan in bern. Doe kom de buorfrou by har en sei: "Hark us, ik haw in lykstaesje sjoen, dêr wienen hast gjin froulju by, wòl manlju." Myn wiif hie fuort yn 'e gaten dat dit fan it bern wêze soe, dat se krije soe, mar sy woarde der net oars fan. Sy sei rêstich: "As God it bileavet fan net, dan gebeurt it net." It bern gong dea. De buorfrou...
nl.verhalenbank.22935
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Hy hie in dochter, dat wie Rixt. Dy wie ek o sa sterk. Sy wenne op 'e klaei yn Jirnsum. Rixt hie forkearing mei in feint. It kom sa fier, dat sy moest fan dy feint bifalle. Doe makke dy feint it gau út en hy kom net wer. Rixt krige in bern. Doe't dat sa'n oardeheal à twa jier âld wie, wie der us in kear feest yn Raerd (=...
nl.verhalenbank.23631
Hwannear't in frou yn forwachting is, mat se noait ûnder in line trochrinne, wurdt der biweard, oars krijt it bern stringen om 'e hals.
nl.verhalenbank.26968
Men mat sa'n minske ek net kjel meitsje mei in kat. Dan krijt se ûngelokkige bern.
nl.verhalenbank.26969
Yn Fryskepeallen wenne in jonkje, dat hie in barchje op 'e bille sitten. Mei 't baeijen hienen de bern it sjoen. Dat wie kom trochdat it minske sa kjel woarn wie fan in baerch yn 'e tiid dat se it bern forwachte. Dy baerch hie lulk west. Sa hie dat jonkje de ôfbylding fan in baerch op 'e bille krigen
nl.verhalenbank.27930
Us mem fortelde: Us heit hat altyd it mal fan in hazze op it bil hawn. Dat wie hjir fan kom, sei mem, doe't beppe, - heit syn mem - yn forwachting wie fan ús heit sprong der in hazze foar har wei. Doe sloech se fan skrik harsels op 't bil. En dat wie oergong op ús heit.
nl.verhalenbank.33373
Rypke Atsma fan Eastemar moest in bern ha by de faem. Mar hy liet har mei it bern sitte. Doe is hja mei har bern yn 't wetter sprong en fordronken. Op 'e dei fan 'e bigraffenis woe Rypke de klok net lieden hearre. Hy soarge der foar dat er út 'e wyn wie. Mar krekt op 'e ûre, dat it lyk op it tsjerkhôf brocht woarde, draeide de wyn en klonk it lieden sa...
nl.verhalenbank.26154
Der hat in boerefeint op 'e Suderdwarsfeart wenne, dy wie ek mei de helm geboaren. Dy tsjinne to Drachten by in boer op it Súd. Tichteby wenne in arbeidersfrou, dat minske wie yn forwachting. Mar hja wie sa soun dat, hja die al har wurk oan it lêste ta. It fremde wie, as de feint tafallich by har wie of mei har praette, wie er och sa stil en seach mar...
nl.verhalenbank.33773
Thomas Clare wie kaertlizter. Ik en noch in faem hawwe us in kear by har west. Dy faem hie al in pear bern oerwoun. Hiltsje Veenstra hiet se. Clare skodde de kaerten en sy naem der ien út en sei: "Dit achtsje ik net, dat forwachtsje ik net. Mar famke, dû leist mei dyn njoggen maendtsjes yn 'e skoat." Hiltsje sei: "Och stumper, dat komt my net oer, dan...
nl.verhalenbank.24687
Sahwat in hûndertfyftich jier lyn wenne der yn Assen in faem, dy hie forkearing. Sy moest bifalle fan dy feint. De minsken seinen dat it gjin goed spul wie en sy fortelden it oan 'e burgemeester. Doe gong dy burgemeester nei de faem ta. Hy sei tsjin har: "Hoe bistû yn forwachting kom?" "Dat mei ik net sizze", sei de faem. "Né? Hwerom net?" frege de...
nl.verhalenbank.26121
35