Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
42 datasets found
Dutch Keywords: zwaar Place of Narration: Harkema
By Sterke Hearke soe in baerch slachte wurde fan fjouwerhûndert poun. De baerch rekke fan 'e slachtbank ôf. Doe krige Hearke syn dochter Rixt de baerch by de boarstels en sette him wer op 'e slachtbank.
nl.verhalenbank.21330
Hearke wie us mei noch fjouwer mannen by in baes oan 't wurk. Sy moesten meiïnoar in grouwe, swiere balke forlizze. Mei wrikjen, earst oan 'e iene kant en dan wer oan 'e oare kant, prebearren se de balke fan 't sté to krijen. Mar it woe net. De ûnderbaes stie der by. Dy woarde lulk. Doe sei Hearke foars tsjin 'e fjouwer oaren: "Gean hjir wei, mannen." En...
nl.verhalenbank.20833
In omkesizzer fan Hearke wie ek omrake sterk. Dy wenne yn 'e Harkema. Dy stuts samar in pipegael oan ien stok rjocht foar him út.
nl.verhalenbank.20832
Sterke Hearke hat de ploech ris omheechtild en foarútstutsen, doe't der ien him frege hwer't Sterke Hearke wenne.
nl.verhalenbank.25751
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst yn den Helder. Der leinen twa swiere ankers by de kaserne. It iene woech sawnhûndert poun, it oare fjirtsjinhûndert. Der wie in sterke keardel, dy tilde op in kear it anker fan sawnhûndert poun op. Mar Hearke wie noch mear mâns. Dy tilde dat fan fjirtsjinhûndert poun op. Doe't er dat die, barstten him de soallen ûnder 'e...
nl.verhalenbank.20830
Sterke Hearke wie arbeider op 't Bouwe-kleaster by Bindert Japiks. Hja wienen ris oan 't dongladen. Twa hynders moesten in weinfol dong út it skerngat lûke. Mar de hynders koenen gjin skrip krije. Doe die Hearke de hynders foar de wein wei. Hy krige it tiksel beet en luts allinne it hiele foer ûnder ta 't skerngat út. Doe die hy de hynders der wer foar en...
nl.verhalenbank.28920
Hearke wie in kear achter syn hûs by de poel oan 't baggeljen. Syn soan Egbert wie der by, dy holp him. De bak siet fol klyn. Dy klyn moest út 'e bak weiskept wurde en oer 't lân struid. Mar doe wie der to min rûmte, der wie gjin plak mear foar de klyn. Doe moest de bak forlutsen wurde oer it lân. Hearke hie de heak krige en dy yn 'e kram set en doe hie...
nl.verhalenbank.20831
Sterke Hearke en syn suster wennen togearre. Sy kommen us op in plak dêr wie folk dwaende mei in grouwe beam op 'e wein to laden. Mar sy koenen 't net oprêdde. Doe sei Hearke: "Gean even út 'e wei." Hy en syn suster nommen togearre de beam op en leinen him mei gemak op 'e wein.
nl.verhalenbank.24886
Tsjin it hûs oer dêr't wy earder wenne ha - tichte by de brêge - hâldde in great spoek ta. It wie sa grou en swier, dat se ha it pakt en mei fjouwer hynders foar de wein nei de Surhústerfeanster petgatten brocht. Dêr ha se him yn 'e feangatten forsûpt.
nl.verhalenbank.21323
Hwannear't Hearke dong laedde sette er dat yn seis stikken op in boerewein. Sa sterk wied er!
nl.verhalenbank.25151
Op in kear roan Hearke nei Ljouwert ta. Dat gong oer Wargea. Dêr wienen guon krekt mei beammen oan 't laden op in wein. Ien beam, dat wie in tige grouwen, dy koenen se noait oer de ronge hinne op 'e wein krije. Doe wie Hearke der oan kom. Doe hienen se Hearke frege: "Wolle jo ús eefkes helpe om de beam oer de ronge hinne to krijen?" "Jawol", hie Hearke...
nl.verhalenbank.32771
Hearke hat ûnder tsjinst west, mar dêr koed er min oer. Hy mocht dêr min wêze by dy soldaterije. Doe hie dêr in anker by de haven lein, dat woech 900 poun. Doe frege Hearke de overste of hij by de tsjinst wei mocht, dan soed er dat anker om 'e hiele kaserne hinne tille. "Né," sei de overste, "it spyt my wol, mar dat mei net. Mar dat anker weecht 900 poun,...
nl.verhalenbank.32764
Heit hat wol mei Sterke Hearke arbeide. As der in foer hea yn'e skuorre moest, seinen se tsjin Hearke: "Jo matte it tiksel mar ha, dan skouwe wy." Mar ynpleats dat se skouden lutsen se oan 'e radden.
nl.verhalenbank.21151
Us heit hie in arbeider, dat wie Wibe Alma. Dy wie och sa dom. Achter yn 'e Bûtenpostmer Mieden hie heit gjers hierd. Dat soe ynkûle wurde. It wie o sa swier, der wie nochal hwat wetter ynkom. De pream, dêr't it gjers op laden woarde lei tsjin 'e wâl oan. Sa nou en dan moest de arbeider de pream fan 'e wâl ôfdrukke, om to sjen dat er net to swier laden...
nl.verhalenbank.33025
Deselde dy't mei sterke Hearke wrakselje woe, kom fan Feanwâlden. Doe't Hearke de ploege samar yn 'e hân nom en optilde, gong dyselde stil wer fuort.
nl.verhalenbank.20663
Sterke Hearke wie arbeider by Bindert Japiks Kloosterman op it Bouwekleaster. (Doe't Bindert Japiks stoar, haw ik noch leedbôlle fan 'e bigraffenis hawn) Se wienen by Bindert Japiks oan 't dongladen. De skerne woarde leechmakke. Twa hynders wienen foar de wein spand, mar doe't se de dong der op laden hienen, siet de wein fêst. De beide hynders koenen him...
nl.verhalenbank.19550
Der stie in weinfol jirpels laden by de bou. Dy moesten ergens hinneriden wurde. Mar it hynder koe de wein der net wei krije. Doe hellen se sterke Hearke op. Dy gong mei de rêch tsjin 'e wein oan stean en doe hied er de wein samar op gong. It hynder luts net iens mei, Hearke die 't allinne. De sile fan 't hynder hong slop.
nl.verhalenbank.20851
As Hearke oan 't dongladen wie, lei er hiele greate spitten op 'e wein. Dy't se der wer ôfdwaen moest hie dêr wit hoe lang wurk mei. Yn dy tiid siet Hearke op it tiksel in pypke to smoken.
nl.verhalenbank.25915
Op in kear doe wie it foer hea dat ta de skuorre yn moest sa mânsk, dat it krige fan alle kanten kear. 't Wie op it Bomkleaster by Bindert Japiks. Dy hie seis arbeiders yn 't wurk. It hynder koe 't hea net yn 'e skuorre krije. Doe woarde ôfpraet Hearke soe oan 't tiksel lûke en de oare fiif soenen de tsjillen oantriuwe. Mar de fiif hienen ôfpraet, sy...
nl.verhalenbank.25917
Rixt wie in dochter fan sterke Hearke. Hja wie boerefaem en hast like sterk as har heit. Ik wie yndertiid molkrider. Op in kear, doe't ik de folle bussen op 'e wein sette soe, stie Rixt der by. "Hwer wolst se ha, jonge?" frege se my. En hja sette de bussen mei de tûmen samar op 'e wein op 'e plakken dy't ik oanwiisde.
nl.verhalenbank.23432
35