Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: zwaar tillen Place of Narration: Drachten
Greate Ynse fan Bakkefean hie fan dy enoarme hannen. As slaeijen! Der wienen us in stik of fiif man dwaende om in dikke beam op 'e wein to tillen. Mar it woe net. Doe kom Ynse der oan. Ynse holp har en de beam lei samar op 'e wein. Doe gongen dy fiif man nei de herberch en kochten in slokje. Mar sy seinen net tsjin Ynse: "Kom mei." Ynse giet hinne en...
nl.verhalenbank.25156
Yn Olterterp lei in hiele grouwe beam oer de wei. Der wienen manlju mei dwaende om dy beam op 'e wein to laden, mar dat koenen se net rêdde. Doe fregen se Ynse, of dy helpe woe. Ynse sei: "Goed. Nim jimme dan meimankoar de lichte ein, dan nim ik de swiere ein. Klear?" Doe hufte hy de beam op 'e wein, dy't se der meielkoar net op krije koenen. Mar doe...
nl.verhalenbank.19686
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kom der ien dy frege him, hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke sloech it hynder foar de ploech wei en doe tilde er de ploech op mei beide hannen en hy wiisde mei de ploech en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23493
It gebeurde ek wol us dat sterke Ynse foar de gek it ambyld út 'e smederij wei helle en stikum achter yn 'e tún delsette, as de smit der tafallich net wie. Yn Bakkefean gebeurde dat. Hy moest it sels ek wer toplak sette, hwant der wie net ien, dy't dat oars koe.
nl.verhalenbank.19685
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Ik ha wolris heard, as Ynse baeltsjes rogge losse moest fan 'e wein, op in skip, dan krige er se mei ien hân by de tûfe beet en sette se sa op 't skip.
nl.verhalenbank.27520
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Hy wie us op stap doe kom er fjouwer man foarby, dy moesten in dikke beam op in wein lade. Mar sy koenen 't mei har fjouweren net rêdde. Doe't se Ynse oankommen seagen fregen se him oft er har even helpe woe. Ynse sei: "Gean der mar even wei. Ik sil 't allinne wol dwaen." En hy tilde dy swiere beam pûrallinne op 'e wein....
nl.verhalenbank.23633
Der wienen us in pear mannen, dy moesten in stik of hwat grouwe beammen op in wein lade. 't Wie yn Bakkefean. Sy koenen 't meimankoarren net rêdde. Mar doe kom krekt greate Ynse foarby. Doe fregen se Ynse of dy wol helpe woe. Ynse lei doe de beammen ien foar ien hielendal allinne op 'e wein. Doe't dat gebeurd wie gongen dy mannen nei de kroech om in...
nl.verhalenbank.25696
Hearke hat soldaet west to Ljouwert. Hy woe o sa graech ûnder tsjinst wei. Dêr lei op it terrein fan 'e kaserne in anker, dat woech tolwehûndert poun. Hearke hie 't alris in kear optild. Doe frege er oan 'e kaptein, hy woe graech út 'e tsjinst wei. As se it tastienen, hwannear't hy dat anker om 'e hiele kaserne hinne sjoude. Mar it mocht net. Hy moest...
nl.verhalenbank.27502
Der wie in sunige boer, dy hie by de houtforkeaping in persiel beammen kocht. Hy en syn feint prebearren togearre de beammen op 'e wein to krijen, mar dat koenen se net oprêdde. Tafallich kom krekt Sterke Hearke der oan. Dy seach wol dat de mannen yn forlegenheit sieten en dêrom sei er: "Ik sil jim helpe mannen. As ik nou de swiere ein nim en jimme...
nl.verhalenbank.33771
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst. Dêr hied er in greate hekel oan. Hy woe graech frij. Doe lei dêr in anker op 'e wâl, dat woech tolwehûndert poun. Hearke sei tsjin 'e kaptein: "As ik dat anker op 'e boat bring, bin 'k dan frij fan 'e tsjinst?" De kaptein gong nei him ta. Hy sei: "As jo dat dwaen kinne, ja, dan binne jo frij." Hearke tilde 't op en brocht...
nl.verhalenbank.26053
Sweitse Gal fan Houtigehage hiet ek sterk to wêzen, mar hy koe 't lang net hâlde tsjin pake. Yn Sumar by in herberch stienen in pear okshoofden bier. Sweitse koe se net fan 'e groun krije, pake tilde in fet op en sette 't tsjin 't boarst oan.
nl.verhalenbank.25205
35