Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: zondag geboren
Tsjerke Iebeltsje koe knoffelbân bine. Hja die it foar twa of trije sinten. Hie men de pols of it ankel forknoffele, dan die hja dêr trije triedden omhinne. Dan preuvele se hwat en bitaestte de pols of it ankel. Men moest op snein geboaren wêze om it to kinnen.
nl.verhalenbank.23678
Lju dy't op snein geboaren binne kinne knoffelbannen lizze. Alde Age Oene fan 'e Westerein koe it ek. Dy't de foet forknoffele hie of de pols, dy brochten se nei him ta. Hy wreau de foet of de pols en prevele dêr hwat wurden by. As se de pasjint dy't de foet forknoffele hie op 'e fyts nei him tabrochten kom er rinnende wer thús. Sa holp it. Myn beppe koe...
nl.verhalenbank.33874
Ien dy't op in snein geboaren is, kin knoffelbannen lizze.
nl.verhalenbank.27508
Bijgeloof Van een spin: 's Morgens geluk, 's middags druk, 's avonds een ongeluk. Als er een hond huilt, sterft er iemand. Als er een lijk op Zondag blijft staan, komt er gauw weer een doode. (N-Br.) Met een mes draaien, twee messen kruiselings, met een stoel draaien of eierdoppen verbranden geeft ruzie. De lap van een wond verbranden [veroorzaakt]...
nl.verhalenbank.39509
Bontsje Knjillis wie net allinne mei de helm geboaren, hy koe ek tsjoene. Tominsten, sa biskôgen wy it. Mei in keppel jonges haw ik ris op in snein by him ta de apels sitten. Ik wie doe noch in jonge. Doe't wy de apels opite soenen, wienen se allegear giel en brún fan binnen. Hy hie se bitsjoend. Wy doarsten se net op to iten en ha se fuortsmiten.
nl.verhalenbank.38628
As jy de helm by in pasgeboaren bern nei boppe ta ôflûke, dan kin dat bern letter yn 'e takomst sjen. Lûkt men de helm nei ûnderen ta ôf, dan sjocht er net hwat. Dy't op snein geboaren wurde binne knoffelbân-biners; ek wiersizers (dan matte se ek mei de helm geboaren wêze). As in helm op in skip is, dan forgiet it skip noait en to nimmer.
nl.verhalenbank.23022
Yn 'e Hamsterheide wenne oan 'e Singel (Smoarhoeke) in frou dy koe knoffelbannen lizze. Dat wie Kees Alma syn mem. Sa'n ien moest op snein geboaren wêze. Tsjerke Iebel yn 'e Harkema koe 't ek.
nl.verhalenbank.37251
Ien dy't op in snein geboaren is, dy kin knoffelbannen lizze. Dy't mei de helm geboaren is sjocht bigraffenissen fantofoaren.
nl.verhalenbank.27649
Dy't op snein geboaren is kin knoffelbânbine.
nl.verhalenbank.20972
Ik haw in man kend, dy wie mei de helm geboaren. 't Wie in sekere de Wilde. Op in snein hearde hy ûnder Lippenhuzen dat dêr in bern raesde. "Der gebeurt hwat", tocht er. "Ik tink dat der ien forsûpt is." Hy der hinne to sjen, mar hy woarde neat gewaer. En doch hied er heard dat ien 'help!' rôp. Letter wie dêr op dat plak ien fordronken.
nl.verhalenbank.25969
Dy't op snein geboaren is dy kin knoffelbannen lizze en dy kin ek warten ôfnimme. Doe't ik sa'n great fanke wie siet myn gesicht ûnder 'e warten. Doe kom der ris in man by ús, dy sei: "Dû mast de warten telle. Dan mast in tried krije en dêr likefolle knopen yn lizze ast warten hast. En dan mast dy tried ûnder 'e drompel lizze. Dan bist se binnen de seis...
nl.verhalenbank.25950
35