33 results
Dutch Keywords: zingen veranderen
Tsjoensters foroaren har faek yn katten. As katten kommen se ek by elkoar to forgaderjen. Dat dienen se altyd op 'e heide. Sy psalmsongen der by.
nl.verhalenbank.22189
Tsjoensters kinne har yn katten foroarje. As katten hâlde se forgaderingen. Se ha ek us sa'n forgadering hâlden by âlde Harm v.d. Berg. Dy wennet yn Twizelerheide by de Swâdde. De katten wienen drok oan 't psalmsjongen, doe kom Harm der oan mei 't gewear. Hy hat op dy katten sketten. Se sieten yn in beam to forgaderjen en to sjongen. Ien fan 'e katten hat...
nl.verhalenbank.24841
De heksen foroaren har faek yn katten. Dy katten forgaderen soms en songen dan om 't hûs hinne. Heksen koenen fleane op in biezemstok. Forlieten se 't hûs, dan lieten se de pânse achter.
nl.verhalenbank.29808
It gebeurde nou en dan dat katten meielkoar in forgadering hâldden. Dêr waerd by psalmsong, seinen se. Der waerden dan plannen bisprutsen.
nl.verhalenbank.29825
De tsjoensters hâlde nou en dan in forgadering. Dan ha se har yn katten foroare. Dêr wurdt dan wakker by song. Om 'e sawn jier matte se ien deatsjoene, oars geane se sels dea.
nl.verhalenbank.30377
In tsjoenster koe har yn in kat foroarje. Mei oare katten, ek tsjoensters hâldde se nou en dan forgaderingen. Dêr woarde dan omraek by song. Hja moesten op syn minst ien minske deatsjoene yn sawn jier tiid, oars gongen se der sels oan. Hja rêdden dat altyd wol op.
nl.verhalenbank.30504
Tsjoensters hâlde wol in forgadering. Dan foroarje se har yn katten. Dan sitte se yn in stik greidlân en de iene raest mear as de oare. Sy sizze wol, dat it psalmsjongen is.
nl.verhalenbank.22135
De tsjoensters foroarje har faek yn katten. Soms hâlde dy katten in forgadering. Dan kinne se hiel moai sjonge.
nl.verhalenbank.19876
Om tsjoensters to kearen dienen de lju altyd duveldrek ûnder 'e drompel. Dêr koe de tsjoenster net oer komme. Wy hienen as bern altyd in pûdtsje mei duveldrek op it boarst, om mar net bitsjoend to wurden. Dy't bitsjoend wie, hie krânsen yn 'e kessens. Wienen der trije folle krânsen dan gong dyselde dea, dy't bitsjoend wie. As se dan nei de duvelbander...
nl.verhalenbank.29540
Katten kinne soms in hiel koar foarmje. Dan sjonge se psalms. Mar dan bin 't yn werklikheit tsjoensters.
nl.verhalenbank.33129
Wytse Bosma wenne yn 'e Kule yn 'e Westerein. Op in nacht wie der in hiele swerm katten bûtendoar oan 't sjongen. Wytse gong der út mei de biezemstok en hy jowt ien fan dy katten in goeije reis. De oare moarns moest er oan 't wurk. Syn kammeraet komt by him en seit: "Ik mat nei hûs, hwant myn wiif rint mei de earm yn 'e doek." "Fordomme," sei Wytse, "dat...
nl.verhalenbank.24580
Alde Hanne fan 'e Westerein wie der altyd op út om katten to fangen. Dy strûpte er dan, en de fellen forkocht er. 't Wie in kattefanger. Sa kom er op in kear by in hûs, dêr sieten in stik-of hwat katten by elkoar yn in beam. Hanne soe se der út slaen. Mar doe bigounen dy katten to psalmsjongen. Doe waerd Hanne bang en naeide út. It wienen tsjoensters, dy...
nl.verhalenbank.29748
Tsjoensters koenen har yn in kat foroarje. Dy katten hâldden soms in forgadering. Dan wienen se oan 't psalmsjongen.
nl.verhalenbank.25769
De tsjoensters koenen har yn katten foroarje. As katten hâldden se in forgadering. Dan sieten se yn 'e rounte. Ien wie de oanfierder, dy liedde de forgadering, dat wie de baes. Sy songen in soart psalm.
nl.verhalenbank.27537
Tsjoensters foroarje har yn katten. As katten hâlde se ek forgaderingen op in stik lân achter de buorren. Dan sjonge se. De dikke boarre hat dêrby de lieding.
nl.verhalenbank.22063
De katten forgaderen meielkoarren. Dat wienen de tsjoensters. Dan jankten se allegearre. Dat neamden se wol psalmsjongen. De tsjoensters moesten ien kear om 'e sawn jier ien deatsjoene. Dienen se 't net, dan gongen se der sels oan.
nl.verhalenbank.26204
Katten forgaderje op 't lân. Dat binne dan de tsjoensters. Sy sjonge dêr yn 't lân psalmen.
nl.verhalenbank.34567
Soms hâldden de tsjoensters in forgadering. Hja foroaren har dan yn katten, meastal in stik of sawn tagelyk. Hja sieten yn in rounte op in stikje greidlân to sjongen.
nl.verhalenbank.34622
Soms dan hâldden dy katten in forgadering. Dan raesden se hiel bot, as se by elkoar wienen. Dan gong der letter in minske dea. Dêr waerd dan troch dy katten oer praet. In frou út 'e Kule sei: "De katten ha fannacht wer sa bot raesd, nou giet der gau wer ien dea." 't Wie krekt as songen dy katten.
nl.verhalenbank.29781
Minne Ael wie ek in tsjoenster. Dy foroare har yn in kat. Hja hat har eigen dochters bern bitsjoend. Dy wennen yn 'e Kule. As de minsken in fremde kat seagen, seinen se: "Minne Ael is der wer op út to tsjoenen." De tsjoensters forgaderen meielkoar as se har yn katten foroare hienen. Dan gong it drok op in psalmsjongen. Dat gebeurde meastal op in stik lân....
nl.verhalenbank.36822
33