Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: zingen hekserij
Nachtmerjes kin men fange mei hynstehier en mei moal. Froeger kommen se faek oer 't wetter en dan songen se.
nl.verhalenbank.25289
Ien fan 'e sawn dochters dy't achter elkoar binne, is in nachtmerje. In nachtmerje komt troch 't sleutelgat yn 'e hûs. Men mat de skuon of toffels forkeard foar 't bêd sette, mei de hakken nei 't bêd ta, dat is in middel om der gjin lêst fan to krijen. Sy meije neat meinimme. Men kin ek moal struije. Sy flechtsje de moanjes fan 'e hynders. Nachtmerjes...
nl.verhalenbank.24896
Om gjin lêst fan nachtmerjes to hawwen leinen se froeger de klompen omkeard foar 't bêd. Sy setten ek wol de toffels achterstofoar foar 't bêd. Heit hat wol us forteld, dat se yn in tobbe oer 't wetter farden en tige moai sjonge koenen. Sy koenen ek hiel fluch ride op hynders troch 't lân. De moanjes en de sturt sieten fol flechtsjes, as der in nachtmerje...
nl.verhalenbank.20508
Der kommen us twa froulju oanfarren yn in greate bijekoer. It wienen nachtmerjes. Sy farden oer de Burgumermar. Sy songen har heechste liet op it wetter. Doe't se oan 'e oare kant fan 'e mar kom wienen, leinen se de bijekoer oan 'e kant. Mar dêr wie in man, dy hienen se net sjoen. Dy krûpte fansiden, doe't se der oankommen. Hy harke wyls nei it sjongen....
nl.verhalenbank.20437
It mat achter Kollum us gebeurd wêze, dat dêr in nachtmerje sjongendewei oer it wetter kom wie yn in skelp. Dy skelp hie se weistoppe yn 'e snilen, mar hy is foun woarn troch oaren. Dy ha dy skelp doe meinom. Doe koe dy nachtmerje net wer fuortkomme.
nl.verhalenbank.24477
Mem fortelde froeger: Der gongen twa froulju sjongendewei oer de Burgumermar yn in bûteraed. Sy kommen de Burgumer kant út wei en farden sa nei Skûlenburch ta. Dat hie mem as bern wol us heard.
nl.verhalenbank.20259
Nachtmerjes kinne moai sjonge, fral as se oer 't wetter farre. Fan 'e sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Binne der sawn opelkoarfolgjende jonges, dan is der in wjerwolf by.
nl.verhalenbank.20337
Nachtmerjes koenen prachtich sjonge. Us mem hat wol us forteld, dat trije froulju - alle trije nachtmerjes - us in kear yn in bûteraed oer 't wetter fard wienen en sa prachtich song hienen, dat it fier oer it wetter klonk.
nl.verhalenbank.20254
In nachtmerje is meastal in frommeske. Der wienen us in pear mannen oan 't meanen oan diz kant de Dokkumer Ie. Hja hienen dêr dy nachts yn in tinte lein en doe wie der in frommeske oansjongen kom. Dat wie in nachtmerje. De beide mannen seagen har in eintsje fan har ôf. Hja hie in houten molkaed ûnder 'e earm. Doe wie se al sjongende op 'e Dokkumer Ie...
nl.verhalenbank.25183
Der wienen us in pear mannen oan 't slatten. Doe hearden se sjongen. Dêr wienen twa froulju oanfarren kom yn in boatsje. Prachtich-moai hienen dy song. Doe't se by de wâl wienen, forburgen se har boatsje yn 'e reiden en sy gongen fierder, al mar sjongende. Mar de mannen hellen gau it boatsje dêr wei en brochten it op in oar plak. Doe't de twa froulju...
nl.verhalenbank.25469
10