Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Janne en har dochter Luts wennen yn Houtigehage oan 'e Skoallewyk.
Ritske Postma seach dat Janne en Luts op in nacht oan 't boartsjen wienen op 'e planke dy't oer de wyk lei. Sy rekken de planke net, mar sweefden. 't Wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.25928
(Hiltsje har heit neamden se 'Mâlle Hindrik'. Hy koe bûksprekke en de minsken steanlitte en hy seach lykstaesjes en hy makke forskate rymstikken en rymkes.)
nl.verhalenbank.26986
As Rikele Myt jin hwat joech, moest men dat noait opite, hwant dat foroare yn in pod. Rikele Myt joech sels ta dat se in tsjoenster wie. As se jin in apel joech, moest men dy ûnder in kop lizze en dan nei trije dagen der wer nei sjen. Dan wie 't in pod.
Myt siet jouns mei in spjelde to prippen yn in popke. Dan wie se wer oan 't tsjoenen.
nl.verhalenbank.19511