Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 results
Dutch Keywords: zien man
Ik haw us in keppel katten byelkoarren sjongen heard. Se songen in psalm, 't wie hiel dúdlik. Mar doe't ik der oan ta wie, wie der neat mear. Alde Jehannes Postma wie by my. It ha tsjoensters west.
nl.verhalenbank.21468
Oerpake Jehannes, dêr't ik nei neamd bin, hat sjoen dat in frommes yn in readbaeijen ûnderrok op 'e biezem troch de loft fleach yn Mouneein. Dat wie him net út 'e holle wei to praten.
nl.verhalenbank.20930
Janne en har dochter Luts wennen yn Houtigehage oan 'e Skoallewyk. Ritske Postma seach dat Janne en Luts op in nacht oan 't boartsjen wienen op 'e planke dy't oer de wyk lei. Sy rekken de planke net, mar sweefden. 't Wienen tsjoensters.
nl.verhalenbank.25928
Ien fan Feankleaster rekke nei Jan Monsma ta. Dy wenne yn Rinsumageast en wie dêr wonderdokter. Deselde dy't dêr hinne gong wie in pasjint fan dokter Tilma fan Kollum. Hy naem it wetter mei. Monsma biseach it wetter en sei: "Jo wenje yn Feankleaster, oan 'e súdkant fan 'e wei, yn it safolste hûs fan 'e hoeke ôf en dêr sit in skuor yn it suderkoufinsterke,...
nl.verhalenbank.20177
Ot har man, dat wie Hindrik Pyk ( = H. Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster en hy hie de kweade hân. Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy bearde us in kear, dat er nei de froulju ta soe. Mar hy gong nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom. Sa binaud wied er, hy moest it gesicht op har hâlde. Hy is der...
nl.verhalenbank.21387
Ik haw ek yn Dútslân wurke, yn Glättbeck(?). Ik wie dêr yn 'e kost. Wy wienen mei ús trijen fan kostgongers. Ien fan dy mannen koe mear as in oar. Hy frege my: "Hwa fan dyn neiste famyljeleden dystû kend hast, is it langste dea?" "Myn beppe", sei 'k. "Woest dyn beppe noch wolris sjen?" Ik wist eins net hwat ik dêr op sizze moest. "Dû kinst har komme to...
nl.verhalenbank.27937
Yn Burgumerheide wenne Tsjitse Boonstra. Dy hie in pear kij, dy seagen der min út. Hy liet se heal forhongerje. Op in moarn sil er de kij melke. Mar doe bigounen dy kij to praten. Ien fan 'e kij sei: "Ik moet meer eten hebben. Wij geven vandaag geen melk, want wij hebben honger." Doe sei Tsjitse: "Myn kij binne bitsjoend. Ik kom net yn 't bûthús." Doe...
nl.verhalenbank.30327
In neef fan myn heit koe soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Hy liet se der ek wer yn gean. Ik ha 't sels sjoen. Hy kom út Amerika. Hy koe ek bûksprekke. Hy wie us by ús, doe wienen wy yn 'e keamer en hy stie yn 'e skuorre. Sa praette er mei ús sûnder dat men hearre koe dat er net yn 'e keamer wie. Hy hie faek forlet fan jild. Hy kom dan by ús âlde...
nl.verhalenbank.21576
Tsjoensters kinne prachtich sjonge. Op in nacht siet ik by Wibe Postma yn 'e apelbeam. Dêr wienen sawn tsjoensters: seis froulju en ien man. Guon dêrfan koe 'k wol. 't Wie in hiel tsjoensterslaech. Wylst ik dêr sa yn dy beam siet hearde ik nei it sjongen. It klonk moai yn 'e nacht. Sy kommen op 'e apelbeam yn, dêr't ik yn siet. Dêr siet in swart skiep...
nl.verhalenbank.27771
9