Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: zien angst Place of Narration: Harkema
By de dikke beam oan 'e beton-wei, tusken Harkema en it Bomkleaster stienen us op in nacht allegearre auto's. 't Wienen wite auto's, allegear. Dêr roannen nonnen tusken mei lange rokken oan, allegear yn 't wyt. En dêr wie hwat tusken har yn, dat wie krekt in altaer west, hielendal wyt. Myn op ien nei jongste skoansuster kom dêr dy nachts lâns. Dy hat it...
nl.verhalenbank.32749
Myn broer Piter (^) kom us op in nacht by de froulju wei. Doe seach er hwat út 'e loft fallen. 't Wie in wyt ding. 't Gebeurde by de Krúswei. It ding sûze hiel bot. Piter wie stjerrend-binaud. 't Wie ljochtmoannewaer.
nl.verhalenbank.19557
Ik haw ris to murdzjen west mei Gerke Alma. Wy hienen elk in houn by ús. Doe wie 't ynienen noait liker as fleach der in keppel skiep it lân del. Ik en Gerke mienden beide dat it skiep wienen. Mar dat koe net. 't Wie achter Surhuzum en dêr hienen jy gjin skiep. De hounen kommen mei alle barstengeweld by ús en sy krûpten achter ús mei de sturt tusken de...
nl.verhalenbank.25747
Wy hienen in pake dy hiet fan Wibe. Op in joun kom er thús, doe hie der in houn foar de strjitte stien. Krekt foar de doar. Pake moest der troch. Hy hie in stok by him. Der hied er mei houd nei de houn, mar de houn wykte net. Hy hie hyltyd de tosken mar sjen litten en de stokslaggen hied er op 'e tosken ôfkeard. Sa gau as pake yn 'e hûs komme koe, die er...
nl.verhalenbank.22302
Bôkke Noordman wie in hiele raren ien. Hy flokte en swearde en sûpte hiel bot. Hy kom us fan Feanster merke. Hy hie dêr net in faem krije kind en hy woe dòch ien ha. "Ik wòl in faem ha," sei er, "al mat ik mei in ezel yn 'e hûs sitte." Doe stapte der him samar in ezel op side. Doe woarde Bôkke sa binaud, dat hy kloppe âlde Willem Hofstede fan bêd. Hy...
nl.verhalenbank.21235
As hounen spûkgûle, as eksters skatterje, as de tsjerkeklokken deadsk liede - dan hinget der in deaden oan - sil der ien stjerre. In pear jonges, sa fortelde heit, woenen de kloklieder ris in kear bang meitsje. Doe't er to kloklieden soe gongen dy beide jonges boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan stean. 't Wie al hwat tsjuster. Doe't de klokmakker dy beide...
nl.verhalenbank.31545
6