Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
24 results
Dutch Keywords: zien Place of Narration: Harkema
By de dikke beam oan 'e beton-wei, tusken Harkema en it Bomkleaster stienen us op in nacht allegearre auto's. 't Wienen wite auto's, allegear. Dêr roannen nonnen tusken mei lange rokken oan, allegear yn 't wyt. En dêr wie hwat tusken har yn, dat wie krekt in altaer west, hielendal wyt. Myn op ien nei jongste skoansuster kom dêr dy nachts lâns. Dy hat it...
nl.verhalenbank.32749
Op 'e Lytse Wei by de Harkema ried froeger in wite dame op in hynder, doe wie de Lytse Wei noch in sânpaed. Durk Pitstra hat har us njonken him hawn op in joun, doe siet er op syn eigen hynder om dat yn 't lân to bringen. Hwat hurder hy ried, hwat hurder dat frommes tasette. Hy koe har net kwyt wurde en dreau op 't lêst yn 't swit.
nl.verhalenbank.22709
Aen Klokje (= A. Alma) roan ris op in jountiid allinne by de grouwe beam lâns doe seach er dêr de skime fan in keardel. Dy hie ek samar wer fuort west. It spoeke dêr altyd by de grouwe beam.
nl.verhalenbank.25746
By de Fjouwer Wringen ûnder Surhústerfean spoeke altyd in hynder. Dat stie mei de kop oer de hekke hinne. Kom men der by, dan wie 't samar ynienen net mear to sjen.
nl.verhalenbank.20955
Yn 'e Bosk - hjir yn 'e Harkema - roannen nachts twa neakene berntsjes om. Dy spoeken dêr. Foppe de Haan hat se dêr alris troffen. Hy doarst der letter noait wer by nacht lâns.
nl.verhalenbank.25742
Achter 'Spimeta' yn 'e Bosk seach ús mem op in joun twa famkes mei skelkjes foar en huodtsjes op. Dy spûken dêr om.
nl.verhalenbank.23911
Piter Alma seach us yn 'e nacht twa wynhounen mei glinsterjende halsbannen, dy't samar wer fuort wienen, krekt as wienen se yn 'e loft fordampt.
nl.verhalenbank.22099
Myn broer Piter (^) kom us op in nacht by de froulju wei. Doe seach er hwat út 'e loft fallen. 't Wie in wyt ding. 't Gebeurde by de Krúswei. It ding sûze hiel bot. Piter wie stjerrend-binaud. 't Wie ljochtmoannewaer.
nl.verhalenbank.19557
Ik kom us op in joun let thús. 't Wie ljochtmoannewaer en wy hienen achter hûs in skerngat. Yn dat skerngat wie alles yn biweging en it rattele dat it hwat die. Hwat dat west hat, haw ik noait bigrepen hawn, mar ik wyt wol dat ik deabinaud wie.
nl.verhalenbank.25904
Jehannes van Minnen wenne yn Droegeham. Hy hie lân yn 't Leech by 't Bouwekleaster. Doe't er al in moai skoft dea wie ha guon him dêr forskillende kearen yn 't Leech sjoen.
nl.verhalenbank.21648
By de nije brêge yn 'e Harkema fytste in man, dy woardde dêr altyd beet hâlden, en dochs wie der neat to sjen. It wie in ûnsichtber spoek.
nl.verhalenbank.17539
Ik haw ris to murdzjen west mei Gerke Alma. Wy hienen elk in houn by ús. Doe wie 't ynienen noait liker as fleach der in keppel skiep it lân del. Ik en Gerke mienden beide dat it skiep wienen. Mar dat koe net. 't Wie achter Surhuzum en dêr hienen jy gjin skiep. De hounen kommen mei alle barstengeweld by ús en sy krûpten achter ús mei de sturt tusken de...
nl.verhalenbank.25747
Wibe Alma siet in kear yn 'e gefangenis. Dêr hat er wol folle faker yn sitten. Hy moest trouwe mei Griet, mar dy woed er net ha. Doe't er syn tiid yn 'e gefangenis útsitten hie, kom er thús. Doe seach er Griet yn 'e hûs stean. Tominsten dat miende er. Hy soe har in lawibes jaen, hwant hy woe har net ha. Hy kom op har ta en sei: "Bistû dat, Griet?" Mar doe...
nl.verhalenbank.21451
Doe't wy noch fan dy jonges wienen, ha wy us mei ús fjouweren om knineiten west. 't Wie op 'e Hamster Ikkers, tichte by de Boskwei. Doe ha ik hwat sjoen, dat sil ik noait wer forjitte. Dêr kom in kroade oan. Dêr wie in hynder foarspand. Yn dy kroade siet in hiel lyts mantsje. En dat gong der oan wei, ien stik lawaei! Wy seagen 't alle fjouwer. Mar doe...
nl.verhalenbank.20836
Piter Alma wie op in nacht mei Albert to murdejeijen. Ynienen bigong de houn to spoekgûlen. Hja gongen der op ôf. Hja tochten net oars as dikke wite Castor fan Nikolaes Postma hie har hountsje to pakken. Mar dat wie 't gefal net. Hja seagen in berntsje yn in wite doek, dat sweefde. It berntsje seach har oan. It gong oerside foar harren lâns, skean de...
nl.verhalenbank.21296
Wy hienen in pake dy hiet fan Wibe. Op in joun kom er thús, doe hie der in houn foar de strjitte stien. Krekt foar de doar. Pake moest der troch. Hy hie in stok by him. Der hied er mei houd nei de houn, mar de houn wykte net. Hy hie hyltyd de tosken mar sjen litten en de stokslaggen hied er op 'e tosken ôfkeard. Sa gau as pake yn 'e hûs komme koe, die er...
nl.verhalenbank.22302
Piter Simens Kloosterman wie in boer. Dy wenne op 't Kleaster. Hy hie bigeard, hy woe steande bigroeven wurde. Dan koe er it lân oersjen. Mar sy dienen it net. Doe kom er werom. Hy kloppe by syn folk oan 'e doar. In pear kearen ha se him sjoen. Doe ha se der in dûmny by helle. Dy hat him oansprutsen en frege, hwat syn bigearte wie. Doe ha se nei 't graef...
nl.verhalenbank.20677
Myn omke wenne yn Grinzer Pein. Hy wie mattewever. Op in nacht om healwei ienen gong hy der op út mei in platte kroade. Dêr hied er in matte op dy't er oan 'e man bringe woe. Hy soe de kant nei Frentsjer út, dêrom wied er ek sa bitiid. 't Wie hwat mistich waer. Doe't er ûnderweis wie yn 'e buert fan Ljouwert, seach er ynienen in hiele greate kop. Dy wie...
nl.verhalenbank.25525
Dêr binne ek wol neakene berntsjes achter by de dobbe sjoen woarn. Dy boarten dêr om. Dy berntsjes wienen dêr formoarde woarn en doe koenen se de rêst net fine. As de minsken dy berntsjes dêr seagen, dan naeiden se út.
nl.verhalenbank.20676
't Wie hjir yn 'e Harkema. Ik kom op in joun mei myn jonge by ús heit en dy wei. Doe sei myn jonge ynienen: "Sjoch, heit, dêr stiet ek ien." Ik sei: "Ik sjoch neat." Mar ik krige de lampe, dy't ik by my hie en doe ljochte ik en doe seach ik in gedaente. 't Wie in beeld fan in frommes mei in pelterine om. Wy roannen oerdwars en moesten troch in sleat, mar...
nl.verhalenbank.25739
24