Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Dyselde Sjirk wie mei syn soan op in joun op stap.
Doe seach de soan hwat, dat like op in minske. 't Wie yn de Pein. Syn heit frege him: "Rint it of sweeft it?"
"It sweeft", sei de soan.
"Set dan sok", sei Sjirk. En doe gong it op in draf dêr wei.
nl.verhalenbank.31917
Haeije Postma fan Surhuzum - in âld man - fortelde ris: Yn Surhuzum wenne in âld-frou.
Greate Gelf en syn kammeraten soenen dat âld-minske ris bang meitsje. Sy passearden in paed mei in omstap om 'e hekke. Dêr moest dat âld-minske lâns.
Twa fan dy mannen gongen dêr stean, elk mei in great wyt ding om.
Doe wie dy âld-frou dêr oan kom. Sy bleau stean en sy...
nl.verhalenbank.27334
In dochter fan ús hie nei Wilhelmina-hoeve ta west to werken. 't Wie sahwat om in ûre of alve, healwei alven hinne, doe gong se der wer wei. 't Wie moai ljochtmoanne waer en hast sa ljocht as dei.
Sy fytste de reed del fan Wilhelmina-hoeve. Sy moest even pisje en doe't se dat dien hie gong se wer op 'e fyts.
Doe kom der in great wyt ding op har ôf. Doe't...
nl.verhalenbank.26022
Likele Kuipers, dy't op 'e Skieding wenne hat, seach alle nachten in keardel oer de Janke-dobbe sweven mei in wyt festje oan.
nl.verhalenbank.26025
Hier woonde in wiefke in Opende, dy sei, der kwam elke oavend een wit ding bij hoar hús langs. Dat suisde heel hard. Hja fortelde 't oan Schoppert (de directeur fan Wilhelmina-hoeve) en dy woe 't net leauwe. Mar hy bislute der mei syn frou op in joun hinne to gean. En doe seagen dy it ek, it âld minske hie wòl gelyk. Mar hwat it wie, bigriepen se net.
nl.verhalenbank.26333
Der binne altyd baren op 't tsjerkhôf, fral moarns bitiid kin men dat sjen. Dan leeft it, it giet hinne en wer. De sluijers fan 'e minsken binne dan oer it hôf.
In hynder fret gjin gers fan in tsjerkhôf. In koe ek net, allinne as it gers ynkûle is.
nl.verhalenbank.23464
Ik was een jonge. Doe was doar ook een húshouding op dezelfde plaats woar later de spitkeet stond. Doar deugde 't niet.
Doe was ons foaijer een avond fot. Doe hat it dan twoalf uur west de nachts, doe het moeke docht: zou hij der ook an komen?
"'k Zat al bûten met Antje, - de oudste fan de dochters - ", see se.
Ik was zowat drie, vier joar.
Doe't moeke en...
nl.verhalenbank.23964