Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
121 datasets found
Dutch Keywords: zien Place of Narration: Drachten
Doe't Hitler oan 'e macht kaem, wenne der yn Frankryk in minske, in sikere Madame, dy koe alles foarút sjen. Dêr stjûrde Hitler ien hinne om presys gewaer to wurden hoe't it forrin wêze soe fan syn polityk. It minske hat alles haarfijn forteld. It is krekt sa gong oant yn 'e lytste bysûnderheden ta. Trouwens in diplomaet Dimitrow hat him ek foarspeld...
nl.verhalenbank.33708
Yn 'e Rottefalle wenne Piter Scheper. Dy koe mear as in oar. Hy siet us by syn buorman yn 'e hûs en doe sei er: "Sjoch, al jou fé rint bûtendoar." 't Wie midden yn 'e winter en soks wie net mooglik. It fé stie op 'e stâl, mar de buorman seach syn fé ek tige dúdlik rinnen. Hy gong nei bûten ta, mar der wie neat to sjen. Alle fé stie op 'e stâl.
nl.verhalenbank.19678
Mem fortelde: Sjoerd van der Heide fan Aldegea seach bigraffenissen fan tofoaren, foar dat se der echt wienen. Hy sei dan: "Wy krije earstdeis wer in sterfgefal yn 'e famylje, ik haw de bigraffenis al sjoen."
nl.verhalenbank.33330
Der wennen minsken yn Grinzer Pein. De man en de frou leinen op bêd. 't Wie yn 'e nacht. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Hwat giet it hjir dochs op in timmerjen." Sy hearden klear dat der mei planken smiten woarde. Sy hienen mar ien buorman, dy wenne oan 'e lofter kant. Mar it timmerjen kaem fan 'e rjochtse kant, en dêr stienen gjin huzen. Hja der ôf om...
nl.verhalenbank.24659
Heit fortelde: Omke Gjert fan Sumarreheide wie op in nacht op in paed. Doe seach er in neaken berntsje foar him op rinnen. Hy tocht: - hoe komt dat berntsje hjir, ik mei 't wol gau mei nimme - Mar doe't er dat berntsje pakke soe, doe fleach it yn in dobbe. En 't wie wei.
nl.verhalenbank.33331
Alde van der Woude út Grinzer Pein hat ek in pear kear mei in pleachbeest to meitsjen hawn. Op in kear, doe wienen hy en noch twa man de Grinzer klaei út west. Sy hienen warch west, hwant sy wienen rinnende en sy wienen even lizzen gong en dêr wie hy yn 'e sliep rekke. Doe't er wekker woarde hienen de oare twa sein: Der is ús in pleachbeest passeard. Doe...
nl.verhalenbank.24665
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch." Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26066
Ik wie in jongfeint, doe kom ik us op in kear mei myn kammeraet Japik op in joun op 'e fyts thús. (yn 'e Boelensloane) "Sjoch," sei 'k, "dêr stiet in plaets yn 'e brân." 't Wie Veenstra's plaets, dy stie yn ljochte lôge. Doe't wy der by kommen, wie der neat to dwaen. Trije wiken letter seach ik it wer. Mar doe brânde de plaets op. 't Wie deselde lôge.
nl.verhalenbank.23491
Myn beppe hie in suster. Dy forfarde nei Amerika ta. Hja skreau beppe yn in brief, hja hie ûnderweis op sé in sémearmin sjoen. Hja is dêr yn Amerika omkaem.
nl.verhalenbank.33696
In famyljelid fan heit hat us mei in pleachbeest to meitsjen hawn. Dy moest nei Kûkherne ta. Dat wie in hiel ein rinnen. Hy siet by minsken en dêr hienen se 't oer in pleachbeest. Hy sei: "'t Bistiet net, dat der pleachbeesten binne." Mar de oaren hâldden fol fan wòl. Hy sei: "As se der dan binne, hoop ik jounich ien to sjen." Sa rekke er fuort. Hy hie...
nl.verhalenbank.19321
Wylde lantearnen seach men meast boppe de heidefjilden. As de minsken ien seagen, seinen se: "Sjoch, dêr komt wer in nij hûs."
nl.verhalenbank.26112
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
Myn jonge - Jehannes - wie in jier of tolve, hy gong noch nei skoalle. Wy wennen yn 'e Houtigehage. Op in kear gong hy der yn 'e nacht ôf en doe seach er skean nei in hoeke fan 'e keamer. Dêr bleau er mar nei stean to sjen. Ik sei: "Jonge, hwat sjochstû dêr?" "Ik sjoch in houten bakje," sei er, "mei in swart kleedtsje der oer." Sahwat in jier letter...
nl.verhalenbank.24667
Yn 'e Sumarreheide seagen se froeger ljochtsjes boven de fjilden. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat wie de foarboade fan 'e betonwei, dy't dêr letter kom is. De ljochtsjes, dat wienen de auto's dy't der oerhinne ride.
nl.verhalenbank.33333
Hjir yn Drachten wenne ik jierren lyn by moeke Boulier. Moeke Boulier koe mear as in oar en hja wist ek mear as in oar. Hja seach allerhande dingen foarút. Op in kear fortelde se, oan 'e oare kant de wei soe in great kanael komme en dêr soenen pakhuzen boud wurde en greate hotels. Dat is nou sa'n 60 jier lyn dat hja dat fortelde. Ik ha letter wolris...
nl.verhalenbank.37800
Op 'e Bearne-wyk - dêr is ús mem geboaren -, dêr wie 't yndertiid allegearre bosk. Us Sake-omme wie dêr alris mei noch ien. Hy hat it my sels forteld en 't wie gjin man om to ligen. Sy hearden der ynienen in lawaei op 'e Bearnewyk, it wie ôfgryslik. Troch de hiele bosk, njonken har wienen oer in stripe fan twa, trije meter distânsje de beammen oan 'e...
nl.verhalenbank.26065
Ik wie sechstjin jier âld, doe bin 'k nei Dútslân ta rekke. Doe't ik dêr in skoftsje west hie, doe seach ik op in nacht klear dat der trije arbeiders oan kommen. Ik lei op bêd. 't Wienen arbeiders út Hollân. De iene hie in broek oan mei in oar stik yn 'e knibbel. Trije dagen letter wienen se der. Dy mei in forsette knibbel yn 'e broek wie in neef fan my.
nl.verhalenbank.23492
Ik ha ûnder tsjinst lein. Dêr wie ek in jonge, dy kom fan Brabân. Dy fortelde: Der wenne njonken my in âld man. Dy âld man hie in forboun mei de duvel. Ik kom in protte by dy âld man. Ik wie noch mar in jonge, doe kom ik al by him. It is faek gebeurd, dan siet ik by him, dan gong de keamersdoar ynienen samar iepen en fuort dêrnei ek wer ticht. Men koe net...
nl.verhalenbank.24935
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane koe nachts alle lykstaesjes sjen. As der ien wie moest hy der nachts út. Hy wie mei de helm geboaren. As er mei ien oproan, sei er wol gauris: "Gean even oan kant." Dan seagen dy minsken neat, mar hy wòl.
nl.verhalenbank.26115
In âld minske yn 'e Boelensloane hie us trije wite wiven sjoen, dy sweefden troch de loft. "Krekt as gong ik mei yn 't soch fan dy wite wiven", sei se. Dat fortelde se mem.
nl.verhalenbank.23496
35