Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: zien weg Place of Narration: Drachten
Alde Bearn wenne yn Driemunt. Dy sei us op in moarn: "Ik ha de hiele nacht net slept." Hy sei tsjin ús: "Hwat wie't dêr allegear in leven en hwat in ljocht allegear. 't Gong de hiele nacht troch." Dat wie op it plak, dêr't nou de rykswei is. Dat hat hy fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.26066
Yn 'e Sumarreheide seagen se froeger ljochtsjes boven de fjilden. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat wie de foarboade fan 'e betonwei, dy't dêr letter kom is. De ljochtsjes, dat wienen de auto's dy't der oerhinne ride.
nl.verhalenbank.33333
Hjir yn Drachten wenne ik jierren lyn by moeke Boulier. Moeke Boulier koe mear as in oar en hja wist ek mear as in oar. Hja seach allerhande dingen foarút. Op in kear fortelde se, oan 'e oare kant de wei soe in great kanael komme en dêr soenen pakhuzen boud wurde en greate hotels. Dat is nou sa'n 60 jier lyn dat hja dat fortelde. Ik ha letter wolris...
nl.verhalenbank.37800
Auke Siebenga fan Nyegeaster Pein hie nei Aldegea nei de faem ta west. Hy wie op 'e weromreis en roan de Aldegeaster dyk del. Hy wie noch net oan 't brechje ta. Der stienen trije rigen swiere ikebeammen oan wearskanten fan 'e wei. Doe kom der in ljocht oan, de kant fan Nyegea út wei. Auke sprong oan kant, hwant hy tocht: dat kin wolris in auto wêze. Hy...
nl.verhalenbank.33624
Frou Korenga fan Oldekerk hie in nicht, dy har heit wie in forkearden-ien en in hiele raren. It wie in losbol en in sûper en hy siet soms heale dagen yn 'e kroech. Op in joun gong dy nicht de Londense wei del om har heit op to heljen. Sy gong by frou Korenga oan. "k Ben ongerust over pappe," sei se, "hij komt maar nooit thuis." Sy frege of frou Korenga...
nl.verhalenbank.19623
Ik hie in feint, dat wie Tseard Jongsma, dy hat njoggen jier lang by my tahâlden. Op in kear doe wied er achter hûs, doe rôp er: "Kom hjir us even." Dat is nou in fiif en fjirtich jier lyn. 't Wie yn Aldegea. Ik dêr hinne. "Sjochst wol?" sei er. Der ried in tram achter ús lâns, dy gong op Garyp yn. Wy seagen him krekt salang nei as wy koenen. Der wie doe...
nl.verhalenbank.24865
Wykstra fan Tolbert trof ik us in kear by Meint de Boer yn 'e kroech to Mearum. Wykstra fortelde: Ik wie forline wike mei in maet op stap. 't Wie al let op 'e joun. Ik roan midden op 'e wei. Myn maet sei tsjin my: "Kom dêr wei, Wykstra, hwant der komt in lykstaesje oan." Ik gong net fan 'e wei, mar roan troch. Dêr liz ik - God help my - yn 'e sleat. 'k...
nl.verhalenbank.26069
Douwe Stavasius wie mei de helm geboaren. Hy wenne yn Grinzer Pein. Dêr wenne ek in jonge, dy krige in ûngelok mei de kipkarre. Doe woarde er op 'e leider nei de wei ta brocht. Douwe sei: "Dat kinne se wol dwaen, mar 't jowt neat. De jonge komt dea werom." En 't wie ek sa. Hy is ûnderweis stoarn. Douwe hie syn bigraffenis al sjoen.
nl.verhalenbank.26056
35