Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: zien hond Place of Narration: Drachten
In famyljelid fan heit hat us mei in pleachbeest to meitsjen hawn. Dy moest nei Kûkherne ta. Dat wie in hiel ein rinnen. Hy siet by minsken en dêr hienen se 't oer in pleachbeest. Hy sei: "'t Bistiet net, dat der pleachbeesten binne." Mar de oaren hâldden fol fan wòl. Hy sei: "As se der dan binne, hoop ik jounich ien to sjen." Sa rekke er fuort. Hy hie...
nl.verhalenbank.19321
Dyselde omke wie in bern fan acht jier, doe rekke er bitsjoend. Alde Klare wie in heks, dy die dat. Omke syn mem hiet fan Wike. De âlde heks kom faek by harren. Dan sei se: "Och Wike, doe de planke even over. Ik wil even de kleine jongen zien." Hwant omke en dy hienen in draei oer de feart. Klare wenne yn 'e buert. Hja kom der dan yn en krige kofje. Faek...
nl.verhalenbank.19619
By 't Blauhûs spûke it altyd. Dêr waerd fan alles sjoen. Forskate minsken ha dêr in grouwe, swarte houn sjoen, dy roan dan mei de minsken mei. Dêr wienen se fjûrbinaud foar.
nl.verhalenbank.37912
In sekere Sake van der Kloet en syn wiif wennen op 'e Skieding oan 'e Fryske dyk. Dy beiden koenen och sa min mei elkoar. Doe't syn frou yn posysje wie, sloech er har mei de bolleskeppe. Doe sei de frou: "Noust' dat dien hast, hoopje ik dat God in teken oan it bern jowt, nou't ik yn posysje bin." Doe krigen se in bern, dat wie gebucheld. (Alle oare bern...
nl.verhalenbank.17753
To Surhuzum is in âlde sânreed mei in fytspaedtsje der njonken: de Rysloane. Dat paed giet nei de Stroboskerfeart ta. Sahwat in heale kilometer fan Surhuzum ôf roan op dy sânreed midden yn 'e nacht altyd in dikke swarte houn. Dy spoeke dêr om. Ûnderskate minsken ha him dêr sjoen. De lju wienen bang foar dy houn en stapten ôf as er op it fytspaed wie....
nl.verhalenbank.17752
Myn beide skoanâlden hienen der op út west mei de karre mei rusken matten. Doe't se by 't Blauhûs wienen, flak by Boelensloane, woarden se samar yn 'e feart dreaun. De karre bleau stean. Sy koenen de hounen net foarút krije, sa bang wienen dy. 't Wie in soart houn west, dy't se sjoen hienen. Guon woenen wol ha, dat it in pleachbeest wie.
nl.verhalenbank.22916
Oan 'e feart fan Bakkefean nei Sigerswâld, dêr't in pomp ûnder 'e feart is, dêr doogde it net. Heit en dy farden dêr ris lâns, de kant nei Sigerswâld út. Doe seagen se op 'e wâl in dier rinnen, 't like op in greate swarte houn. Dat koenen se net goed sjen, hwant it wie skimerich. Dy houn bleau by 't skip lâns rinnen, oan Sigerswâld ta. Heit biwearde, dat...
nl.verhalenbank.29304
35