Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
51 datasets found
Dutch Keywords: ziekte heksenkrans
Myn groatmoeke fan Holwert gyng eens feur haar kiend naar Wopke. 't Kiend had kransen in 't kussen. Wopke sei tegen moeke Tryntsje: Hier heste goed, mar dû moest it an deze kant by dy houwen. En aan die kant moestû niet ien passeare laten, omdat dan dat fleske met goed der an gaat. Ik warskou dy Tryn, denk aan dyn naaste familie. It waren haar mans vader...
nl.verhalenbank.32614
Stammerige Harm fan Twizelerheide wie in tsjoenster, seinen se. Hekse-Harm seinen se ek wol. Hy koe him yn in kat mei gleone egen foroarje, seinen se. Hie ien krinten om 'e mûle of in seare holle, dan wie sa'n ien bitsjoend. In bern dat bitsjoend wie hie in krâns yn 't holkessen. Dy krâns woarde der úthelle en opbrând. Earder woarde 't bern net better. By...
nl.verhalenbank.36314
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Pake en beppe wennen op 'e Noarder Dwarsfeart. In broer fan pake, dat wie Geart Schriemer, dy wie bitsjoend. Hy wie sa siik as in houn en trille fan 'e koarts. Der wie altyd in dikke swarte kat by harren yn 'e buurt en dy hie pake yn 'e rekken. Dat wie de tsjoenster. Pake hie al in pear kear in raem op dy kat...
nl.verhalenbank.19863
Wij woonden in Winsum. Friesland. Daar het myn man de bloedspuwing kregen. Hij was zeven en dertig jaar toen is ie overleden. Ik bleef met vier kienders sitten. De jongste was drie jaar. 't Waren arme tiden, ik kreeg vijf gulden onderhoud. 't Was in de eerste oorlog. Daar was geen seep te krijgen. We hadden kleizeep. Wij woonden in de Kerkeburen. Doe...
nl.verhalenbank.24277
Myn man syn suster wie ris in kear siik, doe't it noch in famke wie. Sy wie bitsjoend. Doe gongen se nei in duvelbander ta, dy moest fan Jistrum komme. Hy helle in krâns út it kessen dêr't it bern op sliepte. Dy krâns dienen se yn 'e dôfpot, mar dy woe dêr net yn bliuwe. Hyltyd gong 't lid fan 'e dôfpot omheech en kom de krâns nei boppe. Op 't lêst binne...
nl.verhalenbank.31045
Ik hie in susterke, dat wie Fokje. Doe't dat in famke wie woarde hja ris op in kear siik, en doe seinen se dat se bitsjoend wie. Piters Willemke wenne fjouwer huzen fan ús ôf, en dat wie in biruchte tsjoenster. Der waerd ornearre, dat dy soe ús Fokje wol ûnder har macht ha. Hwant Willemke koe fan alles. Hja fleach nachts oer de telefoantriedden hinne. Se...
nl.verhalenbank.30367
Myn mem hie in suster, dat wie doe noch in famke. Sy sukkele. Sy tochten: Miskien is 't bern wol bitsjoend, dat doe sette pake op in kear nei de duvelbander ta. De duvelbander sei: "Jimme matte ris yn 't kessen sjen, dêr't it bern op leit. Dêr sille jim krânskes yn fine. Dy matte jimme forbrânne en dan matte jo mei 't gewear bûtendoar stean gean. Dan komt...
nl.verhalenbank.38672
Dat heb ik ok van m'n ouders. As d'r een krans in het kusse zat, dat was door toedoen van een heks. Wie dat overkwam, die werd ziek of ging dood.
nl.verhalenbank.70352
Een krans van vere in het kusse, dat had je wel as een kind ziek was geworde. De vere ware roze geworde. Dan was 't kind betoverd.
nl.verhalenbank.70581
Beppe wenne to Feanwâldsterwâl. Dêr wie in bern siik. Dêr kaem altyd in swarte kat om 'e doar rinnen, dat wie de tsjoenster dy't it bern bitsjoend hie. De buorfrou sei: Tink der om, dat en dat âld minske, dy docht it. Dy makket jimme bern siik. Jimme matte in krús fan rogge meitsje ûnder 't kleedtsje by de drompel, dan kin se der net yn komme. It bern hie...
nl.verhalenbank.31286
De famylje Wesbonk wenne to Ljouwert oan 'e Spanjaardsloane. Myn suster hat dêr faem west. Dêr kaem ek altyd in werkster, dat wie in troude frou. Op in kear fortelde dy werkster, dat har bern siik wie. Dat woe mar net betterje. It kwynde. Doe wie se nei in duvelbanster tagong. Dat wie Smoarge Jantsje, dy wenne to Ljouwert. Dy sei, it bern wie bitsjoend....
nl.verhalenbank.31906
Een verekrans in 't kusse, dat was een teken van hekserij. As d'r iemand ziek was.
nl.verhalenbank.70518
In suster fan ús mem is as fanke bitsjoend woarn. Sy woenen wite hwa't it dien hie en doe woarde der in krús op 'e daem set. Doe kom it buorwiif der oan. Mar dy koe noait oer it krús hinne komme. Hja hie der mar foar omkjirme en raesd. Mar it bern hie al trije krânsen yn 't kessen. It is stoarn. 't Wie alve jier âld.
nl.verhalenbank.15630
Tsjoensters foroaren har faek yn katten. Hja bitsjoenden foaral bern en makken krânsen yn 'e holkessens. It bern woarde siik en de âlders gongen nei in duvelbander ta. Frânse Hinke fan Rottefalle of greate Wopke fan Kûkherne.
nl.verhalenbank.36177
Hjir yn Stiensgea hat in man wenne, dy fielde him noait rjocht goed. De dokter koe net fine hwat him skeelde. Doe tocht dy man: der kinne wolris forkearde hannen oer my gean. Miskien sit der wol hwat by my yn 't holkessen. Dat wie fan fearren. Hy makke it stikken en doe helle hy der in fearrene krâns út. Tichte by harren wenne in frou, dat wie in...
nl.verhalenbank.32705
Tusken Hijum en Finkum leit de Iestdyk. Hjir wei yn 't earste hûs wenne in húshâlding mei in jonge. Dy jonge neamden se altyd Wâtse Klop, mar hy hiet fan Wâtse Stienstra. Op in kear wie dy jonge yn Hallum. Dêr haldde in âlde frou him oan en dat âld minske joech dy jonge in koekje. Hja sei, de jonge moest dat koekje allinne opite. Dat die dy jonge ek. Mar...
nl.verhalenbank.30113
Dat was vroeger wel, dat werd gezegd, dan mocht je geen appel oprape in de buurt van een toverheks. En wat je nog meer hoorde, op die plek ginge ze altijd met een voer hooi omver. En dan had je toverhekse, die 't bed betoverden, een krans gevlochten in de veren van 't bed. Die erin lag zou ziek worden.
nl.verhalenbank.126077
Op 'e Bulten hat in frou wenne, Piters Lyske, dy rekke bitsjoend. Hja waerd siik en doe founen se in krâns by har yn 't kessen. It wie in frommeske út Bûtenpost dy't har bitsjoend hie, neffens se seinen. It is noch net iens safolle jierren lyn doe't dat gebeurde.
nl.verhalenbank.31543
Ik hie in suster, Griet, doe't it noch in lyts famke wie hat se ris bitsjoend west. Ik wie doe ek noch mar in jonkje. Wy wennen yn Westergeast. Griet die oars net as altyd mar gûle en raze. De tsjoenster wenne yn Westergeast. Dat die Wopke fan Kûkherne ús út 'e doeken. Wy moesten it kessen mar ris leech helje, sei er. Dat ha we dien. Dêr kaem in krâns fan...
nl.verhalenbank.32129
Oan 'e Dykswâl, by de Swemmer lâns, stie in stiennen hûs, dêr wennen twa húsgesinnen yn. Yn 't fortrekje dat op 'e feart útseach wenne in Dykstra, yn dat nei it oasten wenne Antsje, in âld-frou allinne. Antsje wie in tsjoenster, seinen se. Albert wie ien fan 'e bern fan Jurjen Dykstra. Dy woarde syklik. Doe kaem der in buorfrou by harren. Dy sei: "Kin 't...
nl.verhalenbank.36579
35