Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
20 datasets found
Dutch Keywords: ziek Place of Narration: Eastermar
De famylje Wesbonk wenne to Ljouwert oan 'e Spanjaardsloane. Myn suster hat dêr faem west. Dêr kaem ek altyd in werkster, dat wie in troude frou. Op in kear fortelde dy werkster, dat har bern siik wie. Dat woe mar net betterje. It kwynde. Doe wie se nei in duvelbanster tagong. Dat wie Smoarge Jantsje, dy wenne to Ljouwert. Dy sei, it bern wie bitsjoend....
nl.verhalenbank.31906
Wy hienen in âld buorfrou, dat wie Minke. Dy wie siik. Op in kear sei heit: "Hear dy katûle ris roppen. It komt net goed mei Minke." Heit krige gelyk. Minke is al gau dêrnei stoarn.
nl.verhalenbank.28376
Yn 'e Omloop wennen Wibe en Ate Gjaltema. Ien fan dy twa bruorren rekke siik. Hja wienen der wis fan dat hy bitsjoend wie. Yn 'e Rottefalle wenne in duvelbanster, dat wie Frânse Hinke. Dêr gong de broer dy't net siik wie, hinne. Frânse Hinke joech him in drank mei en sei dat er dêr ûndreweis goed op passe moest. It paed gong oer de Trije Roede. Dêr stie...
nl.verhalenbank.33608
It wie yn 'e tiid fan 'e longsykte ûnder 't fé. Der wie in boer, dy hie ek in sike koe. Dy moest ôfmakke wurde. Der stienen twa plysjes by en twa féartsen. Doe woarde Hinse der by helle. Dy sei: dy koe hat gjin longsykte. Hy hat in stik lear yn 'e hals. Doe strûpte er de mouwe op en gong mei de earm ta de bek fan 'e koe yn. Hy helle der in âld skuonsoale út.
nl.verhalenbank.21796
Wy wennen oan 'e Lange Wyk ûnder Harkema. Wy hienen buorlju njonken ús, dêr rekke de frou siik fan. Us mem wie widdoufrou en plichte dêr faek to kommen om it sike minske hwat by to stean en to helpen. Dan nom se in lyts susterke fan my mei, oars wie dy allinne thús. Mar dy buorlju fortrouden de sykte net en tochten dat it sike minske bitsjoend wie. Doe...
nl.verhalenbank.33609
Koarts kin men kwyt wurde yn in beam en op turf.
nl.verhalenbank.20467
Hinse Jehannes de Boer wenne op it Swartfean. Hy wie wûnderdokter en wie in hiele bulte mâns by it fé. Men hoefde allinne mar hwat hier tusken de hoarnen fan in koe mei to nimmen, dan wist hy wol hoe't it der mei it beest foar stie. Alle van der Ploeg fan Eastemar hie him by 't fé helle en him wer fuortbrocht. Doe't se oan it hûs ta wienen, dêr't nou...
nl.verhalenbank.20466
In boer op it Wytfean hie in blastige koe. Hy gong nei it Swartfean, nei Hinse. Dy joech him guod mei, mar it bikom net. Doe gong de boer wèr nei 't Swartfean. Hinse sei: "Op it stuit wjerkôget dyn koe noch net, mar astû aenst thús komste is er oan 't wjerkôgjen. En it kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.20079
In tsjoenster tsjoende by de bern in krâns yn 't kessen. As dy krâns klear wie, dan wie 't bern ek dea. As de lju in krâns yn 't kessen founen, reizgen se nei Wopke ta, dat wie de dûvelbander fan Kûkherne. Dy joech de lju dan guod mei. De krâns moest opbrând wurde.
nl.verhalenbank.29315
Alde frou Reitsma fortelde ek noch, op in kear wie se op 'e fyts nei har dochter ta, dy't yn Rinsumageast wennet. Doe't se dêr oankaem hie se sein: "Nou ha 'k ûnderweis in lykstaesje sjoen. Ik woarde fan 'e wei ôfdrukt." Hja fortelde oan har skoandochter Roas: in eintsje fan har ôf wenne in jonge, dy wie hiel bot siik. De minsken seinen, hy koe net wer...
nl.verhalenbank.28387
Willem Hyles en Antsje wennen op it Swartfean. Hja wienen wonderdokters en holpen in soad minsken. Der kommen us guon by Willem Hyles, dy hienen hynstemige meinom. En hja seinen, hja woenen graech rie ha foar de persoan fan hwa't dat wetter wie. Doe joech Willem Hyles harren in pûdtsje mei hjouwer en beanen mei. Boppedat moesten se ƒ2.50 jaen foar it...
nl.verhalenbank.21808
Ik wie noch mar njoggen jier, doe gong ik al mei nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Bearn Brúnje gong ek mei. Mar dy krige dêr de koarts: de klaeikoarts. Dy koed er allinne kwyt wurde, as er wer nei 't selde plak ta gong. Dat hat er dien en hy hat der noait wer lêst fan hawn.
nl.verhalenbank.29313
Ek kom der us ien by Hinse, dy sei: "Ik ha hjir wetter by my foar ien dy't net goed is. Kinne jo my hwat meijaen foar him?" Hy woe Hinse Jehannes to fiter ha, hwant hy hie wetter fan 't hynder meinom. Mar hy krige Hinse Jehannes der net tusken. Hinse Jehannes joech him guod oer en sei: "Jow dit mar oan 'e pasjint." Doe't dyselde 't thús útpakte, wienen it...
nl.verhalenbank.21798
Durk van der Meer lei mei 't skip yn 'e haven to Eastemar, foar it hûs dêr't nou Willem de Vries wennet. Ien fan 'e famkes rekke siik en Durk en dy fortochten Sieds Iebeltsje, dy't yn 'e keamer dêr foar oer wenne. Dy soe har fanke wol bitsjoend ha. Der sieten krânsen yn 'e kessens. Hja gongen nei de duvelbander ta en krigen it bern wer better.
nl.verhalenbank.21879
Der wie froeger in feint, dat wie in sekere Ruerd, dy farde by Aen fan Huzen (fan Eastemar) op it skip. Se leinen mei 't skip by 't Huzumer fabryk. Doe hearden wy dat der in bern fan Aen van Huzen net goed wie. It tsjirme. Ruerd de feint waerd biskôge as de tsjoenster. Sy tochten dat hy it bern siik makke hie. Der leinen doe mear skippen en 't wienen dêr...
nl.verhalenbank.36695
As men koarts hie, koe men dy wer kwyt wurde troch se op in beam oer to bringen. Dan bigoun dy beam to triljen.
nl.verhalenbank.12523
Alde Siis-Iebeltsje wenne to Eastemar op it Waltsje. Hja wie bolrinster, mar 't wie ek in tsjoenster, seinen de lju. Der wie in siik bern by Durk van der Meer, in skipper. Dat hie hja bitsjoend. Doe binne se hinnegong en leinen duveldrek ûnder 'e planke fan 't skip. Doe kom Iebeltsje dêr net wer mei de bolkoer. Hja doarst net oer de planke, sei se.
nl.verhalenbank.36697
Der wie us in man, dy woe Hinse tofiter ha. It hiet, dat er mei syn wetter by Hinse kom, mar hy hie 't wetter fan 't hynder meinom. Hinse joech him beanen en hjouwer mei om better to wurden.
nl.verhalenbank.23661
Yn 'e tiid fan 'e longsykte fan it fé wie der in koe siik. Dy koe soe nei 't slachtplak brocht wurde, hwant sy moesten him ôfmeitsje, hie de féarts sein. De plysje roan der by. Underweis moeten se Hinse Beest (= H. Jehannes de Boer fan it Swartfean). Dy bliuwt der by stean. "Dy koe," seit er, "is net siik." "De koe is wòl siik", seit de boer. Hinse...
nl.verhalenbank.23660
De moedige dienstmeid van Oostermeer. Het dorp Oostermeer in Tietjerksteradeel heeft evenals honderden andere dorpen een kerk en toren. Maar deze staat niet midden in het dorp, iets wat anders volgens een friesch spreekwoord een noodzakelijk vereischte is. Te Oostermeer staan kerk en toren op eenigen afstand buiten het dorp, geheel alleen tusschen het...
nl.verhalenbank.57762
35