Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: ziek kat Place of Narration: Drachten
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje. Pake en beppe wennen op 'e Noarder Dwarsfeart. In broer fan pake, dat wie Geart Schriemer, dy wie bitsjoend. Hy wie sa siik as in houn en trille fan 'e koarts. Der wie altyd in dikke swarte kat by harren yn 'e buurt en dy hie pake yn 'e rekken. Dat wie de tsjoenster. Pake hie al in pear kear in raem op dy kat...
nl.verhalenbank.19863
In tsjoenster mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet hja sels dea. In tsjoenster kin har yn in kat of in houn foroarje. Soms forgaderje dy katten; ien hat dan de lieding. Jowt men sa'n kat in pak op 'e bealch, dan bliuwt de tsjoenster de oare deis op bêd lizzen. Dêr kin men oan wite dat men mei in tsjoenster to dwaen hat. Hja bitsjoene meastal...
nl.verhalenbank.36712
Yn Lúxwâlde wenne in tsjoenster, dy gong altyd nei de winkel om boadskippen, mar hja bitelle noait. De winkelfrou sei tsjin har: "Jo matte ekris bitelje." Doe kom dat frommes as in kat werom. De beide froulju hienen slim rûzje hawn. Doe't de winkelfrou de kat seach, goaide se har in tsjettelfol siedend wetter oer de rêch. "Hjir, dû smoarge tsjoenster,"...
nl.verhalenbank.26116
Achter ús folk wennen oan 'e Houtigehaechster wyk Japik en Jitske. Jitske wie noait goed. De buorfrou kom by har. Dy sei: "Ik ha in eachje yn 't seil hâlden. Jouns komt hjir altyd in grouwe siferse kat." "Noustû 't seiste, ja," sei Japik, "dy komt alle jounen by ús yn 't finsterbank to spinnen." Buorfrou sei: "Dy docht it dat sy hjir op bêd leit. Dàt is...
nl.verhalenbank.25620
Op 'e Tike, by Rypke en At wienen de bern al ris bitsjoend. De tsjoenster wie âlde Piters Hindrikje, dy wenne ek op 'e Tike. Dy koe har yn in kat foroarje en hja koe troch 't kaeisgat hinne. Sa kom se by de minsken. De bern dy't se bitsjoend hie hienen krânsen fan fear yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.33035
As der ien bitsjoend wie gongen se meastal nei Jonge Jan (Benedictus) om guod. Dat wie de duvelbander fan 't Wytfean. Hy sei dan: Jimme matte al oppasse, hwant der kin ûnderweis wol us in kat of in houn of in hazze by jimme opspringe, dy't it fleske stikken meitsje wol. (Dat wie dan de tsjoenster)
nl.verhalenbank.26118
Wy wennen froeger op 'e Feansterheide. Alde Jiske Wyts wenne flak achter ús. Dat wie in tsjoenster. Dy woe ús as bern altyd graech oanhelje, mar dat mocht net, dêr warskôge heit ús altyd foar. Us Antsjemoai woarde siik. Der kom wol us in dikke kat by ús. Doe't dy der wer us wie, krige heit de tange en sloech him dêr mei. Doe hie dy kat in brutsene poat....
nl.verhalenbank.25212
35