Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik en myn kameraed sieten op in nacht by in âld minske ta de krúslanders. It âld minske lei op bêd. Mar hja wist de oare deis wol to sizzen hwa't har krúslanders stellen hie. Hja hie 't sjoen sûnder dat se út it bêd wei west hie.
nl.verhalenbank.31484
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek oer de heide.
As wy ûndogens wienen, sei heit: Pas op, jonkje, oars sil 'k de wylde lantearnens der yn litte.
nl.verhalenbank.31485
Piter Prikke biwearde altyd, dat er, foardat de tram ried, hy de lantearnen wol oankommen sjoen hie. 't Hienen wylde lantearnen west.
nl.verhalenbank.25627
Yn Warten hie in man kear op kear de wurden heard: De tijd is verschenen, de man is er niet.
De dûmny fan Warten woe 't net leauwe.
Op in kear farde er mei om 't mei eigen earen to hearren. Hy stie achter op 'e skou, op 't skouhúske om 't mar sa goed mooglik hearre to kinnen. Doe liet de skipper dy't skoude, de boat mei in skok foarútsjitte, dat dûmny...
nl.verhalenbank.20398
Op 'e Hearrewei dêr roan us in man, dy hie tabak by him. Twa man kommen út 'e herberch wei, dy hienen in stik yn 'e kraech en roannen mei him op. Hy helle in toppe tabak út 'e kladde, smiet dat op 'e wei en sei: Dêr, duvel.
Dat die er noch in pear kear en elke kear sei er: Dêr, duvel.
Doe kom der him ynienen in ding op 'e holle krektlyk as wie 't in...
nl.verhalenbank.12263
By 't winter mat it ris gebeurd wêze dat der minsken by elkoar stienen op it iis. Dy hearden in stim sizzen: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Dy stim kaem út in wek wei. Efkes letter kaem der ien oanriden en dy ried pardoes op it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31626
Myn omke wenne by de boer. Hy hie twa hynders. Hy hie hwat hier fan 'e moanjes elk apart yn in pûdtsje meinom sa kom er by Hinse de Boer.
"Fan twa sike hynders", sei er, en hy joech it pûdtsje oer.
Hinse seach it hier nei.
Doe die er yn 't iene kladtsje medesyn. Dat kostte fiif en sawntich sinten.
Yn 't oare pûdtsje died er hjouwer en beanen. Dat kostte...
nl.verhalenbank.32460
Der wie in skuonmakker, dy kom op in joun út 'e Trynwâlden wei. Hy hie aerdich hwat jild by him. Doe't er oan 'e Slachtebrêge ta wie, wie't krekt as lei 't him sa by dat der wol us guon wêze koenen dy't it op syn jild forsjoen hienen. 't Wie donker en 't wie in iensume wei. Dat hy tocht: "Ik gean hjir even ûnder 'e brêge."
En dêr wie't al sa. Hy hearde...
nl.verhalenbank.20332
Us oerpake hat alris in bijeflecht foun. Doe't er yn Napoleonstiid in namme opjaen moest sei er: van der Flecht. Fanwege dy bijeflecht. Mar dat mocht net omt 'Flecht' in Frysk wurd wie. Doe is 't 'Vlugt' woarn. Hy hiet sûnt Wibe Popkes van der Vlugt.
It gebeurde yn 1856 of '57. Itske wie myn omke, in broer fan heit. Sy wennen yn in greate plaets oan 'e...
nl.verhalenbank.32912
Alde Gerben Visser wenne op 'e Tike. Hy wie mei de helm geboaren. Op in joun hied er mei 't wiif to praten west. It gong froeger faek op in jounpraten. Se wienen ûnderweis nei hûs ta.
Mast even achter my gean, sei Gerben tsjin har. Is der hwat, Gerben?
Ja, sei er. Doe gong er in eintsje sydlings op in sânpaed.
Even letter sei er: Kinst wol wer njonken my...
nl.verhalenbank.12252
Piter Poes wie in lyts mantsje. Hy wie duvelbanner.
Ik ha him net mear kend, mar ik ha faek oer him fortellen heard. Hy wie duvelbander. As der ien bitsjoend wie, waerd Piter Poes der by helle. Sa wie der op in kear yn Burgumerheide in jonge bitsjoend. Dy jonge wie tige siik. Piter Poes waerd ûntbean en dy dêrhinne op 'e hounekarre, dêr't er 2, 3 hounen...
nl.verhalenbank.31488