Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: zeggen vragen Place of Narration: Drachten
Der kaem ris ien by Sterke Hearke wylst dy oan 't ploeijen wie. Hy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe krige Hearke de ploege beet yn ien hân. "Sjoch, hjir stiet er," sei er, "en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37805
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen. Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei. Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
Der wienen in faem en in feint dy tsjinnen by in boer. De boer en de frou gongen ris op in kear to praten. Hja hienen al iten ré set foar de feint en de faem, mar de feint mocht sa dealese graech pankoeken. Doe't de boer en de frou fuort wienen sei de faem tsjin 'e feint: "Ik sil pankoeken bakke, dan triuw ik de papegaei ûnder 'e hantsjettel." De feint en...
nl.verhalenbank.32892
Der wenne in boer to Súd-Drachten. Japik Ingberts kaem ris by him om in soadtsje jirpels to freegjen. "Mei alle leafde," sei de boer, "mar op ien bitingst. Jo moatte my dêr ris hwat fiten út jou libben foar fortelle. Hwat jo alsa útheefd ha. Kom snein-to-moarn mar." "Krij 'k dan myn jirpels?" "Bêst", sei de boer. De snein-to-moarns, dêr wied er al. De...
nl.verhalenbank.11495
Sterke Hearke wie ris op it lân oan it ploeijen. Doe kom der in man by him dy woe graech wite hwer't dy en dy boer wenne. Mar dat wie sterke Hearke. Hearke hie in hynder foar de ploege oan 'e jageline. Hy tilde mei ien hân de ploege op en wiisde dêrmei it plak oan en sei: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37921
Op in kear doe roan Elte de Hege Wei del by Nyegea. Doe siet dêr in faem to melken. Elte hie toarst en woe graech hwat molke ha. Hy frege der om. "Né", sei de faem. Doe sei de koe: "Jow him hwat molke." Elte koe bûksprekke. De faem woarde sa binaud, dat dy joech Elte molke. Der wienen froeger deurrokers yn omloop. Op 'e pipekop stie yn 't Frysk: "Jow dy...
nl.verhalenbank.25048
Sterke Hearke wenne ûnder Droegeham. 't Wie in dikke brede man. Hy wie in kear op 't lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him. Dy frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe hied er de ploech foarútstutsen en sein: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.27500
De oaijefaer socht kikkerts op. Hy foun in hiele protte. Op 't lêst hied er safolle opfretten dat hy koe gjin mear op. Doe seach er nòch ien, dy pakte er èk mar. Mar hy iet dy kikkert net op, hwant hy wie sêd. Doe fleach er mei dy kikkert fuort. Underweis sei er tsjin 'e kikkert: "Hwat sil ik mei dy dwaen? Opfrette of loslitte?" Doe frege de kikkert him:...
nl.verhalenbank.32898
Hoe't de nammen Eastemar en Sumar ûntstien binne. Der wie in jager, dy skeat in hazze. Der kom in man oan, dy frege him: "Wol 't hwat?" "Ja," sei de jager, "mar dit is de earste mar (Doe krige dat doarp de namme Eastemar). "Jonge," sei dy man, "hoe hienen jo dat?" "Och," sei de jager, "samar." Sa hat Sumar de namme krige.
nl.verhalenbank.26052
Der wie in boer, dy hie in sike koe. Hy liet de féarts komme. "Hokker koe is it?" frege dy. "Ja, dat matte jo sels mar útmeitsje," sei de boer, "jo binne op 't lêst féarts." De féarts tochte: "'k Sil dy wol ha." Hy ûndersocht de beesten ien foar ien en op it lêst foun er de koe dy't siik wie. Doe't it nijjier west hie stjûrde er de boer de rekken, dêr't...
nl.verhalenbank.23448
Sahwat in hûndertfyftich jier lyn wenne der yn Assen in faem, dy hie forkearing. Sy moest bifalle fan dy feint. De minsken seinen dat it gjin goed spul wie en sy fortelden it oan 'e burgemeester. Doe gong dy burgemeester nei de faem ta. Hy sei tsjin har: "Hoe bistû yn forwachting kom?" "Dat mei ik net sizze", sei de faem. "Né? Hwerom net?" frege de...
nl.verhalenbank.26121
35