Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: zeggen land Place of Narration: Drachten
Op in kear wie Ymke mei de faem op it lân oan 't jirpelsykjen. Doe smiet de faem him mei in rotterige jirpel. Ymke sei: "Famke, famke, hwat sille dy dy rotterige jirpels raer yn 'e mage sitte!" De jouns doe't se fan 'e jirpels ite soenen, pikte de faem dêr ek fan, mar hja hie hyltyd in rotterige jirpel oan 'e foarke.
nl.verhalenbank.19709
Achter Surhuzum is in greate poel. Dy is midden yn 't lân, dêr't Piter van Bruggen ^ wenne hat. In famyljelid fan ús hat dêr us op in joun om healwei alven by helder ljochtmoannewaer in stim út 'e poel heard. Der waerd sein: "De tijd is der wel, maar de man is der niet." Twa jier letter is dêr in man fordronken. It wie Piterom syn kammeraed. Hy weage him...
nl.verhalenbank.17740
Sterke Hearke wie ris op it lân oan it ploeijen. Doe kom der in man by him dy woe graech wite hwer't dy en dy boer wenne. Mar dat wie sterke Hearke. Hearke hie in hynder foar de ploege oan 'e jageline. Hy tilde mei ien hân de ploege op en wiisde dêrmei it plak oan en sei: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37921
Sterke Hearke wenne ûnder Droegeham. 't Wie in dikke brede man. Hy wie in kear op 't lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him. Dy frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe hied er de ploech foarútstutsen en sein: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.27500
35