Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
26 datasets found
Dutch Keywords: zeggen kerkhof
Yn Wierum wennen twa kammeraden. De iene stoar. De oare gong op in kear, doe't er dronken wie, nei 't tsjerkhôf, nei 't grêf, dêr't syn kammeraed biïerdige wie. Doe sei er: "Hwat dochstou hjir? Ik bleau leaver op sé yn tsien fiem wetter as dat ik hjir lei." Fuort dêrnei gong er nei sé to fiskjen op 't skip. 't Wie blêdstil waer. Hy rekke oer board en de...
nl.verhalenbank.28104
Sa goed as ik it yn ‘t ûnthâld ha, sil ik de stoarje fen it Drylster tsjerkhôfspoek forhelje, sa ‘t ik it fortellen heard ha. Om 1830 hinne, wier der om it tsjerkhôf hinne in grêft, sadat it eins in eilântsje wier, en stie it mei de strjitte yn forbining troch in brechje, dat ôfslten wier mei in houten rafterstek. Nou gou doedestiids it sizzen, dat...
nl.verhalenbank.72430
Myn âlden plichten to sizzen: Der lizze mear bern op 't tsjerkhôf dy't deatsjoend binne as dy't oan in oare sykte stoarn binne. De lju leinen duveldrek ûnder 'e drompel om feilich foar de tsjoensters to wêzen.
nl.verhalenbank.28273
Hy kaem op 84 jierrige leeftyd yn Koudum mei de kapwein en sprong sa út 'e kapwein, oer de tsjille op 'e groun, sunder hwat oan to reitsjen. Doe 't er by 't tsjerkhof kaem, sprong er oer it tagongshekje en sei - in bytsje greatsk - er by: “Ik koe ek noch wol oer de hage.”
nl.verhalenbank.50550
In wikseldaelder rekke noait op. Mar jy moesten him noait hielendal út jaen. Dy't in wikseldaelder ha woe gong mei in swarte kat om 't tsjerkhôf hinne. Dat died er trije kear. En dan rôp er: "Wie koopt er mijn kat voor een daalder?" De trêdde kear wie der ien, dy nom de kat en hy krige der in wikseldaelder foar yn 't plak.
nl.verhalenbank.29333
Der wie in feint, dy wie tige dryst. Op in joun praette er mei in stik of hwat maten ôf, hy soe foar in goune in deabonke fan 't tsjerkhôf helje. Hy gong der hinne en socht even en soe doe in deabonke pakke. Mar doe't er de hân útstuts hearde er in lûd, dat fan omheech wei kom: "Mijn been niet." Twa fan 'e oaren wienen boven op elkoar stean gong en de...
nl.verhalenbank.21169
Der wie nachts altyd hwat op it tsjerkhôf. Doomny woe wol us wite hwat dat wie. Doe gong hy der ris hinne om to sjen. Doe wie dêr in persoan, dy gong boven op 'e oare stean, op 'e skouder tsjin 'e muorre oan. Doomny sei: "Ien ha 'k wolris op 'e oare stean sjoen, mar dêr ek noch in trêdden boppe op noch noait." Doe wie de boppeste sa binaud woarn, hwant hy...
nl.verhalenbank.24020
In oar âld minske sei dat it tsjerkhôf soe op 'e Hoek komme. Dat hie hja sjoen. Dat is ek gebeurd.
nl.verhalenbank.38568
Ds. Beversluis stie yn Feanwâlden. Op in kear wied er by ús beppe op hûsbisyk. Doe sei er: "As ik de tsjerke fol ha wol, dan haw ik dat samar klear. Dan rop ik se allegear fan 't tsjerkhôf ôf."
nl.verhalenbank.37897
Mien schoonvoader dainde indertied bie de boer. Trouwens, wat zoln aarbaiderskinder anders. Boer zien aine zeun was spoukkieker. t Was n vrijgezelle vent. s Nachts luip de jong asmis bie de weg of in t veld, want den mos hai wat zain. n Ongeluk of liekstoaties. Zo komp e op n nacht weer bie hoes en zeg teegn mien schoonvoader: "Ik bin noar Veenhoezn west;...
nl.verhalenbank.43279
Ik hie in suster, dy krige de Spaenske gryp. Dy is stoarn yn novimber 1918. Hja lei achter yn 't hûs yn in bêdsté. Doe sei se tsjin heit: "Lit my op mem har bêd stjerre." Dat wie in bêdsté foar yn 'e keamer, dêr't se de minsken om har hinne hie. "Bring my dêr hinne," sei se, "hwant ik ha de wein al heard. It tiksel dat kreake sa." Heit sei: "Dû mast sa...
nl.verhalenbank.38345
It wie merke yn in doarp. Der wie in faem, dy sei de moarns: "Nou wol 'k joun in feint ha, al sil it de duvel ek wêze." Hja gong dy jouns nei 't dounsjen ta, mar se krige net in feint. Sûnder feint gong se ta de dounsseal út. Hja wie op wei nei hûs ta. Underweis, by 't tsjerkhôf, dêr stie de duvel op 'e wei. Hy hie hiele greate gleone egen, sa kaem er har...
nl.verhalenbank.38342
Der wie jounpraterije by de boer. It gong der fleurich om ta en de praters woarden fol traktearre. De lytsfeint siet ek yn 't formidden. Dy woenen se bang meitsje. Se seinen tsjin him: "Dû krijst fan ús allegear in kwartsje, astû nou nei 't tsjerkhôf ta giest en in deabonke hellest út 'e bientsjekou." De lytsfeint nom it fuortdaliks oan en gong op stap....
nl.verhalenbank.17570
Der wenne yn 'e Boelensloane in skuonmakker, dy joech nergens om. Dy koe alhiel gjin frees. Der wienen guon, dy tochten: wy moesten him oars al ris bang ha. Doe seinen se tsjin him: "Doarstû wol in nacht allinne yn 'e tsjerke troch to bringen by in lyk?" "Hwerom net?" sei de skuonmakker. Doe soe dat dan oangean. Sy dienen in levenden yn 'e kiste, mar dat...
nl.verhalenbank.23818
Yn 'e winter fan 1890 op '91 forgaderde de iisklub to Eastemar. Der woarde forteld, dat der al inkelde lju fordronken wienen. De feint fan Bakker Bouwes, Auke Westra, dy't sekretaris wie fan 'e iisklub, foun dat ôfgryslik. Neat, sei er, griisde him sa bot oan as fordrinke. De oare moarns rekke er mei syn forloofde yn in wek op 'e Burgumer Mar. Hy hat syn...
nl.verhalenbank.27075
Der ware ers drie studente en deervan was er ien, die niet an de opstanding geloofde. De andere twee zeiden op laatst: "Nou, as de dooden dan niet op kennen staan, dan durf jij zeker wel op het kerkhof te gaan, 's nachts om twaalf uur, en driemaal te zeggen: 'Sta op, gij dooden'." Dat dorst hij wel, dat toe gonge ze een weddenschap an. 's Nachts gong hij...
nl.verhalenbank.9333
Kiek, ik bin al 92 joar, man ‘k heb mie nooit steurd aan biegeleuvige dingen. ’t Moakt ’n groot verschil, hou ie vrouger tegenover aal dai flauwekul stonden; wel geleufde aan spoken en heksen, zag ze ook. Over proat wör d’r altied. Hier wazzen stee’n, woar ’t zogezegd nich “deugde”. Dat kön ’n loane weez’n of ’n hoes, of ‘n bossie. Veural op ‘t kerkhof...
nl.verhalenbank.13770
Us heit hie us op in joun nei de faem ta west yn 'e Rottefalle. Hy wenne doe by de boer, ik leau hast fan yn Eastemar of sa. Doe't er yn 'e nacht by de faem wei gong en it tsjerkhôf yn 'e Rottefalle foarby soe, seach er dêr yn 'e homeije in beest stean, dat like in protte op in fôlle. Heit wie net bang en tochte: "ik wol better sjen hwat dat is", en hy...
nl.verhalenbank.17729
Der was in dokter, die liep op in oavend over het kerkhof. Doe was der een achter een sark fandoan komen en die had gesegd met een roar lúd: "Doe hest mij fermoord." "Dan hest noch niet genoech had", had de dokter segd, en doe had er de stok kregen en de man een flinke slag geven.
nl.verhalenbank.28054
Yn Aldskoat wie ris in bigraffenis. Doe't it folk op 't tsjerkhôf wie soenen se de kiste sakje litte. Doe sei it lyk ynienen: "Lit my der út. Ik ha 't hjir sa binaud!" Doe lieten de dragers de kiste los en dy plofte yn it graef. Sy naeiden allegear út, hals oer de kop. Der wie in âld-minske by, dy wie sa rimpen, dat hja stroffele oer in sark en bruts in...
nl.verhalenbank.26050
35