Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: zakken geld
Oan 'e Boppe-wei, op it plak, dêr't letter altyd de woanweinen stienen, sit in kiste mei jild yn 'e groun. Men hat prebearre dy kiste op to dollen, mar hwat djipper men mei de lodde kaem, hwat djipper dy kiste sakke.
nl.verhalenbank.29803
Op in stikje lân by de Boppewei siet in kiste mei jild yn 'e groun. Dêr koenen de lju noait by komme. As se der nei groeven, dan sakke er hyltyd djipper.
nl.verhalenbank.30521
Op 'e Boppewei by de Westerein reizge in hear. Dy spoeke dêr. Hy roan nachts oer 't flakke lân mei in lantearne yn 'e hân. In soad minsken doarsten by nacht de Boppewei net del. Dêr siet ek in skat yn 'e groun, dat wie in kiste mei jild. Dy koenen se noait opdolle, hwant hy sakke altyd djipper. Allinne hwannear't se der in geit mei trije poaten boppe...
nl.verhalenbank.28201
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun, sizze se. Dat hat it jild west fan in hear en dy hear wenne by syn libben yn in moai slot, dat dêr stien hat. As de minsken prebearren dy kiste mei jild út 'e groun to heljen, sonk er altyd djipper ta de groun yn.
nl.verhalenbank.29773
Op 'e Boppewei ûnder de Westerein roan froeger altyd de âlde hear. Dy spoeke dêr. Der sit oan 'e Boppewei by de Skilige Piip in kiste mei jild yn 'e groun. Twa man hienen dêr oan 't dollen west om dy kiste der út to heljen, mar doe't se der oan ta wienen en de kiste bleat kom hienen se sein: "Nou ha wy him al!" En dat wie mis, hwant doe sonk de kiste wer...
nl.verhalenbank.24578
By de Westerein oan 'e Boppewei op 'e hoeke by 't Spûkloantsje sit in kiste mei jild yn 'e groun. As de minsken nei dy kiste bigjinne to graven en se reitsje him mei de lodde, dan sakket er.
nl.verhalenbank.38608
Op 'e Godloaze Singel leit dy skatkiste mei jild bigroeven. De lju kinne him noait út 'e groun wei krije, hwant as se bigjinne to dollen en de lodde rekket it lid fan 'e kiste, dan sakket dy kiste nei ûnderen.
nl.verhalenbank.31016
By de Skilige Piip sit in kiste mei jild yn 'e groun. As se dêr nei grave, sakket de kiste altyd djipper. Dêr spûket ek in âlde mynhear. (Dat is dyselde net by 't Lange Ein.) Dy hat dêr yn in slot wenne. Dy kiste mei jild is fan him ôfkomstich. Hy wol dêr hinne, mar 't avanseart net bot om dêr to kommen. Elk jier komt er mar ien hoannestap tichterby.
nl.verhalenbank.30401
By 't Skilich Pypke sit in kiste mei jild yn 'e groun. Dy kinne se noait omheechhelje, hwant as se de kiste mei de lodde oanreitsje, sakket er djipper. In menearke is dêr yn 'e buert formoarde woarn. Dy spûket dêr altyd noch om, nei't se sizze.
nl.verhalenbank.30079
De Skilige Piip is achter Feanwâlden, oan diz kant de Boppewei. Dêr siet in kiste mei jild yn 'e groun, dêr koenen se noait by komme. In fuorman fan Feanwâlden dy gong dêr ris mei in pear maten hinne yn 'e nacht. Doe bigounen dy maten dêr to graven. Hja stompten mei de lodde op hwat. Dat wie de kiste. Mar dy sakke djipper ta de groun yn, doe't se him...
nl.verhalenbank.30422
10