Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 results
Dutch Keywords: zak man
Sterke Hearke moest eens een zak met geld naar Leeuwarden brengen. Onderweg waren er twee rovers, die wilden het geld hebben. Hearke liet het hen dragen en pakte ze toen beet, ieder bij de arm, zodat ze niet weg konden komen. Ze bidden en smeekten hem om hen los te laten, maar dat deed hij pas, toen ze in Leeuwarden waren. Ze hadden de zware zak met geld...
nl.verhalenbank.28020
It gebeurde, dat Sterke Hearke in sek mei jild nei Ljouwert ta bringe moest. Doe't er oan 'e Bonkefeart ta wie kamen der twa mannen tofoarskyn, dat wienen rovers. Dy pakten him oan. "Hwat matte jimme?" frege Hearke. "Wy matte dy sinten ha", seinen se. En hja dienen in taest nei it jild. Doe sette Hearke de sek mei jild del. Hy pakte de iene bandyt, dy...
nl.verhalenbank.38362
Der wie in man, dy hie syn jild ophelle foar de sûkerij, dy't er forboud hie. 't Wie let op 'e joun en tsjuster. It jild dat droech er yn in pûde, it wie doe allegear noch sulverjild. Yn dy tiid wie 't net feilich bûtendoar, men hie wolris lêst fan rovers. Dat doe't dizze man in pear minsken oankommen hearde, tochte er, ik mat mar fanside krûpe. Doe seach...
nl.verhalenbank.19636
Hearke wie ek stille plysjes, Hy moest ris op in kear jild bringe fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er yn 'e buert fan Burgumerheide wie, kommen der twa manlju ta de wâl út. 't Wienen rovers. Sy seinen: "Je geld of je leven." "Dat kin wol", sei Hearke, en hy naem de ponge mei jild fan 't skouder en sette him op 'e groun del. Doe't de iene him bûgde om...
nl.verhalenbank.27501
Tichte by de Godloas Singel hat in boer wenne. Hy hie ris hwat forkocht en dêr hied er gâns jild foar bard. Dat jild hied er yn in blau sekje op 'e rêch. 't Wie tsjuster doe't er weromkom. Der wienen twa mannen, dy wisten fan dat jild. Dy roannen him tomjitte om him to biroven. Doe't de boer fornom dat der hwat oankom, gong er gau ûnder in omkeard skouke...
nl.verhalenbank.25541
Op in kear moest Hearke mei in partij jild nei Ljouwert ta to foet. Hy droech it yn in sek oer 't skouder. Doe't er oan 'e Bonkefeart ta wie kommen der twa man tofoarskyn, dy soenen him oanfalle. Hy pakte ien fan 'e mannen beet en woe him yn 'e Bonkefeart smite, mar hy kom oan 'e oare kant op 'e wâl tolânne. Doe wist de oare wol hoe let it wie. Dy hied er...
nl.verhalenbank.26143
Froeger wienen der jildsjouwers, dy moesten dan jild forsjouwe foar koopljuwe dy't it jild op in oar plak ha moesten. Dêr woarde Hearke wol gauris foar brûkt. Sa wied er ek ris wer mei in sekfol jild ûnderweis, doe kommen der in pear mannen ta de wâl út. Dy seinen tsjin him: "Wy matte dat sekje mar fan dy ha." "Dat kin wol", sei Hearke, en hy sette de sek...
nl.verhalenbank.28744
Heit fortelde, Sterke Hearke roan froeger wol ris mei jild. Dat wie foar de banken. Dat moest dan nei in oar plak ta brocht wurde. Op in kear moest Hearke dat ek wer ris dwaen. Hy droech it jild yn in sek op 'e rêch. Der wienen in pear, dy wisten dat, dy hienen it op it jild forsjoen. Sy woenen Hearke pakke. Sy pasten op him en hienen har forskûle. Doe't...
nl.verhalenbank.27672
Hearke hat ek stille plysje west: onbezoldigd veldwachter. Op in kear moest er jild ôfleverje yn Ljouwert. It jild hie er yn in pûde oer 't skouder hinne. Der siet nochal hwat yn. Hy gong rinnende wei nei Ljouwert ta. Oan 'e oare kant Hurdegaryp is 't in keal ein. 't Wie jountiid en doe trof Hearke dêr in pear keardels, dy hâldden him oan. "Hwat is dêr yn...
nl.verhalenbank.34524
Yn Aldegea stiet in hûs, dêr stienen froeger trije greate linebeammen foar. Dy hienen har tûken oer de hiele wei hinne. Dêr wenne in skuonbaes yn dat hûs en dêr wie ek sliterij. Gâns boeren stieken dêr simmerdeis oan. Der stien krêbben foar de hynders foar de muorre. Hylke Bakker wenne dêr. Mar earder wenne dêr Theunis Harms Veenstra. Dy wie feanbaes en...
nl.verhalenbank.25052
10