Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: zak Place of Narration: Boelenslaan
Myn âld-omke dat wie Minse Griper. Dy hat hjir skeanoer wenne. Hy liet soldaetsjes út 'e hurddobbe komme troch út in toverboek to lêzen. Dan liet er dy soldaetsjes marsjeare. Wylst er itselde weromlies, gongen dy soldaetsjes wer ta de hurddobbe yn. Mar op in kear doe koed er dat net fluch genôch dwaen. Syn wiif, dat wie Tryn Snipel (in suster fan Antsje...
nl.verhalenbank.17645
Frijmitselers hienen in wikseldaelder. Dy hienen se altyd by har yn 'e bûse. As se sa'n wikseldaelder op ien sint nei útjoegen, hienen se even letter de hiele wikseldaelder wer yn 'e beurs. Dêrtroch hienen dy lju noait forlet fan jild. Mar sy mochten noait wer by de frijmetselerij wei.
nl.verhalenbank.37856
Der wie in faem, dy wenne by de boer. Sy hie dêr net in bêst plak en woarde och sa min bihandele. Dy faem woarde siik en stoar. De boer hâldde it guod fan 'e faem. Doe gebeurde it, dat dy faem alle nachten by de tsjernmoune kom en dêr leven makke. Hja kom dêr om har guod. Doe ha de boer en de frou har guod by elkoar pakt en yn in sek dien en dy op in joun...
nl.verhalenbank.28335
Frijmitselers krije ek jild yn 'e pong. As 't jild op is, hingje se de lege ponge bûtendoar en de oare moarns sit er fol jild. Sij kinne net wer by de frijmetselarij wei. Yn in seker gebou komme se by elkoar en dêr matte se har eed sweare, dat se har oan 'e rigels hâlde sille. Se helpe elkoar altyd. 't Is in komplot.
nl.verhalenbank.28296
Fan 'e frijmetselers mat der om 'e sawn jier ien dea. It lot wiist út hwa't oan 'e beurt is. Sa'n ien is in slachtoffer fan 'e kweade. Frijmitselers ha noait jildgebrek. De iene helpt de oare. Jouns hingje se de lege ponge oan 'e doar, de oare moarns is er fol goud. Sy ha ek in wikseldaelder. Dat is in ryksdaelder of in goune. Dat giet sjesa: Ik keapje...
nl.verhalenbank.27588
Myn pake, dat wie âlde Egbert Sint. Dy hie ek in wikseldaelder, dat wie algemien bikend. Hy hie him ek oan 'e duvel forkocht en hy hie noait jildkrapte. Hy hat my wolris forteld hoe't men oan sa'n wikseldaelder komt. Dû mast in swarte kat yn 'e sek dwaen. Dêr mast mei nei 't tsjerkhôf ta. En dan mast trije kear mei dy swarte kat dêr omhinne rinne. En dan...
nl.verhalenbank.28295
35