Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: wonen optillen Place of Narration: Drachten
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der gong ien nei him ta, dy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe sei Hearke: "Hjir stiet er en dêr wennet er." Doe tilde er de ploech op en stuts him rjochtút as in gongelstok.
nl.verhalenbank.37022
Der wie in man dy wie tige sterk. Dy hie us fan Sterke Hearke heard. Hy woe wol us wite hwa't sterker wêze soe, hy of Hearke. Hy ynformearde hwer't Hearke wenne en doe sette hy de stap dêrhinne. Doe wie dêr in man op it lân oan 't wurk. Hy hie in hynder foar de ploege rinnen. It wie Sterke Hearke, mar dat wist dy man net. "Kenne jo ek sizze hwer't Sterke...
nl.verhalenbank.25697
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen, doe kom der in man by him. Dy woe wolris wite hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke die 't hynder foar de ploech wei. Doe tilde er de ploech op en stuts dy foar him út. "Dêr wennet Sterke Hearke en hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.37131
Sterke Hearke wie ris op it lân oan it ploeijen. Doe kom der in man by him dy woe graech wite hwer't dy en dy boer wenne. Mar dat wie sterke Hearke. Hearke hie in hynder foar de ploege oan 'e jageline. Hy tilde mei ien hân de ploege op en wiisde dêrmei it plak oan en sei: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37921
Der stienen ris in pear mannen by Sterke Hearke to praten. Sy koenen Hearke net. Hearke wie dêr op it lân, hy hie de ploege beet. Doe frege de iene: "Hwer wennet Sterke Hearke eins?" Doe hie Hearke de beide hynders úthechte en hy hie de ploech optild en straelrjocht útstutsen en sein: "Sjoch, dêr wennet Sterke Hearke."
nl.verhalenbank.27513
35