Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: wonen land Place of Narration: Drachten
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Yn Droegeham hat in man wenne dy wie ôfgryslike sterk. Dat wie Sterke Hearke. Hy woarde faek as jilddrager brûkt. Dan moest er freeds jild foar de lju nei stêd ta bringe. Greate Pier wenne yn Kimswerd. Der kom ris ien by him doe wied er op 't lân oan 't ploeijen. Dy frege him hwer't greate Pier wenne. Pier tilde de ploech op mei ien hân. "Dêr wennet er",...
nl.verhalenbank.33224
Yn 'e Houtigehage wennen minsken, dy wienen tige fûl. Sy koenen it net litte op snein to arbeidzjen. Dan stie de man op it lân to hakjen. Dat foel by de buorlju bot op, dy seagen der altyd nei. Op in snein stied er wer op it lân to hakjen. Doe kom der in hiele grouwe, swarte houn oan. Dy gong deun tsjin 'e lodde oan stean. Doe koe de man net in spit mear...
nl.verhalenbank.17745
Der wie in man dy wie tige sterk. Dy hie us fan Sterke Hearke heard. Hy woe wol us wite hwa't sterker wêze soe, hy of Hearke. Hy ynformearde hwer't Hearke wenne en doe sette hy de stap dêrhinne. Doe wie dêr in man op it lân oan 't wurk. Hy hie in hynder foar de ploege rinnen. It wie Sterke Hearke, mar dat wist dy man net. "Kenne jo ek sizze hwer't Sterke...
nl.verhalenbank.25697
Sterke Hearke wie ris op it lân oan it ploeijen. Doe kom der in man by him dy woe graech wite hwer't dy en dy boer wenne. Mar dat wie sterke Hearke. Hearke hie in hynder foar de ploege oan 'e jageline. Hy tilde mei ien hân de ploege op en wiisde dêrmei it plak oan en sei: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37921
Sterke Hearke wenne ûnder Droegeham. 't Wie in dikke brede man. Hy wie in kear op 't lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him. Dy frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe hied er de ploech foarútstutsen en sein: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.27500
Hearke wie ek ris in kear oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy sei, hy woe nei Sterke Hearke ta. As de ploeger him ek sizze koe hwer't dy wenne. Doe tilde Hearke de ploech mei ien hân op en hâldde him op boarsthichte en hy sei: Hjir stiet er en dêr wennet er. Mei de ploech wiisde er syn hûs oan.
nl.verhalenbank.33770
Myn pake hat flak by Sterke Hearke yn 'e Ham wenne. Hy wie yn Hamsherne op in kear oan 't ploeijen. Dêr roannen doe skeanpaden troch en dêr kommen guon oan dy moesten nei in seker persoan ta. Sy bleauwen by Hearke stean en sy fregen: "Kinne jo ús dy man ek oanwize?" Doe sei Hearke tsjin dy mannen: "Ja, ik kin jim àl helpe." Doe krige er de ploech yn 'e...
nl.verhalenbank.29388
35